Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn 'e Himrik stie in woanwein, dêr wenne in man yn, dy wie mei de helm geboaren. Alle nachten moest hy der ôf en nei 't tsjerkhôf ta. Der waerd dan op 'e wein kloppe en dan sei er 'ja'.
Op in kear kom der in lykstaesje lâns by nacht. Dy koe net passeare. Hy moast mei de wein fan 't sté. Dat die er dyselde nachts.
De oare deis forstoar der ien. 't wie...
nl.verhalenbank.21019
Hinke Kaert fan Nijebrêge wie mei de helm geboaren. Sy moest der nachts ôf om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.21026
Guon minsken binne wol oan kant set, as der in lykstaesje oankom. 't Gebeurde hast altyd by nacht.
Guon seagen sa'n lykstaesje fan tofoaren. Dat wienen guon dy't mei de helm geboaren wienen. Sy moesten dan nachts út bêd wei. Sy woarden der útkloppe. Guon stienen dan foar 't finster to sjen. Mar oaren gongen bûtendoar en moesten soms hiele einen rinne om...
nl.verhalenbank.25537
Hinke hat my forteld: "Ik bin mei in helm geboaren. Hie 'k him mar net. Ik sil 't jo fortelle, ik ha der fannacht twa kear út west. Beide kearen ha 'k in lykstaesje sjoen. Hjir ien fan myn neiste buorren, dy hat der aenst west."
En hwat blykt? De oare moarns is de man wol dea. Sy sei, 't siet yn 'e helm.
nl.verhalenbank.23807
Ik en myn wiif ha yn Dútslân wenne. Ik wie dêr yn 'e koalminen. Nachts kom der altyd in nachtmerje by myn wiif. It like raer, hwant wy hienen de doar alle nachten goed fêst, mei de kaei der yn. Dat de nachtmerje koe net troch 't slotsgat komme.
Mar evensagoed hie myn wiif der faek lêst fan.
Wy wennen op 'e twadde stok. Us buorlju wennen boppe ús op 'e...
nl.verhalenbank.26186
In nachtmerje is in frommeske. Struit men moal op bêd, dan komt se net by jin. Hwant dan kin se net wer fuortkomme.
In nachtmerje komt krekt as de tsjoensters troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.25538
Doe't wy to Himrik wennen beamsagen wy winterdeis faek. Heit kocht beammen en der sagen wy skroaten fan. Dêr woarden hekken fan makke.
Doe't ik sa'n seis en twintich jier âld wie, lei 'k op in nacht op bêd en doe goaiden se mei de beammen dat it klonk der oer. Ik wie klear wekker.
Ik sei de oare moarns: wy kinne wol bigjinne to beamsaegjen. Mar der wie...
nl.verhalenbank.21014