Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Alde Hinse Jehannes de Boer fan 't Swartfean krige us op in nacht selskip fan in pear man doe't er ûnderweis wie. Hy tocht: "Dy wolle my birove."
"Ik mat earst efkes mei de âlde ôfrekkenje", sei er. Wylst draeide er mei de hakke in kûle yn 'e groun en lei dêr twa ryksdaelders yn. De twa naeiden út, sa hurd as se koenen.
nl.verhalenbank.20473
Der roan us yn 't foarige op in jountiid let in man to Eastemar de paden del. Hy roan fan 'e buorren nei 't Heechsân. Doe't er oan 't Liuwelân ta wie, seach er dêr in man stean. Midden tusken in keppel skiep yn. Hy fortroude it saekje net en sei moai foars: "Hwat matstû dêr. Skiep stelle?" En dêr kommen noch in pear sterke wurden achteroan.
Mar doe kom dy...
nl.verhalenbank.15754
Der wienen, twa man, dy sprutsen togearre ôf, de earste de bêste dy't se tsjinkommen, soenen se neisjen. Tafallich wie dyselde Sterke Hearke. Sy pakten Hearke en soenen him oer de wei smite, mar dat koenen se net rêdde.
Hearke krige de beide maten topakken en hy sloech se mei de koppen tsjin elkoar oan en luts se doe wer útelkoar. Doe hienen se har...
nl.verhalenbank.19945