Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Yn 'e Houtigehage wie us ien stoarn, dy kom nei de dea hyltyd wer. Doe ha se in dûmny ophelle dy't dyselde forstoarne oansprutsen hat. De dûmny frege hwat syn bigearte wie. Doe sei er, hy hie gjin deaklean meikrige doe't er stoarn wie. Doe ha de minsken op oanrieden fan 'e dûmny op in joun deaklean foar him op 'e tafel lein. Dy nachts kom de forstoarne en...
nl.verhalenbank.17735
Yn Egypte wenne in man, dy syn wyfke forstoar, mar nei har dea kom se alle dagen by him. Hy helle de dûmny der by, dy't har oanspruts en frege hwat se bigearde. Oan dy dûmny joech se har bigearte to witen. De man foldie oan dy bigearte en it spoekjen wie dien.
nl.verhalenbank.15731
As der ien stoarn wie en dy hie noch in bigearte, dan oppenearre sa'n ien him letter. Dan moesten se datselde, hwat er bigearde, op it graef dellizze. 't Wienen yn 'e regel klean.
nl.verhalenbank.28439
Piter Simens Kloosterman wie in boer. Dy wenne op 't Kleaster. Hy hie bigeard, hy woe steande bigroeven wurde. Dan koe er it lân oersjen. Mar sy dienen it net. Doe kom er werom. Hy kloppe by syn folk oan 'e doar. In pear kearen ha se him sjoen. Doe ha se der in dûmny by helle. Dy hat him oansprutsen en frege, hwat syn bigearte wie. Doe ha se nei 't graef...
nl.verhalenbank.20677
To Westerhorn yn Grinslân stie in boereplaets dwars by de wei lâns. Dêr yn dy plaets wie 't net plús. It spûke dêr alle nachten. Twa geasten dwaelden dêr om en de boer, dy't op dy plaets wenne hie dêr in great hekel oan. Hy koe der min oer.
Hy sei tsjin syn buorman: "Ik ha sa'n lêst fan dy spûkerij, wytstû dêr ek ried op?" Hy wist dat dy buorman gjin...
nl.verhalenbank.17637
It gebeurde hjir us dat ien net meikrige yn 'e kiste, dêr't se rjocht op hie. Doe kom dat minske letter werom by har famylje, hyltyd wer. Doe ha se de doomny ophelle en dy frege nei har bigearte. Hja hie net it goede léguod meikrigen. Doe sei de doomny, sy moesten dat guod mar op in stoel dellizze dy jouns. Dat ha se dien en de oare moarns wie 't der wei....
nl.verhalenbank.23787
In deaden moest alle guod mei ha dat him takom, lyk as in himd, in sliepmûtse, oars krigen de minsken dy't yn leven bleauwen, lêst en dan woarden se pleage.
Dan woarde âlde Piter Poes helle. Dy moest de deade oansprekke. As der dan hwat miste, dat de deade ha moest, dan krige Piter Poes dat yn 'e tange en rikke it sa de deade ta. As er it mei de hân jaen...
nl.verhalenbank.23350
In wjerwolf is in bigearich minske, in albigear, dy't alles ha wol en noait forsadige is.
nl.verhalenbank.37669
In âld man fortelde my, der wie in minske stoarn út in húshâlding wei. Hja wie de mem fan trije bern.
Doe't dat minske al in skoftsje dea west hie, seinen de bern: "Heit, mem hat hjir hjoed ek west."
"Dat kin net", sei de man. Hy wie oerdeis oan 't wurk. Mar it gebeurde al us wer en al us wer dat de bern seinen: "Mem hat der west. Hja hat by de tafel...
nl.verhalenbank.23838
Yn Sumar wenne in boer, dy hie syn folk (syn heit en mem) min bihandele. Dy boer kom to forstjerren. Mar de erfgenamten fordielden it erfskip net lyk as hy bigeard hie. Hy hie der by sein as se dat net dienen lyk as hy it ha woe, dat er dan wèr kom. En hy kòm wer. Hy koe de rêst net fine. Alle moarnen stie er op 'e achterhússtrjitte as se bigounen to...
nl.verhalenbank.29464
To Wergea tsjinnen in feint en in faem by de boer. It praetsje gong dat it dêr spoeke op dy plaets, en dêr wie de faem deabinaud foar.
It gebeurde yn 'e simmer op in moarntiid ier en bitiid.
De feint wie mei de dongwein op 'e rin (= hy wie yn 'e skiterij). Alhielendal neaken roan er nei 't húske ta.
De faem, dy't der ek al yntiids ôf wie, seach him...
nl.verhalenbank.27739
Der hat froeger in dûmny west, dy syn frou wie forstoarn. Mar letter kaem dy frou jouns altyd by him yn 'e hûs. Dan gong se nei de hurbe (= hurddobbe) by 't fjûr. Dûmny waerd der bang fan. Mei noch in oare dûmny spriek er har oan, doe't se op in kear wer kaem.
Doe sei se, der siet jild yn 'e hurbe. Dat jild moest fordield wurde ûnder 'e wezen en...
nl.verhalenbank.20724
Weerkomen.
Er bint wel mensen, en doar zegt ze van dat ze weer komen. En dat, dat is wel zo. Net zo as ze west bint, zo komt ze weer; in de geest. Ik heb in Uelsen (Duitsland) ewaarkt en doar is dat gebeurd. Vlak bie de kerke woonde Bonnink. Die Bonnink wur ziek en sturf. Toen ie begraavn was, kwam ie ieder moal weer; ie gung dan naar de kamer, waar ie...
nl.verhalenbank.43914
Men hearde hjir yn 'e Westerein wolris praten oer minsken dy't al lang dea wienen, mar dy't men letter wer seach. Sokken koenen de rêst net fine. Hja hienen faek in bigearte.
nl.verhalenbank.32040
Yn Grinzer Pein wennen minsken yn in hûs, dêr spûke it.
Yn 'e kelder hienen se brún-stiennen skiepmelkerskoppen. Dêr woarde altyd op skreaun. It doogde net yn dy kelder. De man dy't dêr wenne, hat yn 'e kelder oan 't graven west, hwant hy tocht dat dêr in deaden yn lei, dy't in bigearte hie, mar hy hat neat foun. Hwat dat west hat mei dat skriuwen binne...
nl.verhalenbank.37773
Der leefde in man, dy forlear syn wiif. Hja hie in hiele protte klean fan har sels yn 'e kast. De man troude wer en sei tsjin it twadde wiif: "Jo kinne dy klean wol drage."
Doe seagen de bern har mem hyltyd wer kommen. Hja spoeke en roan nei de kast ta. Dat gebeurde wit hoe faek. Allinne de bern seagen it en sy fortelden it oan har heit. Mar dy woe 't net...
nl.verhalenbank.19663
Op 'e Tille hat in hûs stien, dêr woe net in minske yn wenje. Hwant it spoeke dêr. Alle jounen kom der ien by de doar. Dy kom út it graef wei. As se fregen: - Hwat matte jo -, dan sei 't spoek neat werom.
Doe gongen se op in kear nei de doomny ta. Dy kom der by. En dy, het it spoek oansprutsen.
Hy sei: "Hwat binne jou forlangens?"
Doe sei se, hja hie net...
nl.verhalenbank.21539
Anne Karl wenne op 'e Sânbulten. Hy wie us yn Grinslân oan 't sichtsjen op 'e klaei. 't Wie achter Warffum. De plaets fan 'e boer stie pûr op 'e rûmte.
Op in joun soed er nei 't doarp ta to skearen. Hy woe it koartste paed mar nimme, mar dat rette de boerinne him sterk ôf. Hwant op dat paed, dêr doogde it jouns net, dêr spoeke it. Sy rette him oan foar...
nl.verhalenbank.19662
Hjir yn 'e omkriten mat us in frou west ha, doe't dy kom to forstjerren, hie se net meikrigen yn 'e kiste, dêr't se rjocht op hie. Doe koe dat minske de rêst net krije en sy oppenearre har altomets by har folk.
Doe hat doomny har oansprutsen en doe sei hja hwat se bigearde. Doe ha se dat har dan jown.
Mar doomny sei der by: "Tink der om, en jow 't har net...
nl.verhalenbank.25832
By âlde Minse Griper kommen nachts wol us forstoarne minsken, seinen se, dy't in bigearte hienen. Minse Griper moest dan it boadskip trochjaen.
nl.verhalenbank.23502