Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Jan van der Woude, syn broer, wenne yn Grinzer Pein. Dy hie in dochter Bintsje en dy wie siik. Sy seinen: "'t Berntsje is bitsjoend." Doe gong Jan nei Frânse Hinke ta, dat wie in duvelbanster yn 'e Rotfalle.
Dy joech him in fleske guod mei. Sy sei, hy moest meitsje dat er dêrmei thús kom en foaral net òmsjen, hwant dan kom der ien, dy soe it fleske...
nl.verhalenbank.23726
Minse Griper wenne oan 'e Spekloane yn 'e Boelensloane. Dy koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Mar hy koe noch folle mear. Hy joech ek wol medesinen. En dat holp ek.
Hy wie ek duvelbander. As der hwat bitsjoend wie, gongen se nei him ta.
Syn wiif, Griet Snipel, koe kaert lizze. Hja koe sjen hwat jo wederfaren wie. Dêr roannen in protte...
nl.verhalenbank.24302
Ritske (v.d Meer) en Aeltsje hienen in jonkje Germ. Dat jonkje woe net groeije. It siet yn 'e pogge. Hja tochten dêr kinne wolris forkearde hannen oer gean, dat se gongen nei de duvelbander ta. It bern wie sa meager as branhout. As Janne Luts (Mulder) dêr foarbykaem woe se altyd graech ris nei 't jonkje sjen. De duvelbander sei: "Sjoch mar ris yn 't...
nl.verhalenbank.31118
Op Feansterheide wenne Sander Hoeksma. Dy syn wiif wie siik.
Doe kom der de nachts in swarte kat yn 'e hûs. Sander der ôf. Dy skeat dy kat.
De oare deis hie âlde Rykele Myt in eech der út. Hja hie mar ien eech mear.
It wie sa dúdlik as hwat. Rikele Myt wie in tsjoenster. Dy hie har yn in kat foroare en Sander hie har it each útsketten.
nl.verhalenbank.24559
Wy ha wenne flak by 't tsjerkje yn 'e Houtigehage.
Anne en Antsje wennen njonken ús.
Op in kear hie ik pine yn 't liif. Doe sei Antsje: "Dû mast in stikje duveldrek opite." Dat haw ik dien, mar ik woe 't letter noait wer ha. Sok raer guod wie 't.
Antsje wie in dochter fan Ritske van der Meer. Har broer Germ wie al us in kear siik. De lju seinen: "Hy is...
nl.verhalenbank.24558
Alde Rikele Myt forkocht ek ierpels. Skoanmem en dy hellen der wol ierpels wei. Dan sei Myt: "Jimme meije myn ierpels wol, hè?"
Skoanheit hie in suster, dy woe der gjin ierpels wei ha. Lutske hiet se. Dy miende mar fêst dat de ierpels fan Myt bitsjoend wienen.
Letter wenne dyselde Lutske op 'e Trije Roede by har dochter yn. Sy wie doe al âld en Rikele Myt...
nl.verhalenbank.24561
Ritske dy wenne hjir yn 'e Houtigehage. Hy hie in fanke, dy tsjirme altyd, dat wie gjin goed spul.
Jehannes Wyts wenne hjir foar by de wei. Dat wie in tsjoenster, dy fortrouden se net.
Op in kear soe Ritske to streupen nei Oerterp. Doe kom der in dikke wite kat by harren. Ritske soe op 'e kat sjitte, mar hy koe der gjin skoat op krije. Hy gong de kat...
nl.verhalenbank.23781
Ik wie in jonge, doe hat Gjets Jel my ris in pepermuntsje jown. Doe't ik thúskom, sei mem: "Hast it opiten?" "Ja", sei 'k.
"Dan bist bitsjoend", sei mem. "Dan sil 'k mei dy nei Frânse Hinke."
Doe rekke ik mei mem nei dat minske ta, dat yn 'e Rottefalle wenne.
"Ja," sei se tsjin my, "dû bist bitsjoend. In âld minske docht it. Dy foroaret har yn in swarte...
nl.verhalenbank.23573
Yn Drachtster Kompenije wenne in frou, dy krige in poppe.
Doe kom dêr hyltyd in âld minske by har, dy woe de poppe sjen. Doe woarde dy poppe siik. Se seinen: dat bern is bitsjoend. Doe hie 't minske dat âld wiif yn 'e rekken. Doe't dy wer kaem hat se har fuortjage. Sy mocht dêr net wer komme.
nl.verhalenbank.22046
Der wie in jonkje, dat woarde greatbrocht by ús folk.
Doe kom der us in frommes, dat wie in tsjoenster. Dy woe it jonkje op 'e earm nimme. Mar dat kearden se, dat gebeurde net. Doe hat se in hin bitsjoend. Wy ha dy hin iepenmakke. Hy wie hielendal úttard.
nl.verhalenbank.23789
Doe't ik noch yn 'e hûs wie hat der ris ien fan uzes siik west. Dat wie noch in lyts jonkje. Mem gong der mei nei Frânse Hinke ta, dy wenne yn 'e Rottefalle. Dat wie in duvelbanster. Hja joech mem in drankje mei. Hja sei: "Nou matte jo ûnderweis goed oppasse, hwant de tsjoenster komt jo tomjitte; dy wol tsjin 'e drank oanrame." Underweis hie der in kat...
nl.verhalenbank.37688
As tsjoensters in bern bitsjoene wolle en dat kinne se net rêdde, en dy lju ha in dier, dan giet dat dier der oan.
nl.verhalenbank.23788
Frânse Hinke hie popkes, dêr stuts se dan yn mei nuddels.
Dan krige it bern pine dat se bitsjoende.
nl.verhalenbank.25612
As men in apel fan in tsjoenster kriget foroaret dy yn in pod. Men mat altyd in stikje apel weismite. Dan wurdt dy pod noait folwoechsen.
nl.verhalenbank.25613
As jo fan in tsjoenster hwat oannimme en dat ite jo op, dan kin se jo bitsjoene.
nl.verhalenbank.23878
Tsjoensters kinne har yn katten foroarje. It binne altyd moai lange katten, dik en grou. It binne gjin swarte en ek gjin bûnte, mar grauwe. As sa'n kat der op út is to tsjoenen, leit de tsjoenster stil en wezenloas op bêd. Dan is der gjin leven yn.
In tsjoenster bitsjoent foaral bern. Ek wol froulju noait manlju.
Hja tsjoenst krânsen yn 'e kessens, dêr...
nl.verhalenbank.24246
Us buorfrou, dat wie Ritske Aeltsje. Sy wenne op 'e Houtigehage. Dêr hie in berntsje bitsjoend west by harren. Doe gongen se nei 't boerke yn Eastemar. It boerke joech in drankje mei foar 't bern. Hy sei, de earste dy't foar de glêzen komme soe, wie de tsjoenster. Mar sy mocht it drankje net sjen.
Doe't er thús kom hienen se de glêzen bihong en doe it...
nl.verhalenbank.25600
Frânse Hinke fan 'e Rottefalle kom altyd by myn beppe Antsje Snipel. It wie mem har mem. Mem wie in suster fan Thomas Clare. Frânse Hinke wie in tsjoenster.
As Hinke kom, sei heit tsjin mem: "Ik wol Frânse Hinke hjir net wer binnen doarren ha. Hja strykt de baerch oer de bealch hinne en dan giet er wer dea." Hwant hja hie by ús beppe ek al in baerch...
nl.verhalenbank.25172
Der wie ek in man, dat wie in tsjoenster. Dêr kom by him op in kear besite. Doe helle dy man in koeke op. Hy sei: "Dy sil 'k sels wol even ompartsje." Doe hat er ien bitsjoend.
't Gebeurde yn 'e Houtigehage.
nl.verhalenbank.25614
Jan Mulder syn frou (Janne Luts) wenne oan 'e Skoallewyk yn 'e Houtigehage. It wie in tsjoenster, tominsten, dêr gong se foar troch.
Ritske van der Meer hie in jonge, Germ (dy wennet nou yn Limburch), dy jonge rekke siik. Janne Luts kom dêr in bult oer 'e flier. Dy jonge wie siik en bleau siik. Der wie neat oan to dwaen. Se hienen alle middels prebearre,...
nl.verhalenbank.28046