Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Oardel jier en in wike neidat ús Gees geboaren is, soenen wy nei ús wurk ta. Doe't wy fuort gongen, sei ús mem: "Nou is 't myn tiid ek."
Deselde deis stoar se. De nachts fan tofoaren hie se in lyts dea popke krigen. Sy woarde mei 't bern bigroeven, togearre yn ien kiste. Der kom in wite pakdoek oerhoeks oer de kiste to lizzen. Sa stie dy op 'e boerewein....
nl.verhalenbank.27419
Us mem wie yn forwachting, sy moest in lytsen ha.
Wy hienen in lyts dykje achter hûs. Dêr kom alle dagen in houn boven op en dy spûkgûlde mar.
"O heden," sei mem, "dit komt net goed. Jij dû dy houn dêr us wei", sei se dan tsjin my.
Doe't it bern der kom stoar it fuort dêrnei.
nl.verhalenbank.27418
Der binne bern dy wurde geboaren mei in flues om 'e holle.
Sokken, seit men, binne mei de helm geboaren. As se dat flues achteroer lûke matte sokke bern letter alles sjen.
As se it foaroer lûke, dan net. By de Petten yn 'e Harkema hat in frommes wenne dat mei de helm geboaren wie. Dy moest der nachts ôf as der letter in sterfgefal wie.
nl.verhalenbank.33297
Myn wiif soe in lytsen ha. Ik moest de froedfrou ophelje fan Surhústerfean. It wie yn 'e nacht. Doe seach ik by 't tsjerkhôf in keardel stean. Ik seach wol dat dat net doogde. Ik sei navend, mar hy sei neat werom.
Doe't ik der op 'e weromreis mei de froedfrou lâns kom, stie er dêr noch. De froedfrou seach it ek.
Wy ornearren dat it de kweade wie. De...
nl.verhalenbank.27293
As froulju safier binne, matte se net mei in kat boartsje. Hwant dan krije de bern in knûstje.
nl.verhalenbank.26361
Op in kear doe moest Hearke sekken fol sie nei de souder bringe. Hearke die syn wurk bidaerd-wei en dat gong de boer net fluch genôch. "Ik kin wol oars, hear", sei Hearke, en doe smiet er de sekken mei sied samar fan 'e groun op 'e koesouder.
Mar dat koe net, hwant doe barstten de sekken.
nl.verhalenbank.28555
Op it Blauhûs wenne froeger in boerefaem. Dy faem krige twa berntsjes, dy wienen fan 'e boer. It wienen twillinkjes. Dy berntsjes hat se weimakke yn 'e kolk.
Letter kom der in oare boer op it spul to wenjen. As dy oan it melken wie, kommen der altyd twa twillinkjes op 'e mjilling achter de kij. Dat wienen twa neakene berntsjes. It wienen deselden dy't de...
nl.verhalenbank.19528