Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn 'e Sumarreheide seagen se froeger ljochtsjes boven de fjilden. Dat neamden se wylde lantearnen. Dat wie de foarboade fan 'e betonwei, dy't dêr letter kom is. De ljochtsjes, dat wienen de auto's dy't der oerhinne ride.
nl.verhalenbank.33333
Doe't wy noch op 'e Gariperheide wennen seagen wy dêr soms ljochtsjes op it plak dêr't nou de nije rykswei is. Guon wolle ha dat dat de ljochtsjes west ha fan 'e auto's dy't dêr nou lâns ride.
nl.verhalenbank.35910
Auke Siebenga fan Nyegeaster Pein hie nei Aldegea nei de faem ta west. Hy wie op 'e weromreis en roan de Aldegeaster dyk del. Hy wie noch net oan 't brechje ta. Der stienen trije rigen swiere ikebeammen oan wearskanten fan 'e wei. Doe kom der in ljocht oan, de kant fan Nyegea út wei. Auke sprong oan kant, hwant hy tocht: dat kin wolris in auto wêze. Hy...
nl.verhalenbank.33624
In deade tsjinkomme
Ik ha koartlyn in ferhaal heard fan ien, dy hie in âld minske efter yn in auto sitten sjoen, en dat minske wie al jierren en jierren dea. En it wie ek gjin frommis dat der wol wat op like, nee, it wie dúdlik en dúdlik te sjen, dat sy it sels wie.
nl.verhalenbank.12157