Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Woarde der in bern mei in helm geboaren, dan woarde dy helm fuort forwidere. Hy woarde net forbrând, mar der woarde gleone jiske op dien. Forbrânne mocht net.
nl.verhalenbank.29397
Hjir yn Drachten wie us in faem, dy hat him útlake.
Doe hat er dy faem ûnder 't dânsjen bifalle litten.
It bern is har ûnder 'e rokken weifallen.
nl.verhalenbank.25590
As jy de helm by in pasgeboaren bern nei boppe ta ôflûke, dan kin dat bern letter yn 'e takomst sjen.
Lûkt men de helm nei ûnderen ta ôf, dan sjocht er net hwat.
Dy't op snein geboaren wurde binne knoffelbân-biners; ek wiersizers (dan matte se ek mei de helm geboaren wêze).
As in helm op in skip is, dan forgiet it skip noait en to nimmer.
nl.verhalenbank.23022
Hwannear't in frou yn forwachting is, mat se noait ûnder in line trochrinne, wurdt der biweard, oars krijt it bern stringen om 'e hals.
nl.verhalenbank.26968
Men mat sa'n minske ek net kjel meitsje mei in kat. Dan krijt se ûngelokkige bern.
nl.verhalenbank.26969
Us mem fortelde: Us heit hat altyd it mal fan in hazze op it bil hawn. Dat wie hjir fan kom, sei mem, doe't beppe, - heit syn mem - yn forwachting wie fan ús heit sprong der in hazze foar har wei. Doe sloech se fan skrik harsels op 't bil.
En dat wie oergong op ús heit.
nl.verhalenbank.33373
Tsearde Oekje wenne yn Boarnburgum. Hja wie yn forwachting. Doe gebeurde 't op in kear dat it feest wie yn Boarnburgum.
Oekje wie dêr ek mei in stik of hwat oare froulju. Doe stie dêr in sweefmalmoune. Oekje sei tsjin 'e oare froulju: "Wy wolle even meiinoar sweve, net?" En dat gong oan.
Oekje bifoel koart dêrnei. Sy krige in soan, dy slingere altyd mei...
nl.verhalenbank.26967
Der hat in boerefeint op 'e Suderdwarsfeart wenne, dy wie ek mei de helm geboaren. Dy tsjinne to Drachten by in boer op it Súd. Tichteby wenne in arbeidersfrou, dat minske wie yn forwachting. Mar hja wie sa soun dat, hja die al har wurk oan it lêste ta.
It fremde wie, as de feint tafallich by har wie of mei har praette, wie er och sa stil en seach mar...
nl.verhalenbank.33773