Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: bang Narrator Gender: female Place of Narration: Surhuisterveen
Der wie in faem, dy wenne by de boer. Dy sei op in kear: "'k Wol joun in feint ha, as is 't de duvel ek." De jouns dan ite se. As dat op is, meitsje se de tafel skjin. Dan komt der ien by de doar. It is de duvel. Hy giet by de oaren sitten. Dan seit de boer tomûk tsjin 'e faem: "Witst wol hwa't it is?" "Né", seit se. "Dy man hat ien goeije skonk en ien...
nl.verhalenbank.22215
Myn broer Kees soe us op in joun nei de faem ta. Dy wenne yn Feansterheide oan 'e Fjouwer Roede. "As der in duvel is, dan wol 'k him wol us sjen", sei er. Mar doe hied er tofolle sein. De jouns healwei achten gong er nei de faem ta. Hy wie ûnderweis. Doe kom der him ien op side. "Goeije navend", sei Kees. Mar hy krige gjin antwurd. "Goeije navend", sei...
nl.verhalenbank.22174
Heit en dy wennen op 'e Fjouwer Roeden. Sy hienen in jonkje, dat woarde siik. Sy woenen nei Greate Wopke ta to Kûkherne. Mar sy koenen it wetter fan it bern net meinimme, dêr wie 't noch to lyts ta. Doe nom heit it himdtsje fan 't jonkje mei. "Wite jo ried?" sei heit tsjin Wopke. Hy liet Wopke 't himdtsje sjen. Wopke biseach it en sei: "Der komt wolris in...
nl.verhalenbank.22161
In soan fan myn twadde man giet nei de Tille ta nei 't wurk. Op in moarn seach er dêr in frommes stean mei in molkbus by de wei. "Moarn Tiet", seit er. "Moarn Jan", seit se. "Yn 'e tiid dat ik nei har seach," fortelde er, "stie der in kat op 'e dyk." Doe wie Jan kjel woarn. Nou, dan wite jo it wol.
nl.verhalenbank.22213
Fan 'e Surhústerfeanster toer oan it Jachtfjild ta spoeke froeger in neaken frommes. Dat wie yn 'e nacht tusken tolwen en ienen. Wy doarsten dêr nachts net lâns.
nl.verhalenbank.22164
Mem fortelde, der hienen trije man yn in boatsje sitten op 'e mar. 't Wie bot bigong to tongerjen, en de loft stie as de sé. De middelste fan 'e trije wie in spotter. Dy sei: "Hwat soe 't my wêze, sa'n tongerbuike. Skytmerakels! De tonger, dy wol m_ dòch net ha!" Hy hie 't net sein of hy wie deaslein. Spotters krije spotterslean.
nl.verhalenbank.24418
Jan Veenstra wenne op 'e Boelensloane. Hy wie arbeider by in boer op Surhústerfean. Mar omdat der in pleachbeest roan op it eintsje fan Boelensloane nei 't Blauhûs, makke er altyd in hiele omwei om yn 't Fean to kommen. Dan roan er alhiel de Lange Wyk lâns. Sa bang wied er foar dat pleachbeest. Dat hied er al us troffen.
nl.verhalenbank.22208
By Minse Griper lieten se wol us in flesse drank komme. Mar it wie altyd in toer om ien to finen dy't de flesse oankrije doarst. Deselde dy't dat die smiet it earste romerfol oer de kop fuort. En dan dronken se it op. De flesse sweefde foar de doar.
nl.verhalenbank.22169
35