Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: bevalling Place of Narration: Twijzelerheide
As der ergens pasgeboaren bern wienen, dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. Dat wie om de tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.27379
Kij Plantinga fan Hiltsjemuoiwâlden is myn skoanheit. Dy syn skoansuster, Hiltsjemuoi, wennet oan 'e greate strjitwei by de Koaten. Hiltsjemuoi wyt mear as in oar. Yn 1936 krigen wy in famke, dat woarde dea geboaren. Wy kamen faek by Hiltsjemuoi, dat ik gong dêr hinne om it to sizzen. Sa't ik der by har stie - ik hie noch neat sein - doe sei se: "'t Is...
nl.verhalenbank.34461
Der wienen in boer en in frou, dy hienen in feint en in faem. De boer en de frou dy soenen op in kear to jounpraten. Doe trof it krekt sa, dat de baerch bigje moest. Dêr moest de feint op passe. Om dêr allinne by to wekjen hie de feint net safolle sin oan. Hy sei tsjin 'e faem: "Wolstû my selskip hâlde as de mot bigje mat? Dan kinst my in bytsje helpe."...
nl.verhalenbank.28458
Myn wiif krige mei 't kacheloansetten alris in kear de flam tsjin 'e holle oan. Dêr bleau in read plak fan oer. Hja wie doe yn forwachting. It famke dat geboaren woarde, hie krekt sa'n read plak op 'e holle. It is der letter ôfgong, krektlyk as by myn wiif.
nl.verhalenbank.28832
Rint in frou dy't yn forwachting is, ûnder in line troch, dan is it bern dat geboaren wurdt, bistringe, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.28833
In suster fan Tsjipke siet in kear yn 'e tram. Sy wie yn forwachting. Tsjin har oer siet ien mei in hazzemûle. Dêr moest se hyltyd nei sjen. Doe't har bern geboaren woarde, hie dat in hazzemûle.
nl.verhalenbank.28831
Us mem roan mei de sinteklazekoer, doe't se fan my yn forwachting wie. Fan it hingsel fan 'e swiere koer krige se in read plak op 'e earm. Doe't ik geboaren woarde, krige ik dêr itselde plak. It sit der nòch.
nl.verhalenbank.28830
Yn Brantgum wenne in frou, dy wie yn forwachting. Doe woarde se in kear hiel kjel fan in rot. It famke, dat geboaren woarde krige doe in wang fan rottefel. It siet fol hier.
nl.verhalenbank.28829
Syn wiif wie ek och sa sterk. Hja krige in bern, dat woech sawntsjin poun by de geboarte. (Dat wie Boule Golo.) Hja stie by de wasktobbe mei de pipe oan. Bouke Golo wie ek tige sterk.
nl.verhalenbank.28848
1