Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Sterke Hearke hie in dochter, dy hiet fan Rixt. Dy wie o sa sterk, mar dat woe se net rjocht wêze. Hwant se wie bang, dat se dan net in man krije soe.
Sy tsjinne by in boer. Op in kear hâldde in kloftsje jongfolk in wedstryd: Hwa't in earnamer fol wetter om 'e skuorre hinne drage koe. Rixt wie der ek by. Sy nom de earnamerfol wetter yn 'e iene hân. Nou...
nl.verhalenbank.12217
Hindrik Houwink biwearde dat er foar de duvel net bang wie. Froeger hat er in protte fé hawn, mar troch de longsykte rekke er út syn fé wei en waerd keutelboer.
Op in kear wied er op 'e Hearrewei.
Doe waerd er samar optild en oer in greate beamwâl hinnesmiten. Beide skonken rekken stikken. De man hat noait wer rinne kind. Hy krûpte tonei altyd.
nl.verhalenbank.11532
Mei de kikkerts is it ek sa. De kikkerts ha ek in koaning. As men de koaning fan 'e kikkerts deamakke, dan wie 't ek hiel slim. Dy koaning koe lûd jaen, hy koe piipje. Op in kear makke in man de koaning dea. Doe kommen alle kikkerts op him ta, hwant dy hearden it piipjen fan 'e kikkertkoaning. De man kom ûnder en ûnder 'e kikkerts to sitten. Hy wie...
nl.verhalenbank.12207
Ik haw ris heard dat ien dy pleage in kikkert. Mar hy wist net dat it de kikkertkoaning wie dy't er pleage. Hy hie in swypke by him, en dêr jage hy dy kikkert mei op. Doe ynienen bigong dy kikkert to piipjen. Hwant de koaning fan 'e kikkerts kin piipje. En yn in omsjoch wienen der safolle kikkerts by dyselde, wol twa kroadfollen. Dat hy waerd deabinaud,...
nl.verhalenbank.15799
Sy ha pake ek us bang meitsje wold doe kom er op in joune let de Sumarre Achterwei del. Dat wienen twa maten dy 't dat dienen, mar gjin fan pake syn folk. Dy wienen oan 'e kant fan 'e wei lizzen gong mei in âld jas oer har hinne en doe wie 't krekt as lei der in âld hynder yn 'e berm.
Doe 't pake dat seach, sei er: "Och, heden, hjir leit in âld hynder!"...
nl.verhalenbank.17574
Myn broers wiif wie ris in kear allinne thús. Hja wenne to Aldegea. Hja bigoun ynienen lûd to razen, hwant it hiele dak kaem hast del. De pannen der ôf en in stik leven en alles fan 't plak. Hja wie deabinaud en krûpte ûnder 't bêd. Doe't myn broer thúskaem, sei se: "Ik wol hjir wei, hwant it giet hjir raer." Mar der wie neat gebeurd. Mar in jier letter...
nl.verhalenbank.11517
Yn 'e Sumarreheide waerden de bern bang makke mei greate Evert. Dy kaem de bern fan achteren binei en bûgde dan syn holle oer harres hinne.
(Op in kear kaem myn soan Evert Kobus by in greate húshâlding op 'e heide yn 'e hûs. De mem hie sa kwânskwiis sein: "Sjoch, dêr komt Evert oan."
Doe't Evert der yn kaem, rôpen de âldsten deabinaud: "Wy kreauwe noait!...
nl.verhalenbank.11516
Yn it hûs fan Thys Jansma op 'e Tike spoeke it altyd by nacht. Earst wie der in gerattel tusken de klompen en dan waerd der in deakiste by de leider opdroegen. En dat joech altyd in bulte gedinder en gerattel. De minsken gyngen der út to wenjen. Elk wie sûnt bang foar dat hûs.
nl.verhalenbank.11499
Oerpake Jan (dat wie ús mem har pake Jan Willems) wenne yn Garyp. Hy mocht tige graech in slokje en dêr hie syn folk thús in hekel oan. Hy kaem dêrtroch foek let thús. Sy tochten: dat maate wy him ôfleare. Dat, doe 't er op in joun let us wer nei hûs ta soe mei in stik yn 'e kraech, woenen se him bang meitsje ûnderweis. Sy tochten: Dan doart er tonei...
nl.verhalenbank.17573
Der wie in âlde mefrou, dy wie op in joun allinne thús. It famke, dat by har ynwenne, wie foar har to boadskipjen. Tafallich woarde se ynienen it skaed fan in hân gewaer fan ien dy't ûnder 'e kast lei. It âld minske waerd o sa kjel, mar sy liet neat skine. Sy tochte: "Ik mat my rêstich hâlde. Hjir leit in keardel ûnder 'e kast en dy wol hjir aenst...
nl.verhalenbank.19576
't Wie op in âldjiersjoun. De boer en de soan en it folk sieten mei elkoar yn 'e keamer by de hurd. De faem wie der ek by. Dy hie forkearing hawn, mar sy hie it útmakke mei har feint. Doe wie die feint siik woarn.
Hy hie 't der se bot mei to dwaen hawn, dat hy wie op 't lêst overleden. Op dy âldjiersjoun moest de faem nei de skuorre ta om brantstof op to...
nl.verhalenbank.21003
Yn 'e Wierren ûnder Nyegea ha ik en ús mem in man sûnder fuotten (= skonken) oer de petgatten en de heide hinne sweven sjoen. Us mem stie oars nergens foar, mar doe waerd se bang. It sweefde wer fuort.
nl.verhalenbank.11498
Der wie jounpraterije by de boer. It gong der fleurich om ta en de praters woarden fol traktearre. De lytsfeint siet ek yn 't formidden. Dy woenen se bang meitsje. Se seinen tsjin him: "Dû krijst fan ús allegear in kwartsje, astû nou nei 't tsjerkhôf ta giest en in deabonke hellest út 'e bientsjekou."
De lytsfeint nom it fuortdaliks oan en gong op stap....
nl.verhalenbank.17570
Us beppe hie har de maeijes yn Oerterp as faem forhierd by in boer. Pake Harm hie doe al forkearing mei har. Op in snein-to-joun soed er nei har ta. Hy moest oer in planke hinne. Mar de minsken warskôgen him.
"Dêr matte jo noait oerhinne, hwant dan fordrinke jo," seinen se. Forskate lju binne dier al forsûpt. De kweade sit dêr en dy past op as der guon...
nl.verhalenbank.17571
As der in selskip by elkoar sit, en sy wolle in flesse drank ha, dan moatte se skoppenboer fuortsjûre. Sy matte skoppenboer oan 'e flesse bine en dan de flesse bûten de doar sette, mar de doar op in kier hâlde. Se matte ôfprate, hwa't de flesse oannimme sil.
Op in kear sieten der guon by elkoar yn 'e keamer. De âld boer lei siik yn 't bêdsté. Doe setten...
nl.verhalenbank.11567