Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: bang Narrator Gender: male Place of Narration: Augustinusga
Rudolf de Mepsche fan 't Faan wie lid fan 'e Hoofdmannenkamer yn Grins. Dy mannen hienen in protte rjochten. Sy koenen sels ek guon foroardiele. Rudolf de Mepsche makke misbrûk fan syn rjochten. Hy hie allerhande folk by him op 'e stâl oan 't ketting. Dy stumpers kommen dêr fan 'e ellinde heal om. Op in kear doe kom der in skuonmakker by him. Dy hie him...
nl.verhalenbank.27226
Der wie ris in boerefeint, dy sei: "Ik bin foar de duvel net bang." De jouns moest er it hynder yn 't lân bringe en doe gong er oer in planke werom. Dy planke lei oer in feart. Hy hie de teugel yn 'e hân. Doe siet dêr op dy plank in wyt ding. De boerefeint sei: "Ut de wei!", mar dat ding forroerde him net. Doe joech dy feint dat ding in klap mei de...
nl.verhalenbank.37408
Us heit kom us in kear fan Reahel. 't Wie sahwat twa ûre yn 'e nacht. Hy tocht: "Heden, dêr komt in man oan. Dy hat grif in sekfol hout stellen." Sa like it krekt. Hy roan hwat dûknekkich. Hy kom lyk op heit yn. Mar doe't heit better taseach hie dyselde keardel hiele greate gleone egen, krekt as koallen fjûr. Doe is heit in stik of twa, trije ikkers...
nl.verhalenbank.23752
In man fan Stiensgea gong ris nei Feankleaster ta nei in klearmakker. Hy roan troch de Feankleaster bosk; dat wie it neiste paed. Doe't er by de klearmakker wie, sei er: "As der in duvel is, dan kin er my tomjitte komme." Doe gong er werom. Wer roan er troch de bosk. 't Wie doe midden yn 'e nacht. Doe lei dêr in man dwars oer 't paed. Hy roan der...
nl.verhalenbank.36362
Ik en myn beide âldste jonges hienen der us op út west. Wy kommen op 'e joun werom. 't Wie helder ljochtmoannewaer en der lei snie. De beide jonges roannen in eintsje foarop. Ik kom hwat achteroan. Wy wienen omtrint thús. Doe seagen de jonges it lytse swarte hountsje fan buorman by in hekke. Mar doe woarde 't ynienen greater. 't Woarde sa great as in...
nl.verhalenbank.21973
Saekje mei de kape siet yn 'e rogge. Dêr wienen de bern froeger bang foar.
nl.verhalenbank.36364
Myn buorman hie us west to jounpraten. Hy wie sa'n fyftich jier âld. Hy stapte de wei del. En doe kom er op in plak dêr wie in gloppe yn 'e wâl. Dêr groeide gjin beammeguod. Doe kom dêr hwat út dy gloppe wei - it wie in gestalte en hie in gesicht. Sahwat as dat fan in frommes, fortelde buorman letter. Dy gestalte kom op him ta. Dy kom al tichter en...
nl.verhalenbank.21974
Spoeken binne skiters, se komme altyd by nacht.
nl.verhalenbank.12545
Us pake wenne yn de Ham. Hy soe ris nei Stiensgea ta to jounpraten. Hy roan oer Readskuorre, dêr't er oer de houtsjes soe. Doe kom dêr in jongfrommes oan dat him foarby sweefde. Pake sei: "Goejoun." Sy sei neat. Pake seach ûnder har troch. Mar hy wie net bang.
nl.verhalenbank.12546
Pleachbeesten roannen by nacht mei de minsken op. Dan wienen de minsken deabinaud. Mar sy pleagen allinne mar, se dienen neat.
nl.verhalenbank.37106
Der wenne in sekere Ruerd van der Veen yn 'e Harkema, dat wie in timmerman. It wie in raer feint. Hy hie oan 't timmerjen west op 't Bomkleaster en dêr hie er it mâl opsein. Hy joech neat om 'e duvel en al sokke dingen mear. Dy jouns moest er nei hûs ta. Hy wie in moai eintsje yn 'e lannen dêr't it paed troch roun nei Harkema ta, doe kom der in houn oan,...
nl.verhalenbank.37104
Ruerd van der Veen wenne yn 'e Harkema. It wie in rûch man, hy koe ûntsettend flokke. Hy wie op it Bomkleaster oan 't wurk, hwant hy wie sa'n bytsje timmerman. Hy timmere oan ien fan 'e beide pleatsen, dy't mei de kont nei de wei ta stean. Doe't er de jouns klear wie soed er nei hûs ta. De bak mei ridskip hied er op 'e rêch en hy hie in pet op 'e holle....
nl.verhalenbank.21851
Op 'e Turfloane yn Stiensgea dêr seagen se wol us hwat. Der wie in boerefeint, dy tsjinne by in boer yn 't West. Dy moest alle moarnen dêr hinne en dan moest er de Turfloane del. Hy wie sa'n twintich jier. Mar doe is 't in kear of hwat gebeurd dat der hwat foar him lâns gnoarre. 't Hie in protte fan it lûd fan in baerch. Dat bleau by him de hiele loane...
nl.verhalenbank.21850
Mar ien kear yn myn leven haw ik hwat meimakke dat net doogde. Doe hie 'k mei Sytse nei Grinzer Pein ta west, nei Albert Gjaltema, in fékoopman. Sytse kocht twa skiep fan him en yn 'e nacht gongen wy dêr wer wei. Wy hienen twa hounen by ús en op 'e weromreis woenen wy murdejeije. Sytse hie de beide skiep oan 't tou. Ik hie in dikke, swarte houn, in...
nl.verhalenbank.34530
In muoike fan my wenne yn Koartwâld, mar sy hie har wurk yn Stiensgea. Hja roan altyd op 'e berm lâns. "Ik doar net op 'e wei to rinnen," sei se, "hwant dan kin 'k wol ris by in lykstaesje op rinne." .
nl.verhalenbank.34533
35