Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik hearde al us in kear in forhael oer in pleachbeest. Dat fortelde my it minske sels, dy't it oerkom wie. It wie in pûrbêst minske, sa earlik as goud en dêr soe har net in ûnwier wurd oer de lippen komme.
Hja wie boerefaem. Hja tsjinne yn Houtigehage by in boer dy hiet fan Sytse de Boer.
Har mem wenne yn Oerterp. Dêr kaem dy faem wei. De boer hie in...
nl.verhalenbank.24664
Der wie ien, dy helle altyd rinten op mei de glêzen wein. Doe wie der us ien, dy sei: "Dat is gefaerlik, hwat jo dogge. 't Is in iensum paed, dêr't jo lâns matte. Jo kinne wolris biroofd wurde."
Mar de man sei: "'t Falt hwat ta."
Mar doe wienen der twa banditen, dy hienen 't op syn jild forsjoen. Dy woenen him deameitsje en birove.
Sy hienen har forskûle...
nl.verhalenbank.19967
Hinse Beest
Yn myn jonge jierren wienen de minsken hjir yn 'e Harkema hiel lichtgelovich. Hjir om ús hinne wienen ferskeidene, ferskeidene betsjoend. Jûnes hienen se slotgatten en alles stoppe, oars koenen de tsjoensters dêr troch fleane . Hjir wenne in âld man, dy neamden se fan Hindrik Pyt, mar hy skreau him fan Ophús. Dy gong foar in tsjoenster. It...
nl.verhalenbank.13005
Tusken Boksum en Blessum wie in binnenpaed mei allegear houtsjes, dy't oer sleatten leinen. Dêr earne stie ek de plaets fan in sekere boer Miedema. Dy boer stie bikend as in from en rjochtskepen man.
Op in kear wie der skoalleforgadering fan 'e Kristlike skoalle yn Boksum. Miedema wie bistjûrslid en wie dêr ek oanwêzich. It woarde nochal let dy jouns...
nl.verhalenbank.33712