Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: bed Place of Narration: Nijega
Us pake hie hiel slim de twaddedeiskoarts. De iene dei wie 't goed mar de oare deis wied er skjin forlegen. As er it oankommen fielde hâldde der him mei de hannen oan 'e speaken fan 'e stoel fêst, sa forlegen wied er dan. Mar dan duorre it net lang of hy koe 't net mear op 'e stoel úthâlde. Dan rekke er op bêd. Dan switte er en hy trille. Hy seach der och...
nl.verhalenbank.11542
Us beppe wenne oan 'e Dwarsfeart to Drachten. Elke saterdei kom dêr in boerefrou lâns mei in wite mûtse op en in koer ûnder 'e earm. Der wenne ek noch in frou njonken beppe en dy har bern rekke net goed. It woe mar net wer opknappe, it bleau gammel. De man sei: "It kin wol bitsjoend wêze." Sy krigen it kessen út 'e widze, dêr't it bern yn lei en sy...
nl.verhalenbank.11555
Hjir folget in nachtmerjeteltsje, dat frou Kobus my de foarige kear al forteld hie, mar nou is it efkes útgebreider en oan 'e ein in bytsje oars. It wie yn 'e ûngetiid by in boer to Goaijengeahuzen. Jetse Schot wenne dêr as feint. Hy wie net troud. Us heit kaem by dy boer to ûngetiidzjen. Heit en Jetse sliepten yn itselde fortrek. Jetse wie faek eangstich...
nl.verhalenbank.11509
Doe't myn suster in great fanke wie, sahwat in twintich jier âld, krigen wy in hynder. Dat hynder wie trije jier. Wy kochten it op in boelguod yn 'e Pein. Doe seach myn suster us op in nacht, wylst dat se op bêd lei, dat it hynder hiel wyld woarde. It sloech en it skopte sa bot, dat it trape de muorre der út. Doe sleepten se it hynder yn 'e skuorre en dêr...
nl.verhalenbank.12204
Us heit wie yn 'e ûngetiid by in boer yn Goaijingeahuzen. Dêr wie ek in feint, dy hiet fan Jetse. 't Wie sahwat yn 1905. Jetse hie altyd in soad lêst fan 'e nachtmerjes. "By de jounsbrogge," sei heit, "as wy mei de hannen gear sieten en efkes troch de fingers hinne seagen, dan seagen wy de nachtmerje der wol ynkommen. De feint waerd bleek en mitrich en...
nl.verhalenbank.11485
Der moat in stik roggebrea mei op bêd yn 'e langste nacht (21 desimber). (Ek to Eastemar en Aldegea)
nl.verhalenbank.11526
Der wenne yn Grou in feint, dy liet syn faem yn 'e steek en hy gong nei in oare faem ta. Doe kom dy earste faem nachts by him as nachtmerje. Sy pleage him alle nachten sa bot, dat hy woarde der ûnsjoch en meger fan. Mar doe fortelden se him, dat in nachtmerje moest yn deselde fuotleasten stappe as deselde dy't se pleage. Doe sette er de toffels...
nl.verhalenbank.12309
Achter Ljouwert moat in boer west ha, dy't net in sint mear hie. Syn pleats wie oanein, en as der in stoarm kom, koe alles wol ynstoarte. De man wie syn rie to'n ein. Op in joune stied er op it hiem. Dêr kaem in mynhear oankuijerjen. Jo lykje wol mismoedich, sei dy. Dat bin ik ek andere de boer en doe fortelde hy hoe slim as hy der oan ta wie en dat er...
nl.verhalenbank.11575
Heit syn heit, dat wie Harmen van der Zee. Dy wenne yn Sigerswâld. Op in joun doe soed er op bêd. Hy stie al yn 'e ûnderbroek. Mar it pypke wie noch net alhielendal leech. Dat woed er earst leech roke. Beppe lei al op bêd. Wylst pake ta 't finster út seach kommen dêr twa greate, felle ljochten lyk op him ta. Hy rôp: Geeske, Geeske, hwat sil dit wurde! Mar...
nl.verhalenbank.11559
1