Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Hoe't de nammen Eastemar, Sumar en Akkrum ûntstien binne:
Der wienen in pear manlju út 'e Rottefalle, dy soenen in feart grave. Doe kommen se op in plak, dêr woenen se úteinsette.
"Earst hjir mar bigjinne", sei der ien. Der wienen guon dy hearden dat en doe joegen se dat plak de namme Eastemar.
Doe't se in ein fierder wienen kommen se op in plak, dêr sei...
nl.verhalenbank.32957
Ik ha faek nei Grinslân to arbeidzjen west. Yn Middelstum wie 'k by in greate boer. Dy woe noait ha dat wy op moandei mei in nij krewei bigounen. Altyd kom der op saterdei mei 't mes ien skeaf ôf en dan farden wy moandeis fierder. Dat die hy der om omdat der forkearde moandeis (kwea-moandeis) yn 't jier wienen.
nl.verhalenbank.33616
As men de moandeis bigjinne soe to sichtsjen op it Wytfean, dan bigoun men eins al op saterdei. De saterdeis waerd der in lyts stikje nôt sichte, dan wie der al in bigjin makke mei 't kerwei. Dit die men omdat der forkearde mendjes (kwea-mendjes) yn 't jier binne.
Skippersfeinten woarden ek noait op moandei ynhierd, mar altyd op tiisdei (yn 'e wetterhoeke).
nl.verhalenbank.12269