Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 datasets found
Dutch Keywords: bang Narrator Gender: male Place of Narration: Burgum
Der spoeke by Aldegea (H.O.) in wylde baerch, dêr't de lju o sa bang foar wienen.
nl.verhalenbank.21965
By Sjoerd Hiddes op 'e Sumarreheide lei in bartsje oer de sleat. Oan 'e oare kant fan dat houtsje lei in pleachbeest. Guon doarsten dêr net heal lâns.
nl.verhalenbank.31962
Wat Tamme Wobbes efter de Eastermarre mûne seach It spilet yn 'e twadde helte fan 'e foarige ieu, mar wannear kin ik net krekt sizze. Tamme Wobbes wie in âld skipper en hy mocht graach fiskje. Op in jûne yn it begjin fan augustus gong er efter de mûne sitten te poeren. It hie in waarme dei west, de sinne wie al lang weisakke efter de Burgumer tsjerke, de...
nl.verhalenbank.12978
Fan 'e hoeke fan Gariper heide ôf en Garyp, dêr't de pleats fan Sjoerd Brandsma stiet, rint in paedtsje nei de Inialoane ta. Men mat dan oer in sleat en dêr leit it bucheltsje hout oer. Myn omke gong dêr ris lâns, doe't er noch feint wie. Hy kaem razendewei thús en sa wyt as in deaden. Dêr hie sa'n raer ding op it paedtsje lein as hy noch noait sjoen hie.
nl.verhalenbank.31964
Oan 'e Parsingel to Eastemar hinge froeger in wite gedaente oer de homeije hinne. Guon wienen dêr tige bang foar. (Mar der waerd wol biweard dat dat ien fan 'e jonkers van Sminia west hie, dy't dat die, om 'e minsken bang to meitsjen)
nl.verhalenbank.21960
Myn jongste broer kaem op in sneintojoun thús. It wie sahwat om healwei achten hinne. 't Wie yn 'e winter en knap donker. Hy kaem de Joute van der Meer-wei út wei. Ik stie klear om nei de faem ta. Myn broer wie alhiel oerstjûr en sa wyt as snie om 'e holle. Ik sei: "Hwat skeelt dy?" Hy sei: "Nou kom ik noait wer ta de doar út. Ik sei: "Hoe nou sa?" (De...
nl.verhalenbank.31965
It is yn Feanwâldsterwâl gebeurd dat ien, dy't út 'e kroech kaem en sein hie dat er net bang wie foar de duvel, ûnderweis in ein fuortsmiten woarde.
nl.verhalenbank.29673
De bruorren fan Melle wienen ek yn 'e herberch. Dy seagen hwat dat mantsje yn 'e bouten hie. Hja tochten: Hjir ha wy gjin boadskip oan en se bleauwen stil dêr't se wienen. It keardeltsje gong wer nei syn plak en iet syn iten fierderop
nl.verhalenbank.31980
Folkert Paulusma wie yn 'e mobilisaesje fan 1914-1918 ûnder tsjinst yn Brabân. Op in joun siet er mei oare soldaten, sa fortelde er yn 'e herberch. De kastlein wie der ek by. Doe sei de kastlein: "Sil ik ris in kompie soldaten opkomme litte?" "Ja", seinen se, dat woenen se wol ris sjen. Folkert sei: "Wy sieten mei elkoar by de tafel. Doe kaem de iene...
nl.verhalenbank.31605
Tusken de Sawn Hûskes en de Skûlenburgster brêge spûke in houn mei in brijpot om 'e hals. Dêr waerden wy as bern bang mei makke. Op in joun moesten myn broer en ik as jonges ris in brief yn 'e bus bringe by de brêgedraeijer. Doe kaem dêr in ûnbikende swarte houn op ús ta. Wy binne fan bangens wer nei hûs gong.
nl.verhalenbank.31403
Tusken Jistrum en de Grinzer Strjitwei, by in bocht tichte by 't Harstepaed, waerd altyd in wite forskining sjoen. Ien is dêr alris sa kjel fan woarn, dat hy is hals oer de kop thúsfleanen kaem.
nl.verhalenbank.21957
Tamme Wobbes wenne to Eastemar, yn 'e buorren. Nachts gong er faek to pûren. Op in nacht wie dat wer it gefal. 't Wie oer tolven. Hy gong achter de feart nei de Lits ta. Doe bigoun dêr in houn to spûkgûlen. Der waerd er kjel fan. Hy stiet noch even to pûren en fangt noch in pear ielen. Dan heart er ynienen in fremd lûd. Ut 'e Mar wei sjocht er in soarte...
nl.verhalenbank.31399
Yn Eastemar, tusken Skûlenburch en de Sawn húskes dêr't nou sahwat de bensinetank stiet, roan froeger altyd in houn om mei in brijpot om 'e kop. 't Wie in houn mei hiel gleone egen, seinen se. Wy wienen der as bern stjerrend binaud foar.
nl.verhalenbank.21955
Yn Noardermar wennet Goaitsen de Vries. Op dy syn buorkerij wie 't froeger net plús. Dêr ried nachts de wein samar út himsels troch de skuorre, sûnder hynder der foar. De minsken doarsten dêr nachts net troch de skuorre hinne.
nl.verhalenbank.38135
35