Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op 'e souder stie in âld kast en noch hwat oare âlde meubels. Dêr woarde op in nacht ynomrammele.
Yn dat hûs wennen in man en in frou togearre.
"Hearst it wol?" sei de frou. Hja wie syn muoike.
"Jawol", sei er.
't Rammeljen hâldde tiden oan, der kom gjin ein oan.
Op 't lêst sei er: "Matte wy der net ôf?"
Hja gongen der ôf.
Beide gongen se by de leider op...
nl.verhalenbank.24014
Sa'n fiif en twintich jier lyn wennen wy op 'e Geast (Rinsumageast). Der wie in frou, dy kom in bulte by ús. Dat wie de frou fan Liuwe Woudstra. Doe't se de jouns wer us in kear by ús west hie sei 'k tsjin 't wiif: "Wy bringe har in eintsje op stap."
Dat gebeurde ek. Wy wienen de Kapelle oer, en doe koe myn wiif de siken net krije. (Hja hie in min boarst)...
nl.verhalenbank.21769
't Wie twa ûre yn 'e nacht en moai ljochtmoanne-waer. 't Wie sa ljocht as dei. Binne Boonstra fan Dokkum (dy wenne hjir doe noch) wie oan 't murdejeijen.
Doe wie der ynienen in lyts swart wyfke tofoarskyn kom mei yn 'e iene hân in boskje blommen en yn 'e oare in taske. 't Hie samar foar him stien. Hja frege him nei de wei nei Ljouwert.
De hounen hienen sa...
nl.verhalenbank.23543
Ik hearde us in kear fortellen fan in pear boeren út Gietsjerk: 't Wie yn 'e winter, mei ljochtmoannewaer en sy woenen der op út to murdejeijen troch de Trynwâlden, bûten op it fjild.
Doe't se al in hiel ein op stap wienen, wie der in ding oan kom, dat kom hyltyd op har ta. Sy koenen net sjen of it in minske wie. 't Wie in wyt ding. Ien fan 'e mannen wie...
nl.verhalenbank.23540
Evert de Jong wie ek tige sterk. Se wienen allegear bang foar him. Net ien fan 'e skippers hoefde by him op 't hiem to kommen.
"Als ik met mijn sterke hand iemand terneder vel," sei er, "blijft hij dood liggen."
nl.verhalenbank.23554
Der wie nachts altyd hwat op it tsjerkhôf. Doomny woe wol us wite hwat dat wie. Doe gong hy der ris hinne om to sjen. Doe wie dêr in persoan, dy gong boven op 'e oare stean, op 'e skouder tsjin 'e muorre oan.
Doomny sei: "Ien ha 'k wolris op 'e oare stean sjoen, mar dêr ek noch in trêdden boppe op noch noait."
Doe wie de boppeste sa binaud woarn, hwant hy...
nl.verhalenbank.24020
Yn 'e tiid dat der ympost bitelle wurde moest op it slachtsjen woarde der wol gauris slûke.
Der wennen yn in doarp twa man, dy slachten wolris in skiep op it tsjerkhôf. 't Wie altyd yn in donkere nacht as se dat dienen.
Guon hearden wolris hwat op it tsjerkhôf, mar sy wisten net hwat it wie en net ien dy't it doarst to ûndersykjen.
Sadwaende koenen dy...
nl.verhalenbank.24021
Yn it hûs, dêr't earder Bange Tryntsje yn wenne, wenne letter myn dochter en skoansoan Binne.
Om tolve à ien ûre yn 'e nacht kom dêr altyd ien oan 'e achterdoar ta. Dan bigoun de doar to rinkeljen. Binne gong der dan ôf om to sjen, mar der wie noait hwat.
nl.verhalenbank.21760
Antsjemoai-tsjil sit yn 'e rogge as de kerlen bigjinne to rypjen yn 'e Dokkumer Wâlden. Se sizze dat om bern bang to meitsjen.
nl.verhalenbank.24027
Op in moarn bitiid gongen myn swager Jan van der Meulen en syn frou togearre nei de einekoai ta.
Jan wie altyd moarnsk, dy hie moarns altyd in min sin. Hy roan foarop.
Doe't se oan 'e koai ta wienen, doe woarde dêr song. En dochs wie der yn 'e wide omkriten net in minske to sjen.
'Klop - klop - klop en het Heilandsgebod.
Zie, de deuren zijn opengedaan...'...
nl.verhalenbank.23539
Myn heit wie yn syn jonge jierren in wyld man. It koe him neat skele hwat him foar de mûle kom en hy spotte der mar op los.
Op in nacht gong er to murdejeijen. De houn hied er by him. Hy wie yn Wâlterswâld.
Doe gong der ynienen in great swart frommes foar him lâns. Hy koe net sjen of se roan.
De houn wie oars nergens bang foar, mar doe hied er de sturt yn...
nl.verhalenbank.23073
Myn dochter is troud mei Binne Boonstra. Sy wenne by de Mounewei. Op in kear doe wie se mei 't famke fan seis jier by ús. Yn 'e nacht soenen se wer fuort togearre. Ik en myn frou soenen ús dochter mei 't famke in ein bringe. Doe't it sahwat tolve ûre wie, kom der ynienen samar in hiel sterk lûd út 'e loane wei, dêr't nou allegear nije hûzen stean. Dat...
nl.verhalenbank.23067