Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wie in frou, dy hie in gouden skonk. Hja sei: "As ik der us ôf kom to reitsjen, dan wol ik dy skonk by my hâlde. Dan meije jimme dy der net ôfhelje."
Dat biloofden se har, mar doe't hja stoar, hâldde de man him net oan syn wurd. Hy nom de skonk der àl ôf en it minske kom sûnder gouden skonk yn it graef.
Doe't se ien dei op 't tsjerkhôf lein hie, kom...
nl.verhalenbank.23719
Der wie us in man, dy hie him oan 'e duvel forkocht. Hy moest noadich jild brûke, dat hy tocht, der mat mar in slim set fan wêze. Hja praetten ôf, hy soe in koer ophingje oan 'e hoannebalke yn 'e skuorre en dan soe de duvel dy fol ryksdaelders smite.
Mar dy man gong hinne en sloech earst de boazem der ûnder wei en doe hong er de koer op.
Doe de duvel mar...
nl.verhalenbank.25145
Antsje de Bruine wenne yn 'e Houtigehage. 't Minske hie 't o sa krap. Sy gong froeger in protte to naeijen. Op in nacht hie se thús sitten to naeijen by in ljochtsje. Doe hie der hwat by de doar west.
De doar gong iepen en der kom ien yn. It wie in geest. 't Wie de geest fan har muoike, dy't al dea wie. Kingemoai, sei se tjin har.
"Hwat is der oan,...
nl.verhalenbank.24675
De geast fan 'e forstoarne wurket noch altyd op 'e levende, as dy levende de deade net jown hat hwat him takomt.
nl.verhalenbank.24943
Der wie in man, dy wie foar de twadde kear troud. Mar foardat syn earste frou stoar, hied er har biloofd, dat hy soe net wer trouwe. Hy hie 't lykwols àl dien.
Op in kear, doe't er op 'e stâl stappe soe om 't fé drinken to jaen, stie syn earste frou samar ynienen njonken him. Letter hat er har altyd by him hawn. Hwer't er roan, dêr wie sy ek.
Dat wie de...
nl.verhalenbank.19624
Klaes Bosma wenne to Nijtap njonken dikke Bôkke (v.d. Burg) op 'e plaets fan Hedzer Brandsma. Hy forlear dêr syn frou. Hy biloofde har fan tofoaren, hy soe net wer trouwe. Mar hy hâldde him net oan syn wurd. Hy troude mei in sekere Aeltsje. Doe't se fan 't gemeentehûs werom kommen, siet syn earste frou ek yn 'e wein. Hja kom letter hyltyd wer by him....
nl.verhalenbank.24942
As jo ien hwat bilove, foardat er stjert, moatte jo dy bilofte neikomme, oars krijt de deade gjin rêst.
nl.verhalenbank.33340
Der wienen us in pear mannen oan 't slatten. Doe hearden se sjongen. Dêr wienen twa froulju oanfarren kom yn in boatsje. Prachtich-moai hienen dy song.
Doe't se by de wâl wienen, forburgen se har boatsje yn 'e reiden en sy gongen fierder, al mar sjongende.
Mar de mannen hellen gau it boatsje dêr wei en brochten it op in oar plak.
Doe't de twa froulju...
nl.verhalenbank.25469
Men mat noait hwat oan in stjerrende bilove, hwant it kin us wêze, dat men it net folbringe kin. Dan komt de deade werom en kriget men der lêst fan.
De deade hat dan gjin rêst.
nl.verhalenbank.23018
Der wienen in man en in frou, dy hienen seis bern.
It minske woarde siik en der kom in oare frou oer de flier dy't it wurk die. Dat wie in flink minske dy't goed op 'e frou paste. Mar al har goeije help mocht net bate. De frou stoar oan 'e sykte.
Sy hie bigeard, dat it minske, dat har forsoarge hie, dat moest har klean ha.
Mar dat die dy man net. Hy joech...
nl.verhalenbank.24556
Ik en myn wiif wienen us to jounpraten by in boer yn Haulerwyk. Doe fortelde dy boer ús, der wennen by in boer in greatfeint en in lytsfeint. Dy greatfeint en dy lytsfeint sliepten by elkoar yn 't selde bêdsté. Mar dy greatfeint hie in swier lot. Alle nachten om tolve ûre moest hy der ôf. Dan woarde er kloppe. Dan stie 't wite hynder foar 't bêdsdoarke en...
nl.verhalenbank.32685
Der wie in man, dy wie troud. Syn frou rekke oan 't sukkeljen. Doe sei se us op in kear: "As ik hjir wei reitsje, dan hoopje 'k datst net wer trouste. Dat mast my bilove."
Hy sei: "Ast it graech wolste, dan biloof ik dy dat."
Hja rekke der ôf en de man seach net nei froulju om. Mar dat foroare letter. Doe kom er yn 'e bisoeking. En hy troude wer.
De jouns...
nl.verhalenbank.23513
Tinalinge is in soarte fan gehucht yn Grinslân. It leit tichte by Mensingeweer. Dêr stie in boerepleats. Dêr tsjinne in sawntich jier lyn in faem, dy hie in wyld hier yn 'e nekke. Hja koe noait in fatsoenlike feint krije omdat se sa bluistrich wie en sa wyld en alles der mar útflapte hwat har foar de mûle kaem.
Op in kear doe wie 't kermis. Dêr woe se...
nl.verhalenbank.19844
Der wie in feint, dat wie noch famylje fan my. Dy hie forkearing mei in faem, dy wenne op 'e Trije Roede.
Hy hie dêr op in joune west, doe hied er sein: "Sjoch, dêr giet noch ien hinne." 't Like hiel fremd. It sweefde mear as dat it roan.
Hy sei tsjin 't fanke: "Hwat is dat? Dy giet nei jimmes ta."
"Ja," sei se, "dat is ús mem." (Hja wie al in skoft dea)....
nl.verhalenbank.25165
Oege van Dijk wie timmerman. Hy timmere yn Droegeham. It wie in man dy't leaude oan God noch syn gebot. En hy swearde en swetste om 't leven. De maten dy't him holpen gong it soms to mâl. Op in joun sei in opperman tsjin him, doe't er wer los west hie: "Wy binne ek net gelovich, mar dit giet to rûch." "O ja?" sei er, "my net."
"'t Wurdt aenst donker," sei...
nl.verhalenbank.19847
Us heit hie in broer, dat wie Willem Meijer. Willem stokje neamden se him altyd. Dy forlear syn earste frou. Hja hienen in dochter, dat wie Geeske.
Doe't hja forstoar sei se, Geeske, har âldste dochter, moest al har klean ha. Mar dat gebeurde net.
Letter kom dy earste frou alle jounen yn 'e keamer. Doe ha se de doomny der by helle. Dy hat in gebet dien en...
nl.verhalenbank.26043