Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: bed Narrator Gender: male Place of Narration: Augustinusga
Ik wie boerefeint op 't Zandt yn Grinslân. Ik slepte yn 't bûthús yn in bêdsté. Op in kear doe't ik dêr lei, hearde ik fuotstappen de mjilgong delgean. Dy kommen rjocht op myn bêdsté ta. It hearde krekt as wie 't ien op klompen. Hy kom by myn bêd en gong op myn boarst sitten. Ik krige 't sa binaud, dat ik ha de hiele nacht noait in wink yn 'e egen dien....
nl.verhalenbank.27218
Us heite heit fortelde: Yn 'e Harkema wennen se froeger yn spitketen. Dat wienen húskes, meast fan seadden, mei lege weechjes. De muorre fan 'e lege weech wie fan seadden en it tek fan strie. Op in kear doe slepten der froulju ûnder 'e lege weech yn ien fan dy keten op 'e heide. In keppeltsje feinten woe nei dy froulju ta. Hearke kom se oer 't mad. Hy wie...
nl.verhalenbank.21858
Men moast de toffels nachts net foar 't bêd sette; die men dat, dan roan der nachts ien yn om, sei beppe.
nl.verhalenbank.23643
Om gjin lêst fan nachtmerjes to hawwen setten de lju de toffels achterstofoar foar 't bêd del.
nl.verhalenbank.27988
Wy hawwe in bern hawn, dat gûlde nachts altyd. Doe hat myn wiif it bern út 'e widze weinom en yn in bedtsje lein. Noait hat it bern yn 'e nacht wer gûld. Myn wiif sei: dy widze hat bitsjoend west.
nl.verhalenbank.23757
Doe't ús heit sa'n jonge baes wie kom Gjert Frânses to forstjerren. 't Wie op in snein-to-moarn. Hy stie tsjin in beam oan to pisjen en foel dea del. Hy kaem op 't tsjerkhôf, achter de âld-tsjerke to lizzen. Heit wenne yn dy tiid as feintsje by syn omke Jan. Op in kear sei omke Jan tsjin heit: "Romke, jow my dy beam even." Dy beam lei njonken 't paed. Dy...
nl.verhalenbank.32712
Der wenne in man yn Surhuzum, dat wie Sytse Wijma. Dy koe samar midden yn 'e nacht út bêd wei gean, dan moest er in lykstaesje sjen. Dan roan er altyd midden op 'e wei, mei in sage ûnder 'e earm. Midden op 'e wei koe er it better sjen. Hy roan soms hiele einen yn 'e nacht. Hy fielde 't oan. 't Kaem altyd út. As hy in lykstaesje sjoen hie duorre 't altyd...
nl.verhalenbank.37088
Yn 'e Harkema en yn Stiensgea ha 'k wol guon kend dy't nachts fan bêd moesten om lykstaesjes to sjen. Men moest nachts noait midden op 'e wei rinne.
nl.verhalenbank.37102
Myn swager sei, wylst er yn 'e nacht op bêd lei: "Ik seach in dikke murd oankommen, dy kom stadichoan neijer by my. Op 't lêst siet er my op 't boarst. Doe krige ik it ôfgryslike binaud. 't Wie krekt as woarde my de hals tichtknypt. It wie in nachtmerje.
nl.verhalenbank.27667
Ik wie froeger slachtersfeint by Rusticus yn Bûtenpost. Op in kear moest ik nei de slachter yn Burum. Dêr trof ik Jan Hepkes. Doe sei er: "Dêr hie 'k nyskes in nuver gefal." "Hwat dan?" frege ik. "Ik trof in heit mei in soan op 'e wei. Dy woenen nei 't boerke ta fan Warfstermoune. Ik sei: - Hwat dêr -? - Hja fregen my hwer't it boerke wenne. Ik sei: - Dêr...
nl.verhalenbank.37412
De frou har heit fortelde: Ien fan 'e bern wie siik (miskien wie 't myn frou wol). 't Gebeurde yn Hynljippen. Dêr wie skoanheit doe oan 't wurk en hy hie de hiele húshâlding meinaem dêrhinne. Der wie in bolkoerrinster, dy kom alle kearen fêst by heit en dy yn 'e hûs om kofje, en dan seach se ek altyd even by it bern. Hy fortelde op 't wurk dat it bern...
nl.verhalenbank.37404
Guon dy't mei de helm geboaren binne, matte nachts út bêd wei. Dan matte se der op út om lykstaesjes to sjen. Dat soart minsken hienen je froeger oeral wol.
nl.verhalenbank.27982
Yn Surhústerfean wenne froeger âlde Sytse Wijma. Sytse wie mei de helm geboaren; hy seach alle bigraffenissen út 'e omkriten fan 't Fean foarút. It kom altyd nei hwat hy fortelde. Nachts moest hy der faek ôf om lykstaesjes to sjen. It gebeurde wol dat er seach dat se in kiste ûnder 't finster op skouden, dan koe de kiste net troch de doar. Hy hie in soan,...
nl.verhalenbank.34527
35