Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: bestraffen
By greate Wopke fan Kûkherne wienen ris in pear polderjonges. Dy stutsen Wopke de gek oan. Mar dat kaem har djûr to stean, hwant doe't se fuort gean soenen, koenen se net in stap dwaen. In hiel skoft ha se dêr by Wopke op it hiem stien.
nl.verhalenbank.32142
Ik haw ris fortellen heard dat ien earne út in herberch wei (wie 't Swarteweisein) in speake út in tsjil stikken makke fan ien dy't dêr foarbykaem. Dyselde hie him de gek oanstutsen en dat wie syn wraek. Doe koe dyselde net fierder ride mei de wein. (Hy die dat sûnder by de wein to kommen.)
nl.verhalenbank.31321
Tseard van Dekken wie plysje yn Droegeham. De minsken mochten him net lije. 't Gebeurde op Hamster merke dat Imke de Jong dêr wie en dat Tseard van Dekken him de gek oanstuts. Doe sei Imke tsjin Tseard: "Nou sil ik dy sa lang stean litte as ik dat wol." En dêr stie Tseard, wol 20 minuten. Hy koe net fan 't plak komme, oant Imke him forloste.
nl.verhalenbank.32227
Minse Griper wenne hjir tichteby. Minse wie èk jager. Ik gong ris in kear mei him op stap. Wy soenen to jeijen. Minse hie 't gewear by him en sa gongen wy togearre de lânnen troch. Mar ik stapte hyltyd midden yn 'e groppen, ik koe der noait oer komme, al hoe't ik myn bêst ek die. Dat wie Minse syn wurk. Doe kommen wy op in stik lân, doe sei er: "Hjir is...
nl.verhalenbank.25264
Op in kear siet Jehannes Meerstra by in boerke, op Feanwâldsterwâl yn 'e hûs. Dat boerke hie in koe nei de merk hawn to Ljouwert, dy hie er dêr forkeapje litten troch in fékoopman, in joad. It boerke wie de ûnnoazele kant neist. Dy joad kaem by it boerke om to biteljen, wylst Jehannes dêr noch siet. De koopman sei tsjin 't boerke: "Hoe wolle jo it jild...
nl.verhalenbank.31100
5