Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn in peerdespul haw ik wolris ien sjoen, dy't troch de balke krûpe koe. Dat koe Imke ek.
nl.verhalenbank.24169
Op in kear wie der op Drachtster merke in soarte fan gûchelder, dat wie in man, dy krûpte samar troch in grouwe balke hinne. Alle minsken koenen dat klear sjen. Mar Piter Scheper wie der ek by. Dy krige de stok en sloech dêr mei nei dy man, mar net yn 'e balke, mar der bûten. "As ik it goed ha," sei er, "dan sitstû dêr." En dat wie ek sa, hwant de keardel...
nl.verhalenbank.19679
Ymke de Jong kom op 'e merken. Ek op Drachtster merke.
Hy sette de minsken fêst. Dan stienen se stil. Hy wie o sa fluch. Hy koe troch in balke hinne krûpe. Hy koe himsels weimeitsje, dan koe men him net mear sjen.
nl.verhalenbank.23509
Imke de Jong koe de minsken stean litte. Hy koe ek troch in balke hinne krûpe.
Op 'e Gordyk hat Imke de Jong ris twa siden Amerikaens spek stellen. Sy wisten dat hy it dien hie, mar sy koenen him noait fine. Hy hie ien stik op 'e rêch en ien tsjin 't liif en sa hat er ûnder in skip lein.
Doe't de konsternaesje oer wie is er ûnder it omkearde skip weikom...
nl.verhalenbank.25687
Op in freed wie heit ris op it Saeilân yn Ljouwert. Doe krûpte dêr in man troch in balke hinne, dêr stienen in hiel soad minsken nei to sjen. Doe kaem Jehannes Meerstra der by. Dy sei: "Minsken, lit jimme net forifelje!" Hy skopte tsjin 'e balke oan en doe wie 't allegearre strie ynpleats fan in balke, dêr't de man trochhinne krûpte.
nl.verhalenbank.31150
Der wie ek ris ien op 'e merke, dy krûpte troch in balke hinne. Mar doe wie der in man ûnder 't publyk, dy sei: "Dû krûpst der net troch. Ik sjoch dy wol. Dû sist der boppe op. Dêr biste, bliksem." En doe joech er dy man in slach mei de stok.
nl.verhalenbank.27010
Bouke Alles, Sierd Harmens en noch ien út 'e Grinzer Pein wienen us mei har trijen as feinten op 'e Grinzer Merke. Sierd Harmens dat wie de lettere duvelbander. Dêr op 'e merke stie in gûchelspul, dêr 't twa fan har yn woenen.
Sierd Harmens woe der net yn. Doe 't de beide oaren oanhâlden, dat hy der mei yn soe, liet er him oerhelje.
Yn dat gûchelspul...
nl.verhalenbank.17399
Tseard Harms wie in tûken-ien. Dy koe mear as sljochtwei. Dêr hat Hinse Jehannes de Boer syn kunsten ek fan leard.
Us pake syn heit en Tseard Harms wienen ris to Grins. Doe gongen se nei in gûchelspul ta. Der wie ek noch in neef fan myn oerpake by. Myn oerpake en syn neef woenen der bislist yn, mar Tseard Harms hie der gjin sin oan. Mar de oare beiden...
nl.verhalenbank.16035