Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik bin mei de helm geboaren. Ik moest altyd alles sjen. Dat fornaem ik it earst, doe wie 'k toalf jier âld. Op in jountiid moest ik molke helje fan 'e boer. It wie noch ljocht. Ik moest skean de fjilden oer. Ik hie in fjildskutte by my lyk as de soldaten brûke. Dêr kaem de molke yn. Op 'e weromreis wie 't skimerich. By de hoeke fan 'e Sânwei seach ik...
nl.verhalenbank.17682
Myn skoanmem kaem ris op in kear rinnendewei fan 't Surhústerfean. Hja moest werom nei de Skieding ta. Doe skatteren der hyltyd eksters om har hinne. Hja tocht: dit bitsjut hwat. Der is thús grif hwat to rêdden.
Doe bigoun se hurder to rinnen. Doe hienen de jonges it bêd yn 'e brân stutsen.
nl.verhalenbank.37841
Wy seagen hjir froeger faek wylde lantearnen. Dat bitsjutte hwat, mar hwat it krekt bitsjutte wisten wy net.
nl.verhalenbank.37776