Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
In pleachbeest koe de minske treffe, as er nachts ûnderweis wie. Der binne forskeidene dy't in pleachbeest tsjinkamen. Se pleagje ek it fé.
As der in pleachbeest troch de daem giet fan it lân dêr't fé rint, dan wurdt it fé deabinaud - dan fljogge se wech ende wear. Dan kinne se net yn 't lân bliuwe. 't Is ris binoarden Kollum gebeurd dat der in...
nl.verhalenbank.30498
Metske-Smid fan Feanwâldsterwâl koe mear as sljochthinne. As jo pine yn 'e mûle hienen koe hy dy pine samar wei nimme.
Hy wie ek nergens bang foar. Op in kear moest er fan Readtsjerk oer it Waeigat en de Mear nei Feanwâldsterwâl ta. 't Wie nacht. Doe fregen se him of er allinne wol farre doarst.
"Jawol", sei er.
Doe't er op it Waeigat wie, kaem der al ien...
nl.verhalenbank.38576
Foar in forskuorrende houn wie Jehannes net bang.
Der waerd ris in kear in boereplaets forkocht yn Eastemar. Jehannes tsiisrinder en Jehannes slachter wienen dêr togearre hinne. Hja moesten oer in barte hinne om op it hiem to kommen.
Doe kaem der in forskuorrende houn op har ta. Jehannes slachter kearde gau de fyts nei dy houn ta, oars hied er him...
nl.verhalenbank.38559
Hjir op 'e Hoek is in hûs opbarnd, dat haw ik nyskes al forteld (ik ha 't in jier fan tofoaren al barnen sjoen).
Yn dat hûs wennen yndertiid Geart en Ael. Dy hienen trije dochters en twa soannen. Dy hienen forkearing.
Age Bylsma wie dêr op in nacht op it hiem om to strunen. Doe kaem dêr in ding oanfleanen, út 'e Finnen wei. Dat kaem op Age ta. Age wy sa...
nl.verhalenbank.38582
De soan fan Minne Wybenga fan 'e Westerein wie in raren ien. Dy koe 't neat skele hwat er sei. Op in kear hied er yn 'e kroech sitten en allegear ûnfoege wurden brûkt. Doe moest er allinne nei hûs ta yn 'e nacht.
Doe't er by hûs wie, moest er oer in bartsje. Mar dêr doarst er net oer, hwant oan 'e oare kant it bartsje flak foar it hûs, lei in swart ding....
nl.verhalenbank.30478
Jehannes syn broer hiet Ruerd Meerstra. Dy syn jonge hiet Bap. Dat wie in ûngelokkige jonge. Dy kaem altyd fan bêd ôf as der jounpraters wienen. Dan moest er pisje of drinken ha ofsa. Dat wie mar lestich foar Ruerd en dy en dy hienen dêr in hekel oan, en Ruerd sei: "Ik woe wol dat er dat mar net mear die."
Op in kear wienen Jehannes en syn wiif dêr to...
nl.verhalenbank.38557
In stik of hwat fiskers en Jagers fan Feanwâlden wienen der op in nacht op út to stropen. Hja wienen by de Ljouwerter Wielen. Doe seach Hindrik Bylsma, dy't der ek by wie in forskining. Der roan ien biddende achter in karre oan. De oaren, dy't by him wienen, seagen it net.
Hindrik is fuortgien, hy wie deabinaud. En hy hat sûnt noait wer to jeijen west.
nl.verhalenbank.38578
Der wie in knap frommes, mar dat frommes koe noait in feint krije. Doe sei se op in kear: "Ik wol joun in feint ha, as is 't de duvel ek."
Dy jouns kaem de duvel by de doar. De faem wie deabinaud, mar de boerinne sei: "Ik rêd der wol mei."
Hja gong nei de duvel ta en sei: "Meije wy earst de skûdels wol ôfwaskje?"
"Jawol", sei de duvel.
Doe smiet de...
nl.verhalenbank.38587
Achter it café yn Feanwâlden stienen froeger banken. Dêr hâldde in kammeraet fan my in preek. Hy wie sabeare doomny. Hy spotte dat it hwat die en hie oeral de gek mei.
Doe't er dy nachts op bêd lei, kaem de duvel by him. Doe die er it lekken oer de holle hinne, sa binaud waerd er.
Noait hat er sokke dingen letter wer úthelle.
nl.verhalenbank.38551