Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: bed Narrator Gender: male Place of Narration: Peize
Nachtmerjes komme troch 't kaeisgat by de minsken yn 'e hûs. 't Binne yn 'e regel froulju, mar ek wolris manlju en soms ha se de gedaente fan in dier. As men jiske struide foar de drompel of foar it bêd, dan kommen se net, hwant dêr wienen se bang foar. Sy meije neat meinimme út in oar hûs en jiske, dat kleeft fêst.
nl.verhalenbank.24367
Froeger hienen se oeral âlde bolkoerrinsters en dy krigen dan rounom kofje en dan kommen se ek wolris by jonge minsken. Dan rekke der gauris in berntsje siik. Sa wie 't ek in kear yn Feanwâlden. De heit gong mei 't mûtske fan 't bern nei Wopke ta. "Ja," sei Wopke, "sjoch, dêr komt in forkeard frommes by jimme en dy matte jim fuortstjûre. 't Hie mar even...
nl.verhalenbank.24222
Kei Sytses en 't wiif, dy wennen to Feanwâlden op 'e Fenen. As âlde Gosse jounpraters hawn hienen, dan wist Kei Sytses syn wiif altiten krekt to sizzen, hwa't der west hienen. Der siet dan wolris in kat by Gosse en dy bûten yn 't finsterbank, mar dêr waerd gjin doel op makke. Mar doe't dat faker as ien kear gebeurde dat Kei Sytses wist hwa't der by harren...
nl.verhalenbank.24221
Ien lei op 'e rêch op bêd to sliepen. Doe tocht er: "Hwat wurd ik binaud." 't Wie krekt as knypten se him de hals ticht. Doe taestte hy der nei. Doe hâldde er twa glêdde hantsjes beet, dy hienen him om 'e hals hinne knypt, mar sy gliden him troch de hannen hinne.
nl.verhalenbank.24369
Guon hjirre wienen mei de helm geboaren. Dy seagen dan bigraffenissen fantofoaren. Sy moèsten it sjen, sy gongen der yn 'e nacht ôf. Myn neef hie forkearing mei in dochter fan âlde Ritske Vellinga. Ritske wie soms de hiele nacht der op út, dat hat myn neef my sels wol forteld. Ritske wie mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.23703
35