Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
18 datasets found
Dutch Keywords: baby Narrator Gender: male Place of Narration: Drachten
Woarde der in bern mei in helm geboaren, dan woarde dy helm fuort forwidere. Hy woarde net forbrând, mar der woarde gleone jiske op dien. Forbrânne mocht net.
nl.verhalenbank.29397
Hjir yn Drachten wie us in faem, dy hat him útlake. Doe hat er dy faem ûnder 't dânsjen bifalle litten. It bern is har ûnder 'e rokken weifallen.
nl.verhalenbank.25590
Der wie in faem, dy hie in berntsje krige. Hja hie der gjin man foar. Doe hat se dat bern foar de bargen smiten. Mar letter, as hja de bargen fuorje moest, dan forskynde dat bern altyd wer as geest. Dan lei it de hantsjes om 'e rânne fan 'e trôch hinne.
nl.verhalenbank.19858
Ergens yn 'e Wâlden wenne in âld-feint. Dy wie arbeider by de boer. Hy wie mei de helm geboaren en moest alles sjen. De boer dêr't er by wenne, hie twa soannen. Ien dêrfan woardde great mei de faem. Dy faem moest fan him bifalle. Sy mienden 't elkoar wol, mar de boer woe syn tastimming net jaen. Doe gong de soan mei syn faem nei dy arbeider ta. Dy wenne...
nl.verhalenbank.19696
Myn broer hat as lyts jonkje bitsjoend west. Wy hienen in bakker, dat wie Sibbele Smit. Dy biseach him ris goed en dy sei tsjin mem: "Der geane forkearde egen oer dat bern. As ik jo riede mei gean dan nei Frânse Hinke yn 'e Rottefalle." (Frânse Hinke wie in duvelbander). Se nommen in smoarge doek fan myn broer mei. Hinke hat oanwizings joun. Hja joech...
nl.verhalenbank.33780
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Hy hie in dochter, dat wie Rixt. Dy wie ek o sa sterk. Sy wenne op 'e klaei yn Jirnsum. Rixt hie forkearing mei in feint. It kom sa fier, dat sy moest fan dy feint bifalle. Doe makke dy feint it gau út en hy kom net wer. Rixt krige in bern. Doe't dat sa'n oardeheal à twa jier âld wie, wie der us in kear feest yn Raerd (=...
nl.verhalenbank.23631
As jy de helm by in pasgeboaren bern nei boppe ta ôflûke, dan kin dat bern letter yn 'e takomst sjen. Lûkt men de helm nei ûnderen ta ôf, dan sjocht er net hwat. Dy't op snein geboaren wurde binne knoffelbân-biners; ek wiersizers (dan matte se ek mei de helm geboaren wêze). As in helm op in skip is, dan forgiet it skip noait en to nimmer.
nl.verhalenbank.23022
Jan van der Zee wenne by de haven op Smel-ie. Syn wiif krige in lytsen. Syn omke wenne op 'e koai by Smel-ie. Dy syn wiif kom us in kear by Jan van der Zee om de lytse to sjen. Wylst hja dêr wie, krige it bern hiel bot pine. It raesde it út. It bern waerd fan dy ûre ôf siik en 't is stoarn. Doe ha se 't kessen neisjoen. Dêr sieten krânsen yn. Doe wie 't...
nl.verhalenbank.24003
Us mem fortelde: Us heit hat altyd it mal fan in hazze op it bil hawn. Dat wie hjir fan kom, sei mem, doe't beppe, - heit syn mem - yn forwachting wie fan ús heit sprong der in hazze foar har wei. Doe sloech se fan skrik harsels op 't bil. En dat wie oergong op ús heit.
nl.verhalenbank.33373
As hounen spûkgûle, dan komt der in lykstaesje lâns. In houn kin foarútsjen. Sa'n dier sjocht dan de lykstaesje al. Yn Houtigehage spûkgûlde in houn mei de kop nei in hûs ta, dêr't in frou yn forwachting wie. Der woarde in skoftsje letter in dea popke geboaren. Dat kom dêr doe lâns mei de dragers.
nl.verhalenbank.33774
Der hat in boerefeint op 'e Suderdwarsfeart wenne, dy wie ek mei de helm geboaren. Dy tsjinne to Drachten by in boer op it Súd. Tichteby wenne in arbeidersfrou, dat minske wie yn forwachting. Mar hja wie sa soun dat, hja die al har wurk oan it lêste ta. It fremde wie, as de feint tafallich by har wie of mei har praette, wie er och sa stil en seach mar...
nl.verhalenbank.33773
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Yn Feansterheide wenne in tsjoenster. Der wienen minsken dy hienen in poppe, dy gûlde de hiele nacht. De mem sei: "Dat docht dat âlde wiif." Doe sei de heit fan it bern: "Ik sil der achteroan." Doe gong er nei de wente fan 't âld-wiif. 't Wie yn 'e nacht. Sy siet yn 'e doar op 'e drompel. Hja hie twa katten by...
nl.verhalenbank.23500
De lytse bern komme ûnder 'e blauwe stien wei.
nl.verhalenbank.23104
Yn Westersân woarde in bern geboaren, dat fleach by de geboarte troch de keamer hinne. It bern koe fuort prate. Mar it bleau net langer as in ûre yn leven. It fleach by de gerdinen omheech en sei: "Als moeder eens wist hoe het met het sterven is." Doe foel it nei ûnderen en it wie dea. Beppe tsjinne dêr in pear huzen ôf. Dy woarde sa binaud, dat sy hat de...
nl.verhalenbank.19851
As der to Boelensloane in bern bitsjoend wie gongen se nei Frânse Hinke ta yn 'e Rottefalle. Dat wie in duvelbanster. Sy nommen in stikje klean fan it bern mei, meastal it mûtske. Hinke joech de lju in drankje mei, ek wol us in pod. De pod moesten se de berntsjes yn 'e klean binaeije. gaf ze die mee? Had ze padden in voorraad?
nl.verhalenbank.23501
Sahwat in hûndertfyftich jier lyn wenne der yn Assen in faem, dy hie forkearing. Sy moest bifalle fan dy feint. De minsken seinen dat it gjin goed spul wie en sy fortelden it oan 'e burgemeester. Doe gong dy burgemeester nei de faem ta. Hy sei tsjin har: "Hoe bistû yn forwachting kom?" "Dat mei ik net sizze", sei de faem. "Né? Hwerom net?" frege de...
nl.verhalenbank.26121
Rapke Aukes wenne op 'e Houtigehage. Op in kear kom er thús mei in hazze. 't Frommes sei: "Hwat hast dêr in moaije hazze!" "Ja," sei Rapke, "dêr sit in moaije kop op." En hy kriget de hazze en flikt der har út gekheit mei tsjin 'e holle oan. It minske wie yn forwachting. Doe't it bern geboaren woarde wie 't in soan mei in hazzemûle. It is Piter Tuinstra.
nl.verhalenbank.26889
Hoe't de stjonkswam der kommen is Der wie ris in fanke. dat waard grutbrocht by har beppe. Beppe wenne yn in hûske yn 'e bosk. Se wie tige earm en waard fan 'e tsjerke ûnderhâlden. Dat sadree't it fanke âld genôch wie, moast se der út en waard boerefaam. Beppe woe graach, dat se har ta deugd oanstelle soe en dêrom fertelde se har allerhanne ferhalen,...
nl.verhalenbank.14634
35