Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
Lutske wenne to Houtigehage. Sy wie in tsjoenster. De minsken koenen it wol oan har egen sjen, dat wienen fan dy spleetsjes, krekt as katte-egen. Sy foroare har ek faek yn in kat. Op in kear hie se in bern fan Ritske Aeltsje deatsjoend. It bern hie 3 krânsen yn 't kessen. Dy hie Lutske dêr yntsjoend. Ritske Aeltsje hat dernei altyd duveldrek ûnder 'e...
nl.verhalenbank.12514
Us Tsjipkje woarde ek al us siik. Doe kom Tet ek us wer in kear by ús. Sjoerd (myn man) syn suster wie ek by ús. Tet sei tsjin Tsjipkje: "Hwat bist in leaf famke, mar jim mem wol net lije dat ik by dy kom."
Ik sei: "Né, dû bliuwst fan har ôf."
Sjoerd syn suster hat har in opstopper jown. Sa is se der út rekke.
Wy ha doe nei in man ta west om rie. Tsjipkje...
nl.verhalenbank.23430
Der wenne njonken ús in frommes, dat hie in pear beesten op stâl. Heit kom us in kear by har. Doe sei se tsjin heit: Sjoch ris, is dat gjin moai hea? En sy liet heit in topke hea sjen.
It kin net moaijer, sei heit, it rûkt as krûd.
Doe smiet se hwat fan dat hea foar de beesten del, mar net ien fan 'e kij dy't der in bek op sette woe. Heit stie forsteld....
nl.verhalenbank.16105
Piter Poes wie de duvelbander fan Sumarreheide.
As jonges rôpen wy him achternei:
Piter Poes
mei de hannen yn 'e boes,
it himd op 'e teannen,
dêr komt Piter Poes oanfleanen.
Ik wie us mei in stik of hwat oare jonges op 'e Pasterijelânnen yn Sumarreheide. Ien fan myn maten sei sa: "Men sjocht Piter Poes tsjintwurdich noait." Hy hie 't net sein, of dêr...
nl.verhalenbank.12229
Yn myn jonge jierren - ik mei sa'n achttsjin jier west ha -, doe wenne hjir in fanke, dat wie altyd siik. De dokter koe neat oan har dwaen. It fanke wie bitsjoend, seinen se. Mar hwa hie 't dien?
De âlden fan it fanke seinen: "It is it wurk fan ús Auk-muoi." Dat minske gong foar in tsjoenster.
Mar hoe koenen se gewaer wurde dat hja it dien hie?
Doe seinen...
nl.verhalenbank.25669
Stammerige Harm wenne oan diz kant de Swadde. Hy hie in wikseldaelder. Hy hie apart in ponkje yn 'e bûs, dêr siet dy wikseldaelder yn. Soms sei er: "Hjir, krij him mar."
Mar dan seinen se: "Net oannimme, hwant dan ha jo in wikseldaelder, en dy wurde jo noait wer kwyt."
Harm hie in lamme hân. Syn wiif bihandele er och sa min. 't Minske wie sikelik en hie...
nl.verhalenbank.28013
In tsjoenster foroare har nou en dan yn in kat. Ik ha wol faek heard dat se sa'n kat in optuter joegen soms en dan hie de tsjoenster de oare deis in doek om 'e holle of in blau plak oan 't wang of sy wie kreupel of sa.
Hja bitsjoende ornaris bern, troch dy bern hwat to jaen dat se opite koenen. Dan woarde dat bern siik en dan reizgen de âlden nei de...
nl.verhalenbank.28204
Alle Tet wie de greatste tsjoenster fan 'e Harkema. Sy wenne op 'e Bulten. Sy koe har yn in kat foroarje. Op in kear, doe't se as kat oan 't spûkjen wie ha se har op 't eech slein. Sûnt hie 't minske altyd in blau eech. Ik haw har noait oars kend. Tet bitsjoende de bern. Dan gong ien fan 'e âlden nei greate Wopke ta. Dy joech in drankje mei en dan sei er:...
nl.verhalenbank.27725
Myn man syn tante dy hie in famke, dat wie bitsjoend.
Sy wennen oan 'e Skieding. Rikele Myt krige dêr de skuld fan. Sy ha alle gatten yn 'e hûs tichtmakke, alles - èk it kaeisgat. Doe ha se in panne mei spjelden oer 't fjûr set. Dy moesten siede. Doe kom de tsjoenster om 'e doar hinne. Dy raesde it út fan 'e pine.
Hja hie it famke in kear in stik brea mei...
nl.verhalenbank.27900
Us beppe wenne yn Hantumer Utbuorren. Sy hat froeger bitsjoend west. Hja wie doe noch jong. Hja hie pankoeken iten by in âld-wiif. Hja wie krekt troud mei ús pake Pier Soepboer.
Sy woarde siik. Pake gong nei Wopke to Kûkherne. It wetter fan beppe nom er mei.
Doe't Wopke dat bisjoen hie, sei er: "Hjir is in drank en nou matte jo gau meitsje dat jo thús...
nl.verhalenbank.23145
Ik wie noch mar in jonkje, doe rekke âlde Hâns Stelwagen siik. Hy woarde sa min, dat der woarde by wekke. Syn soan Japik wekke by him en de feint Klaes Bylsma. De âld man wie bitsjoend.
Doe wienen der ynienen allegear swarte katten achter hûs, 't wie der fol. Klaes en Japik krigen elk in heafoarke en stutsen dy der yn. Mar der rekke noait ien fan dy...
nl.verhalenbank.23029
Myn man syn pake wie bitsjoend troch de boer, by hwa't er arbeider wie. Hy lei siik op bêd. De boer kom alle dagen by him. Dan gong er op 'e stoel by 't bêd sitten. Doe hat pake syn âldste dochter syn holkessen iepen makke. Doe siet dêr in kat fan fearren yn. Dy wie omtrint klear. Sy skuorde de hiele kat útelkoar.
Wylst se dêr mei dwaende wie, kom de boer...
nl.verhalenbank.18097
Froeger hienen se oeral âlde bolkoerrinsters en dy krigen dan rounom kofje en dan kommen se ek wolris by jonge minsken.
Dan rekke der gauris in berntsje siik. Sa wie 't ek in kear yn Feanwâlden. De heit gong mei 't mûtske fan 't bern nei Wopke ta.
"Ja," sei Wopke, "sjoch, dêr komt in forkeard frommes by jimme en dy matte jim fuortstjûre. 't Hie mar even...
nl.verhalenbank.24222
Alde Japik Nauta wenne yn 'e Harkema op 'e Bulten yn in boereplaetske. Dy syn frou wie bitsjoend. Dat wie 't wurk fan Alle Tet. Sy binne doe nei greate Wopke tagong, dy't yn Kûkherne wenne. Dy hat doe by har west.
Wopke lei har yn elke hân in flesse. Dy moest se in skoft beet hâlde. Hja moest se foaral net falle litte. As hja se falle litten hie, dan hie...
nl.verhalenbank.28157
Yn 'e Houtigehage wennen minsken dy hienen in jonkje. Dat rekke siik. Doe gongen se nei de duvelbander ta, hwant der siet alhiel gjin groede yn 't bern. Dy sei: "It bern is bitsjoend."
Sy ha op syn oanwizing it kessen leechhelle. Dêr siet in krâns yn. Doe ha se alles yn 'e hûs goed tichtmakke. Alle iepeningen. 't Kaeisgat en 'e skoarstien en alles. En doe...
nl.verhalenbank.27516
Ik wie in jonge, doe hat Gjets Jel my ris in pepermuntsje jown. Doe't ik thúskom, sei mem: "Hast it opiten?" "Ja", sei 'k.
"Dan bist bitsjoend", sei mem. "Dan sil 'k mei dy nei Frânse Hinke."
Doe rekke ik mei mem nei dat minske ta, dat yn 'e Rottefalle wenne.
"Ja," sei se tsjin my, "dû bist bitsjoend. In âld minske docht it. Dy foroaret har yn in swarte...
nl.verhalenbank.23573
Oan 'e Houtigehaechsterwyk ( = Skoallewyk) wennen Ritske van der Meer en Aeltsje. Dy hienen in jonkje. Dat bern woarde siik, it gûlde en spuide.
"Us Germ is bitsjoend", sei Ritske. Sy fortochten in minske ticht by har yn 'e buert. Sy retten Aeltsje oan om alle skreven by de doarren ticht to stopjen. Ek it kaeisgat en de skoarstien.
In pot mei nuddels en...
nl.verhalenbank.25660
Myn âldste suster Janke lei noch yn 'e widze. Hja is nou al stoarn. Mar doe yn dy tiid kom der altyd in bolkoerrinster by heit en dy oan 'e doar. En dan sei se: "Mei 'k even 't popke sjen?"
Dat sei se dan troch de doar. It bern wie lang net goed, it woarde rûch fan megerens. Heit sei tsjin mem: "Nou mast dy âlde duvel hjir net wer yn 'e hûs komme litte."...
nl.verhalenbank.33001
Ik hie in jonkje, in lytse Gerrit, dy wie troch Alle Tet bitsjoend. It bern wie doe fiif jier âld. Wy wennen yn dy tiid op 'e Bulten, by Tet yn 'e buert. Elke dei kom se by ús. Dan nom se it bern út it bedtsje en dan sei se: "Hwat bistû in leaf jonkje." Sy sloech net in dei oer of sy kom. Dan roan se der samar yn. Sa dryst wie se, en dan it bern mar op 'e...
nl.verhalenbank.23429
Waatsen Nicolai op 'e Tike, dy syn wiif wie altyd siik. Dokter koe der neat oan dwaen. Dat doe gongen se nei Wopke ta. It wiif wie bitsjoend, sei Wopke.
Mar sy woarden net gewaer hwa't de tsjoenster wie. Dat woed er net sizze.
Op in kear hie se in apel krigen fan âlde Tryn.
Dy lei se yn 'e sûkerpot yn 'e kast. It lid kom der op. In pear dagen letter sei...
nl.verhalenbank.12233