Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: betoverd Place of Narration: Oudega
Der wie etlike jierren lyn in fanke yn Aldegea útfanhûs, dat kom fan Tsjalbert. It wie mei dat fanke lang net yn oarder, sy die it raer en foel der soms samar hinne. Martens Ale woarde der by helle en dy sei, it bern wie bitsjoend. Der wienen tsjoensters út Tsjalbert mei it bern hjir kom, biwearde se. Dy foroaren har nou us wer yn eintsjes, dan yn roeken...
nl.verhalenbank.15722
By Oetse en Rins woe it net tsjernje. Se koenen gjin bûter meitsje, de saek wie bitsjoend. Doe gongen se nei Piter Poes ta, de duvelbander fan Sumarreheide. Jan, de feint tocht: "dêr wol 'k by wêze. Ik wol sjen, hwat er docht." Mar op 't lêst fleach er fan klearebare binaudens yn 'e hûs, hwant de koeglêzen wienen der samar fansels útspat.
nl.verhalenbank.15598
To Aldegea wie in jonge bitsjoend. Doe woarde Piter Poes der by helle. Dy stoppe alles ticht, ek de kaeisgatten. Doe toarnde er it holkessen fan de jonge iepen. Dêr kommen in pear krânsen út, dy wienen byinoar naeid mei allerhande soarten jern, dy't se ek yn 'e hûs hienen. Doe woarden dy krânsen forbrând. Doe hat er wetter sean mei nuddels der yn. Dy...
nl.verhalenbank.15599
Yn ien fan 'e polderketen dy't oan 'e Geeuw stienen wie in berntsje forstoarn. 't Wie yn 'e winter en der lei allegear iis. Hja koenen net mei 't lykje nei 't Wêst ta farre, der moest earst iis weislein wurde. Doe't se dêr mei dwaende wienen, kom âlde Martens Ale by har en dy sei: "Jimme hoege it iis der net wei to slaen. Ik ha 't al sjoen. It iis is al...
nl.verhalenbank.15589
Wibe Antsje wie in âld heks. Ik ha wol us in muntsje fan har krigen, mar mem woe net lije, dat ik it opiet, hwant it wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.15710
Op 'e Harste wie ris in bern bitsjoend fan in sekere Melle. Piter Poes sei dat de krânsen moesten forbrând wurde en alle gatten tichtmakke: de skoarstiens, de kaeisgatten, de pinnegatten fan 'e blinen en al sa mear. De tsjoenster wie in âld minske. Dy kom der oanrinnen, mar alles wie fêst en ticht. Sy rôp: "Och heden, Melle, lit my der yn!" Mar dat dienen...
nl.verhalenbank.15715
1