Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: bang Place of Narration: Eastermar
Oan 'e Parsingel to Eastemar hinge froeger in wite gedaente oer de homeije hinne. Guon wienen dêr tige bang foar. (Mar der waerd wol biweard dat dat ien fan 'e jonkers van Sminia west hie, dy't dat die, om 'e minsken bang to meitsjen)
nl.verhalenbank.21960
Yn Grinslân op 'e klaei binne plaetsen, dêr spûket it. It folk, dat dêr yn 'e skuorre slepte, koe soms samar oan kant smiten wurde. Dan moesten se op in oar plak lizzen gean. Ek bigong it dêr yn 'e nacht samar fansels to tsjernjen.
nl.verhalenbank.12526
Op 't Heechsân to Eastemar oan 'e ein fan 'e Parsingel stie in buorkerij. Dêr tsjinne in faem. Dy kom fan 'e Harkema. Dy faem seach dêr algeduerigen by in stikelbosk in lyts neaken berntsje, dat wei woarde yn 'e groun. Dy faem woarde op 't lêst sa binaud, dat sy woe dêr net langer by dy minsken bliuwe en sy gong wer nei Harkema ta nei har âlden. Mar doe...
nl.verhalenbank.17027
To Eastemar lei in faem op it lân to jirpelsykjen. Hja hie lêst fan pine yn 'e mûle. Doe joech in biis har de rie, hja moest nei it tsjerkhôf tagean en in rustige spiker opsykje en dy oan 'e kies hâlde, dan bikom de pine yn 'e mûle. Hja die dat. De jouns doe't de faem al op bêd lei, kloppe der ien by har op it glês en dy rôp al mar: "Myn spiker! Myn...
nl.verhalenbank.21740
Tichte by de âld toer to Eastemar wenne froeger in slachter. Dy hiet fan Tsjipke. Op in joun moest er nei in boer ta to slachtsjen. Doe't dat gebeurd wie woarde de flesse op 'e tafel set. Dat wie sa it gebrûk. En dêrnei soe Tsjipke dan wer op hûs yn. Doe frege him ien: "As de âld hear dy aenst yn 'e mjitte komt, soest dan ek kjel wurde?" "Dêr jow ik neat...
nl.verhalenbank.15758
To Eastemar by de âld toer spoeke in dikke, swarte houn om. Der wienen minsken, dy hienen him wol sjoen. Yn 'e sechstiger jierren fan 'e foarige ieu wenne der op Skûlenburch in man, dy hie dêr in oaljeslagerij. Dy man hie forkearing mei in widdou to Eastemar. Mar hy doarst net to reizgjen by nacht. Hwant by de âld toer, dêr't [er] foarby moest, dêr spoeke...
nl.verhalenbank.15760
Op in kear ha 'k nei Jehannes de Boer ta west, dy't op it Wytfean wenne. Dêr wie myn pake arbeider. Ik wie doe noch in jonge. Der wie praet woarn oer spoekjen en ik wie neat net gerêst ûnderweis. Ik wie sahwat op it plak, dêr't nou Veenema wennet, doe kom der my hwat op side. It like op in greate grouwe swarte houn en it roan deun tsjin my oan. Oan 'e...
nl.verhalenbank.12274
Hinse Jehannes de Boer wie de duvelbander fan it Swartfean. Hy wie in maet fan 'e duvel, dat wist elk. Op it Peinder tsjerkhôf is er biïerdige. Op in joun kom der ien oer it tsjerkhôf, dy rôp: "Hinse, lit dyn stem noch us hearre!" Doe wie der sa'n ôfgryslik raer lûd út Hinse syn graef kom, dat de man is sa hurd útnaeid as er mar koe.
nl.verhalenbank.12525
12