Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wie ien, dy helle altyd rinten op mei de glêzen wein. Doe wie der us ien, dy sei: "Dat is gefaerlik, hwat jo dogge. 't Is in iensum paed, dêr't jo lâns matte. Jo kinne wolris biroofd wurde."
Mar de man sei: "'t Falt hwat ta."
Mar doe wienen der twa banditen, dy hienen 't op syn jild forsjoen. Dy woenen him deameitsje en birove.
Sy hienen har forskûle...
nl.verhalenbank.19967
Twa arbeiders dy wennen by in boer. Dy hienen dêr al jierren wenne.
Op in kear wie de boer nei stêd en doe bisluten se him to bistellen as er werom kom. Sy forburgen har ûnder 'e brêge en wachten him sa op. Hja hienen it moardark klear. Hja seagen him yn 'e fierte al oankommen. Mar doe't er tichter by har wie hied er oan elke kant ien rinnen. Doe doarsten...
nl.verhalenbank.21165
Doe't ik 26 jier âld wie, wenne ik yn Nijehove. Doe kaem dêr in skipper út Strobos mei syn skipke. Hy frege twa bruorren Cleveringa of se ek sizze koenen hwer't er molke krije koe.
"Dêr by dy plaets wol", seinen se en sy wiisden it plak oan. Dy plaets stiet der noch.
De iene fan 'e bruorren Cleveringa sei: "Jo binne âld frijgesel. Dy boer dêr hat in...
nl.verhalenbank.19701
Piter van der Kloet wenne yn 'e Surhústerfeanster Mieden. It wie hwat in nuvere man. Op in kear hied er nei de froulju ta west yn Greategast. Hy wie al wer by honk. Hy moest oer in barte om op it hiem to kommen. Mar midden op dy barte siet in dikke, grouwe houn. It wie in pûrfremde houn en hy seach Piter mei greate, gleone egen oan. Piter waerd bang en...
nl.verhalenbank.19846