Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: bestraffen Narrator Gender: female Place of Narration: Harkema
Yn 't hûske, dêr't nou Wiger Koaning wennet (oan 'e Lange Wyk) wenne froeger Jelle van der Wiel mei syn mem. (Jelle wennet nou yn Droegeham) Doe't syn mem noch leefde hat dy my us forteld, dat Jelle hie us hiel bot flokt. Doe wied er tsjin 'e groun oan smiten woarn. Dat wie it wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.22714
Rinse-om hie us in kear spul hawn mei Auk-moai (syn wiif). Hy hat it my sels al us forteld. De moarns hie Auk-moai strûkmoes ite sild. 't Siet al yn in greate panne. Doe hied er út lulkens boven oer de boerekoal hinne pisse. Doe gong er nei 't lân ta to Readskuorre. Dêr moest er skoffelje. Doe't er ien rige skoffele hie gong er nei de oare ein fan 't lân...
nl.verhalenbank.22270
Paulus wie in hiele raren-ien, 't wie de raerste fan Albert en Tet-jonges. Op in kear doe wied er yn 'e buert fan 't tsjerkhôf. Doe wie der samar in fremde kat oankom en dy hie him hielendal toklaud. Dat hie de duvel west.
nl.verhalenbank.22305
In kloftsje folk wie meielkoar fan 't Jachtfjild kom út 'e kroech. Ien fan har bleau mei syn faem achter. Hy hie 't freeslik opsein yn 'e kroech en de duvel der hyltyd mar by roppen. Doe wie der ûnderweis in dikke houn út 'e daem tofoarskyn kom, dy hie him ôfgryslik tatakele. Syn faem wie der by wei roan.
nl.verhalenbank.22307
Myn earste man wie us mei syn broer Jehannes oan 't hofkesjongen. Myn man siet yn 'e apelbeam en Jehannes stie op 'e útkyk om to sjen of der ek us ûnrie oankomme koe. Doe sei myn man: "Jehannes, dû mast de beam net sa skodzje, jong." Mar Jehannes wie net by de beam. Hy stie by de homeije, in hiel ein fierder. It wie de duvel dy't de beam skodde hie.
nl.verhalenbank.22308
Oan 'e Nije Wei, in bytsje achterút, wenne in frommes, dat wie in nuveren-ien. Hja sei 't soms raer op. Griet hiet se. Op in kear doe hie se wer in soad forwinskingen dien en flokt en alsa mear, en doe hie der ynienen in great skiep by de glêzen op stien, folle greater as in gewoan skiep. Dat wie de boaze. Us mem sei: "Jimme matte dêr net lâns gean, it...
nl.verhalenbank.22297
Sytse Jager wie us tichte by de staetsskoalle. Dêr mat er bot flokt ha en spot. Hy sei doe, hy woe de duvel wol us sjen. Doe kom der in hiel lyts mantsje oan, dy smiet him boven oer de hagen hinne.
nl.verhalenbank.22269
Hindrik Holthuis fan 'e Harkema wie froeger in hiele raren-ien. Doe hat de duvel him in kear smiten. Dat is sa bot oankaem, dat dêr hat er altyd hwat fan oerhâlden. Doe is er bikeard en grifformeard woarn.
nl.verhalenbank.24346
35