Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
DE ROVER DIE TOVEREN KON
In de omgeving van Nieuwendam leefde vroeger een rover die ze maar niet te pakken konden krijgen. Op een keer hoorden ze dat hij in een herberg in de kom van Nieuwendam zat en onmiddellijk ging de burgemeester met een stuk of wat dienders er op af. En jawel, daar zat hij aan een tafel rustig zijn bittertje te drinken of er geen...
nl.verhalenbank.13341
Yn Warten wie in dief, dy naeide út. Hy kaem yn in doarp dêr rôpen se: Gryp him! Doe krige dat doarp de namme fan Garyp. Doe flechte er nei in oar doarp, dêr krigen se him to pakken en de lju rôpen: Berg 'm! Doe krige dat doarp de namme Burgum.
nl.verhalenbank.31337
De dood en het meisje
Een 23-jarig Roemeens meisje overleed nadat ze een overdosis medicijnen had genomen. Dokters concludeerden dat het meisje geen hartslag meer had, waarop het meisje naar het mortuarium werd gebracht. Daar werd het meisje verkracht door de lijkschouwer.
Tijdens deze verkrachting kwam het meisje weer tot leven. Ze begint meteen te...
nl.verhalenbank.29219
Alles hwat de oerheden ophingje, meije de ûnderdanen net delhelje.
Sa'n trijehûndert jier lyn wennen der yn 'e Kompenije twa bruorren: Gurbe en Jan. Hja leefden fan ynbrekken en stellen en moardzjen. Mar op in kear, doe't se in âlde boer biroofd hienen, woarde Jan pakt. Hy woarde foroardield ta de strop. Hy soe to Ljouwert ophong wurde op it Saeilân....
nl.verhalenbank.21043
Van 't Huis met de Hoofden
Mijnheer, zeer aangenaam was ik verrast door U[w] beleefd schrijven. Gaarne voldoe ik aan U[w] verzoek om wat ik weet omtrent het huis met de hoofden mede te deelen. [...] Ik zal dus zoo goed mogelijk maar beginnen met hetgeen ik mij herinner van 't verhaal dat onze grootmoeder deed van 't huis met de hoofden.
Er was eens een...
nl.verhalenbank.13054
Japik Ingberts ried ta alle fjouwer poarten fan Ljouwert út op ien en deselde tiid. 't Wie tolve ûre.
Hy hie biricht krige, hy moest op dy tiid by ien fan 'e poarten wêze, dan soed er arresteard wurde. By elke poarte stienen guon fan 'e plysje.
Mar Japik Ingberts siet, foardat er op stap gong, prinshearlik yn 't hóátel 'De Nije Doelen', dêr't er brette...
nl.verhalenbank.25054
Sterke Hearke ried us yn 'e wein oer de Skilige Piip. Doe kommen der twa man by him, dat wienen rovers.
"Oflizze", seinen se. Mar Hearke sei: "'k Sil mei jim ôfweve." Hy joech de iene mei in fjûrstien sa'n trewinkel tsjin 't wang, dat hy sei: "Dû bist murken."
Dy ha se de oare deis oppakt, se koenen him samar. De oare rover wie gau útnaeid.
nl.verhalenbank.23618
De plysjes moesten in man opbringe. Dy wie ôfgryslike sterk en hy stie gau mei 't gewear klear. Der gongen twa plysjes hinne, mar dy koenen him net baes wurde.
Dat doe gongen se hinne en fregen Sterke Hearke of hy der hinne woe. Hearke wie 'onbezoldigd' veldwachter.
Hearke gong nei him ta. "Kom mei, jonge, mast even mei komme", sei Hearke en hy krige him...
nl.verhalenbank.25651
Doe't ik 38 wie, haw ik nei in kaertlizter ta west yn Lukaswoude. Dêr wie it doe merke. Hja sei, ik wie to goed en dêr waerd wol misbrûk fan makke. Ik holp faek oaren en dêr waerd ik net nei bileanne. Ik soe 75 jier âld wurde. Ik bin nou 74.
Doe wie myn maet oan 'e beurt, dat wie Berend Bakker fan Roan. Hja sei tsjin him: "Foar jo ha 'k net sa'n moai...
nl.verhalenbank.19369
Ik ha twa minsken kend, in man en in frou. Dy koenen min mei mankoar. De man bihandele syn frou skandalich. Doe binne se by elkoar wei rekke.
Letter helle dy keardel in tige minne streek út. Dat wie in strafber feit en hy woarde der foar op helle. Mar hy sei dat er it net dien hie.
De dochter fan dy lju lei dy nachts op bêd. Har mem wie doe al lang...
nl.verhalenbank.25708
Reitsma hie, as jong keardel op in tongersdei yn Boalsert op 'e merke fochten. Twa plysjes brochten him op nei it stêdhûs. Der, boppe it bordes fan de yngong wie it cachot. Se brochten him by de treppen op. Doe se boppe wienen sei Douwe: Nou kinne jim my einliks ek wol loslitte net? Ik kin dochs nergens hinne” Dat founen de plysjes ek en se lieten him...
nl.verhalenbank.50552
Willem Woudstra stiel op in nacht in kou.
Hy wie like rjocht as jo en ik, mar hy makke in bult en dy treau er ûnder 'e jas op 'e rêch en sa gong er mei de kou nei Ljouwert ta.
Dêr forkocht er dy kou oan in joad. Fuort dêrnei died er de bult wer ûnder 'e jas wei.
Mar sy snapten him. Hy woarde der fan fortocht, dat er dy kou stellen hie. Hy moest foar 't...
nl.verhalenbank.23541
Doe't er noch gjin plysje wie, wied er us op in winterjoun oan 't lotsjen. Dat wie forbean en de plysjes attrapearren him. Dy pakten him beet en woenen him meinimme. Mar doe gong Klaes sa to kear, hy trape troch de flier hinne en de plysjes koenen him net hâlde. Hy sei: "Ik wol der wol út, mar dan moatte jimme my loslitte."
nl.verhalenbank.20706
Ik haw ek by in frommes yn Grins west. Dat wie in sikere W. Kortstra. Sy wenne yn 'e Meeuwerderstraat. Us hûs op 'e Dwarsfeart wie krekt ôfbrând. Myn soan hie nei de faem west mei de auto. De nachts nei de brân woarde myn soan om ien ûre oanhâlden troch de plysjes.
De oare deis gong ik nei de kaertlizter ta, hwant ik woe wite hoe't it komme soe. Ik liet...
nl.verhalenbank.22878
Imke de Jong wenne to Grins. Mar dêr hat er it sa raer dien, dat sy setten him yn 'e gefangenis. Mar yn 'e gefangenis wienen se skjin mei him forlegen, dat dêr moest er ek út. Klokslach tolve moest er de stêd Grins forlitte. Grins hie yn dy tiid fjouwer poarten. Krekt klokslach tolve ried Imke út alle fjouwer poarten wei. Yn elke poarte waerd er om tolve...
nl.verhalenbank.17021
Trije keardels út 'e Harkema wienen ris dronken. As se goed dronken wienen, dan wienen 't rare mannen. En gefaerlik. Hja wienen op 'e Lange Wyk. Dêr hienen se yn 'e kroech sitten.
Doe praetten dy trije mei elkoar ôf, hja soenen de earste de bêste dy't se tsjin kommen deameitsje.
Doe trof dat in postloper. It gebeurde op 'e Lange Wyk. Dêr ha se doe mei har...
nl.verhalenbank.35914
Ja (aldus de heer D. Schuurman), van de vrije kunst weet ik ook nog wel een moppie.
In den buurt van Nieuwendam was vroeger jaren een roover, die ze maar niet te pakken konden krijgen. Op lest hoorden ze dat ie in een herberg te Nieuwendam was, en de burgemeester gong er met een stuk of wat dienders op af. De roover had net een bittertje besteld en zat...
nl.verhalenbank.9177
Alde Wierd Kooistra syn soan Rinse hat Rapke timmerman (Wijma) formoarde. In maend foardat dat gebeurde hat Wierd syn wiif hwat sjoen. Doe kom der in wein oan sûnder hynders der foar.
't Hat sahwat yn 1912 west. Dy wein treau har en har nichtsje Pôpe Jantsje hast yn 'e hage. Mar der wie yn werklikheit neat.
Fjouwer wiken neitiid hâldde dêr in auto stil...
nl.verhalenbank.21223
Sy neamden Toon de koaning fan Marken. Dat kom sa. Op in snein makke Toon mei in stik of hwat kammeraten in reiske nei Marken. Dêr setten se de blomkes bûten. Sy woarden hwat dronken en Toon joech in oar syn faem in tútsje. Dêr kom deiliskip út fuort. De burgemeester en twa plysjes arrestearden Toon. Hy woarde boun.
Syn maten tochten: "Hoe sil dit gean?"...
nl.verhalenbank.19607
Myn pake Sieds Leerstra wenne by de boer. 't Wie yn 'e Harkema. Doe kaem dêr us op in joun in frommes, dat woe dêr graech oernachtsje.
Doe sei us pake tsjin 'e boer: "'t Is net in frommes, 't is in keardel."
"Dat kinstû wol sizze," sei de boer, "mar hoe wurde wy dat gewaer?"
"Jo matte ús in apel tasmite," sei pake, "dan fornimme jo 't wol."
Doe smiet er...
nl.verhalenbank.21398