Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
By ús Bintsjemoai wie ien fan 'e bern bitsjoend. De tsjoenster wie in rot. Dy kom oer de souder, dan liet er him troch in gat falle en kom sa by it bern op bêd.
nl.verhalenbank.19359
Tsjoensters gean der yn 'e nacht op út. Alde Fogel die dat ek. Sy seinen, dan liet se de pânse op bêd achter.
nl.verhalenbank.23909
Rekket men in tsjoenster mei roggekerlen yn 't gewear, dan leit hja de oare deis op bêd en oeral, dêr't hja rekke is mei de rogge, binne reade plakjes.
nl.verhalenbank.20962
Yn 'e Hamsterheide gebeurde it, dat in heit en in soan oan it braekjen wienen. Doe kom dêr in kat by har, dy wie wol twa kear sa dik as in gewoanenien. De heit krige in stok en sloech it beest sa bot, dat it bleau foar dea lizzen.
De frou rôp de beide manlju yn 'e hûs om to kofjedrinken. Doe't se in setsje letter wer yn it braekhok kommen, wie de kat...
nl.verhalenbank.21251
Der wenne ek in tsjoenster yn 'e Harkema dy gong der yn 'e nacht altyd op út. Dan bleau de man op bêd lizzen. As er dan om him hinne taestte, dan lei der in koepânse op bêd. As hy der mei in nuddel yn stutsen hie, hie hja dea west.
nl.verhalenbank.29348
Ik hie in jonkje, in lytse Gerrit, dy wie troch Alle Tet bitsjoend. It bern wie doe fiif jier âld. Wy wennen yn dy tiid op 'e Bulten, by Tet yn 'e buert. Elke dei kom se by ús. Dan nom se it bern út it bedtsje en dan sei se: "Hwat bistû in leaf jonkje." Sy sloech net in dei oer of sy kom. Dan roan se der samar yn. Sa dryst wie se, en dan it bern mar op 'e...
nl.verhalenbank.23429