Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Janne Durkje hie har man Jan hiel min bihandele. Sy doarst nachts noait allinne to wêzen doe't se har man yn 't graef hie. Alle nachten gong har man letter yn 't swart klaeid mei in lange jas oan en in hoed op nei de souder ta.
Dan dindere it théguod en 't gong der sa bot op 'e souder om wei, dat sy koenen it op 'e wei hearre.
nl.verhalenbank.38698
Doe omke en muoike hwat âlder waerden, rekken se nei Drylts op in koumelkersspul. Doaijemoai seach der wakker tsjen oan, mar omke Hessel sette troch. Skriemende roun se troch de buorren. Har nichten, dy meiholpen to forfarren, seine: “Haldt dochs op fan gûlen; hwat moatte de minsken wol tinke.” En letter mocht se nearne leaver wenje!
Yn dat spultsje hiene...
nl.verhalenbank.43174
Alde Jehanne Durkje wenne yn 'e Boelensloane. Der wenne in famke by har, dat wie in beppesizzer. Dat bern hie dêr in min leven.
Op in moarn kom âlde Jehanne Durkje mei 't famke by ús. Sy hie de kroade by har om baggelers op to heljen. Durkje wie kreupel. Doe't de baggelers yn 'e kroade sieten moest Durkje skouwe en 't famke moest lûke mei in tou.
Mar dat...
nl.verhalenbank.29409
Janke was troud met Gosse Meijer, een broer fan Piter Meijer. Hoar man behandelde hoar skandoalich en liet hoar in de steek. Toen ging Janke noar de sakjeplakkerij in Houtigehage. Doar was Klaas Tuinstra de boas fan.
Moar se werd siek. Se moest rusten op bedde en kreeg de fliegende tering.
Klaes Tuinstra, hoar boas, besocht hoar elke dag.
Janke was wel...
nl.verhalenbank.26881
Fije Antsje hat Baeije yndertiid bitsjoend. Doe ha se Piter Poes der by helle. Dy wenne op Sumarreheide. 't Wie in duvelbanner. Hy kaem op 'e hounekarre.
Doe't er 't minske bihandele hie moest se pisje. En doe pisse se in pod.
nl.verhalenbank.38177
Jurjen en Melle har heit wie overleden. De widdou bleau mei de beide jonges sitten, dat wienen doe noch mar fan dy baeskes. Doe sei greate Sjoerd op in kear tsjin har: "De earste man dystû hjoed tomjitte komste, dat wurdt dyn twade man." En dat kaem ek sa. Har twade man dat wie Abraham van der Leest, in broer fan har earste man.
nl.verhalenbank.31810
By de Fjouwer Roede yn Boelensloane wenne in âld frou, dy hie har man sa min bihandele. Dy man kom nei syn dea sa nou en dan wer by har. Dan bigongen de kopkes yn 't théblik to ratteljen en to skodzjen. Dan hie 't minske rêst noch dûr.
nl.verhalenbank.27892
In neef fan ús hie in húshâldster. Hy hat har skandalich bihandele. Doe't it minske âld waerd, wie se der al hielendal oer. 't Wie in stumper.
As hy by 't winter fuort gong moest it sloof yn 'e kjeld sitte. Dan boun er earst in tou om 'e kachel hinne, hwant hy sei, 't wie net fortroud dat sy mei de kachel om gong.
Letter, doe't se stoarn wie, koed er har...
nl.verhalenbank.22123
Gjert bihandelde Antsje sa min, dat it sloof hie noait sinten om hannen. De bern roanen mei de honger yn 'e hals om. Der wienen twa. Antsje roun faek genôch skriemend om 't hûs hinne. Gjert hâldde alles sels. Antsje wie skroar.
Op in kear foun Antsje twa ryksdaelders.
Hja naem se op en frege: "Binne dy fan jo, Heare?" Doe hearde se in stim fan boven, dy't...
nl.verhalenbank.19774
Twa pearkes út Aldegea gongen ris nei Hinke Kaert ta to Nijebrêge. Hinke koe de takomst foarspelle. It wienen boeredochters, de fammen en ik tsjinne by de âlden fan de iene. Ik sliepte nachts ek by dy faem. Hja fortroude my altyd alles ta. Doe 't se by Hinke Kaert west wie fortelde se my har wederfaren. Hinke hie sein: Dêrstû mei trouste, dy moat ûnder...
nl.verhalenbank.9650