Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: betoverd Narrator Gender: male Place of Narration: Oranjewoud
Der wienen ek minsken, dy bitsjoenden de bargen. Dan woenen dy net mear frette en woarden siik. Sy hoefden allinne mar nei de bargen to sjen, dan wie 't al mis. Sy hoefden har net iens oan to reitsjen. 't Is faek gebeurd yn Jobbegea. It wienen sawol manlju as froulju dy't it dienen. Kwea-minsken neamden se sokken.
nl.verhalenbank.28272
Myn âlden plichten to sizzen: Der lizze mear bern op 't tsjerkhôf dy't deatsjoend binne as dy't oan in oare sykte stoarn binne. De lju leinen duveldrek ûnder 'e drompel om feilich foar de tsjoensters to wêzen.
nl.verhalenbank.28273
It gebeurde yn Jobbegea ek faek dat de tsjerne bitsjoend wie. Dan koenen se noait bûter krije.
nl.verhalenbank.28271
In famke fan myn suster hat ek bitsjoend west. It bern wie al in moai skoftsje siik. Sy hienen de dokter fan 'e Gordyk der by, dy sei: "It bern hat it oan 'e yngewanten." Mar hwat hy der ek oan die, it joech neat. Der hie alris in kear in frou by harren west, sûnt wie 't bern noait goed west. It bern gong achterút as stof yn 'e sinne. Op 't lêst sei myn...
nl.verhalenbank.28270
As in tsjoenster in bern bitsjoene woe, dan kom se by dat bern en dan sei se: "O, hwat bistû in leaf famke (of jonkje)." Sa bigoun it altyd.
nl.verhalenbank.28417
Heit fortelde, yn Langsweagen wienen us guon bitsjoend. Dat wie it wurk fan in kat. Dy kom dêr altyd. Mar dat wie fansels de tsjoenster. Doe stie de man op in kear mei 't gewear klear. Doe't dy kat wer kom wie 't bots-bots. De kat wie rekke yn 'e kop. De oare deis wie der in âld-wiif, dat hie de egen bûten de kop. Dat wie de tsjoenster. Doe wisten se 't...
nl.verhalenbank.28365
Yn Nijeskoat wenne in boer dy hiet fan Schaap. Dy syn kij rekken allegear siik. Sy wienen bitsjoend. Doe gong er nei Gûchelom ta, de duvelbander fan de Knipe. Dy man smarde it fé guod oer de rêch, doe woarden se wer normael en joegen wer molke.
nl.verhalenbank.28356
It gebeurde ek wol dat se de duvelbander ophellen yn Jobbegea. Dan wie hy der sels by.
nl.verhalenbank.28269
Tsjoensters wienen froulju, dy't bern bitsjoene koenen. Sy koenen har ek yn allerhande dieren foroarje. Ien fan 'e bern fan myn beppe rekke us op in kear bitsjoend. It bern wie altyd siik. Doe gong ús pake nei de duvelbander fan de Knipe ta, dat wie Lolke Woudstra. Lolke joech in fleske mei drank mei. Hy sei tsjin pake: "Hjir mastû tige op passe. It mat...
nl.verhalenbank.28268
35