Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
As Hindrik Pyk (= Ophuis) by de bargen kom, leinen se de oare moarns dea. Net ien woe him der by litte. Sy woenen him net iens op 't hiem ha, hwant hy bitsjoende alle fé.
nl.verhalenbank.25346
Trapet ien op in pod, dan bigjint it to tongerjen.
Krijt ien in apel fan in tsjoenster, dan foroaret dy yn in pod.
As ien hwat fan in tsjoenster opiet, dan woarde er siik.
nl.verhalenbank.25554
As in tsjoenster in bern in apel of sa joech en it bern iet dy op, dan krige it in pod of in slak yn 't liif.
nl.verhalenbank.32969
Hjir kom froeger in sekere Hindrik v.d. Molen, dy hie pikelhearrings to keap. Wy wienen allegear in bytsje bang foar him, hwant se seinen, as hy it fé oanrekke, dan woarde dat siik. Hy bitsjoende de beesten.
nl.verhalenbank.19509
Marij dy hat har eigen bern Bet bitsjoend. Marij stuts harsels nou en dan yn 'e side. As se dat die, dan raesde Bet it út fan 'e pine.
nl.verhalenbank.21335
Yn Bakkefean wenne in frou dy gong foar in tsjoenster troch. Dêr wienen se allegear sa'n bytsje skruten foar. Sy hie forskillende minsken bitsjoend, nei't se seinen.
Heit kom in kear by har en doe sei er: "Ik woe dat se my ek bitsjoene koenen." Mar doe sei se: "Jo leauwe der net oan. Dêrtroch kinne se jo ek net bitsjoene."
nl.verhalenbank.21179
Us mem en dy ha fan bern oan altyd lapkes mei duveldrek op 't boarst hawn en doe't wy noch fan dy bern wienen droegen wy dat ek. Dat wie der allinne om dat de tsjoensters ús net yn 'e macht krije koenen.
nl.verhalenbank.21390
Ik haw wol ris heard, nim fan in tsjoenster noait hwat oan, dan kin se jo ek net bitsjoene.
nl.verhalenbank.23803
De tsjoensters ha allerhande popkes. Dy stelle minsken foar, dy't se bitsjoene. Sy stekke mei spjelden yn dy popkes. Dan krijt de persoan, dy't it foarstelle moest, pine.
nl.verhalenbank.21543
Imke de Jong hie in húshâldster, dy woe net langer by him bliuwe. Mar Imke koe net sûnder in húshâldster, dat doe liet er har gau de klean útsakje. Doe koe se net fuortkomme.
nl.verhalenbank.21745
Hinse joech ek rie as de tsjerne bitsjoend wie en 't woe net bûterje. Hinse wist dan wol in middel. Hy koe ek minsken fordwale litte. Dat hat er wolris mei jongfolk dien.
nl.verhalenbank.32248
Hindrikje de tsjoenster wenne op 'e Tike ûnder Nyegea. It forhael gong dat se wol us bern bitsjoende. Wy gongen as bern yn in bôge om har hinne, as se foar 't ljocht kom. Der wie ús goed yndruid dat wy net in apel of sa fan har oannimme mochten.
nl.verhalenbank.21181
Tsjoensters hellen altyd de bern by har. Hwa fan dy bern it swakste wie, dat woarde bitsjoend. Sy moesten de bern hwat jaen, oars koenen se har net yn har macht krije.
nl.verhalenbank.25722
In tsjoenster mat om 'e sawn jier op syn minst ien deatsjoene.
Hja moat yn dy tiid ek sawn krânsen yn 'e kessens makke ha.
nl.verhalenbank.26217
Heit handele wol yn skiep. Hy hat wol guon hawn, dy kwynden wei. Dan hie Jan Oenes se bitsjoend.
nl.verhalenbank.20920
Alde Jehannes Ketellapper wenne op 'e Sumarreheide. Syn wiif Jantsje koe in hiel bataljon soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
Ik ha 't sels sjoen. Sy die dat om 'e bern binaud to meitsjen. Wy naeiden altyd hurd út as se ús dêr mei drige. Sy koe mear as in oar.
nl.verhalenbank.12237
As der in tsjoenster by jin is, mat men noait trije kearen achter elkoar 'ja' sizze. Oars hat se jin yn 'e macht. Dat woarde ús as bern al leard. De minsken hienen duveldrek ûnder 'e drompels om har foar tsjoensters to bifeiligjen.
nl.verhalenbank.21372
Op Skûlenboarch sochten âlde froulju froeger alle triedsjes en toukes op, dat de tsjoensters se mar net bisette koenen foar de krânsen.
nl.verhalenbank.12236
Ite jy hwat fan in tsjoenster op, dan foroaret dat yn in pod.
nl.verhalenbank.23599
By uzes thús (Skûlenburch) woe 't soms net tsjernje. Dat kaem neffens ús mem trochdat der in omrinder of sa troch de doar kaem wie en it spul bitsjoend hie. Op sok folk hie se altyd hwat in skalk eech.
nl.verhalenbank.21953