Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Hil Murd fan 'e Sumarreheide wie in tsjoenster. Bern mochten net heal hwat fan har oannimme.
Op in kear wie der in famke, dat krige in apel en in par fan Hil. It bern woe se mar gau opite, mar dat kearde har mem. Dy ûntnaem it bern de apel en de par en doe lei se dy yn in panne del. Se die it lid der op. De oare deis sieten der in grouwe pod en in kikkert...
nl.verhalenbank.30566
't Wie yn 'e tiid fan 'e rúzjes tusken Skieringers en Fetkeapers. Greate Pier wie oan 't ploegjen op it lân. Doe kommen der guon by him, dat wienen fijannen. Dy koenen him net, mar se woenen graech witte hwer't er wenne. Doe tilde Pier de ploege op en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er." Doe waerden dy mannen sa bang foar sa'n sterke keardel, dat hja...
nl.verhalenbank.30175
Der wie in matroas, dy hiet fan Hanne Wouters.
Dy matroas fortelde op in kear oer in sémearmin. Dat wie in wezen, heal minske, heal fisk. Op in kear doe't er op it skip wie hied er sa'n sémearmin sjoen. Alle minsken op it skip hienen binaud west. Mar hy, Hanne Wouters, wie nei 't kanon ta gong en doe hied er dy sémearmin deasketten.
Doe wie dêr in oare...
nl.verhalenbank.30172
As de bern jouns let noch bûten binne, sizze de âlden yn 'e Sumarreheide: "Gau yn 'e hûs komme, oars pakke de berndieven jimme."
nl.verhalenbank.30328
Wibe Paulusma (lytse Wibe) wenne yn Sumar. Hy hie forkearing mei Frouk, dy't op Sumarreheide wenne. Ik wie doe by Frouk en dy's folk yn 'e kost. Op in nacht, doe hie Wibe wer nei Frouk ta west to frijen. Doe't er werom gong, stie der ynienen in hiele greate swarte houn dwars foar him. 't Wie in houn as in great keal mei hiele greate, gleone egen.
Wibe...
nl.verhalenbank.30314
To Feanwâldsterwâl wenne Jehannes van Meerlo, ek wol Jehannes Weverke neamd. Dy koe mear as in oar. Op in kear kaem er by minsken yn 'e hûs. Doe sei er: "Jimme klok stiet ek." Doe brocht er dy klok oan 'e gong. Hy siet dêr in pear ûre by dy minsken.
De klok tikke troch. Doe gong er fuort.
Hy wie noch mar krekt op 'e wei, doe bleau de klok stean. Doe rôpen...
nl.verhalenbank.30308
Jehannes Heidbuurt fan Eastemar kaem op in kear by Reid Keuning yn Koatstertille. Doe liet Reid soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy bigounen to marsjearen. Doe waerd Jehannes bang. Hy doarst dy jouns net nei hûs ta en is dêr dy nachts bleaun.
nl.verhalenbank.30335
Jelle wenne yn 'e Vrijstad yn 'e Broek. Op in kear siet er to melken yn 't bûthús. Doe wie dêr in hiel lyts keardeltsje oer de bûthúsflier stappen kaem. 't Wie in ierdmantsje. En dat hie tsjin him sein: "Sitst to melken, Jelle?"
Mear hied er net sein, doe wied er wer fuort gien. Mar Jelle wie deabinaud. Hy wie bang yn eigen hûs woarn en is dêr wei gong to...
nl.verhalenbank.36609
Evert Tsyske wenne yn 'e Sumarreheide. Hy hie in jonge, dat wie Age. Dy wenne by him yn 'e hûs. Dat wie in hiel raer man.
Liuwe de Haan hie in kroech yn Garyp-Sigerswâld. Dy kroech stie oan in paedtsje. Dêr siet Age in protte en dan sei er it raer op. Syn maten seinen: "Dû mast mar hwat foarsichtich wêze." Mar hy sei: "Ik jow om neat."
Doe wied er op in...
nl.verhalenbank.30332
De lange Sleatterman hat froeger yn Earnewâld wenne. Hy is fordronken yn 'e Krúswetters en sûnt spûket er noch by de Saiter om. As dêr in skip lâns komt yn 'e nacht, dan stapt er op it skip en dan giet dat skip ûnder. Dêrnei giet er nei de oare kant. Hy brûkt dus sa'n skip as brêge.
Skippers doarre dêr net lâns to farren by nacht.
nl.verhalenbank.30333
Yn Burgumerheide wenne Tsjitse Boonstra. Dy hie in pear kij, dy seagen der min út. Hy liet se heal forhongerje.
Op in moarn sil er de kij melke. Mar doe bigounen dy kij to praten. Ien fan 'e kij sei: "Ik moet meer eten hebben. Wij geven vandaag geen melk, want wij hebben honger."
Doe sei Tsjitse: "Myn kij binne bitsjoend. Ik kom net yn 't bûthús."
Doe...
nl.verhalenbank.30327
Us heit hat ûnder mear feint west yn Aldeboarn. Dêr wennen in pear âlde froulju, dêr wienen de minsken allegear hwat skrúten foar. Dy froulju doarsten se noait yn 't bûthús ha, hwant kamen se der yn, dan waerden de kij siik. Dat wie om 1880 hinne.
nl.verhalenbank.30045
Dy't in flesse jenever ha wol kin dy fan 'e duvel krije mei bihelp fan Skoppenboer.
Op in kear sieten der in pear lju by elkoar. Dy woenen ek in flesse drank ha. Hja bounen skoppenboer mei in toutsje oan 'e hals fan 'e flesse. Doe kaem der ien oerein en dy joech de flesse by de doar oan. 't Wie in lege flesse fansels. In oaren moest bilove, dat hy de...
nl.verhalenbank.30584