Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Japik Ingberts ried ta alle fjouwer poarten fan Ljouwert út op ien en deselde tiid. 't Wie tolve ûre.
Hy hie biricht krige, hy moest op dy tiid by ien fan 'e poarten wêze, dan soed er arresteard wurde. By elke poarte stienen guon fan 'e plysje.
Mar Japik Ingberts siet, foardat er op stap gong, prinshearlik yn 't hóátel 'De Nije Doelen', dêr't er brette...
nl.verhalenbank.25054
Doe't ik 38 wie, haw ik nei in kaertlizter ta west yn Lukaswoude. Dêr wie it doe merke. Hja sei, ik wie to goed en dêr waerd wol misbrûk fan makke. Ik holp faek oaren en dêr waerd ik net nei bileanne. Ik soe 75 jier âld wurde. Ik bin nou 74.
Doe wie myn maet oan 'e beurt, dat wie Berend Bakker fan Roan. Hja sei tsjin him: "Foar jo ha 'k net sa'n moai...
nl.verhalenbank.19369
Ik haw ek by in frommes yn Grins west. Dat wie in sikere W. Kortstra. Sy wenne yn 'e Meeuwerderstraat. Us hûs op 'e Dwarsfeart wie krekt ôfbrând. Myn soan hie nei de faem west mei de auto. De nachts nei de brân woarde myn soan om ien ûre oanhâlden troch de plysjes.
De oare deis gong ik nei de kaertlizter ta, hwant ik woe wite hoe't it komme soe. Ik liet...
nl.verhalenbank.22878
Trije keardels út 'e Harkema wienen ris dronken. As se goed dronken wienen, dan wienen 't rare mannen. En gefaerlik. Hja wienen op 'e Lange Wyk. Dêr hienen se yn 'e kroech sitten.
Doe praetten dy trije mei elkoar ôf, hja soenen de earste de bêste dy't se tsjin kommen deameitsje.
Doe trof dat in postloper. It gebeurde op 'e Lange Wyk. Dêr ha se doe mei har...
nl.verhalenbank.35914