Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Alde Jan Klompstra's Ael siet yn 'e earremoed. Hja moest sein ha: "Hwat woe ik graech dat ik fiif en twintich goune hie, as joech de duvel it ek."
Hja gong de Pasterijelannen del en dêr foun se in briefke fan fiif en twintich goune. Mar sy liet it lizze.
nl.verhalenbank.24516
Der wenne in frommeske yn Sumar, dat wie famylje fan Sterke Hearke. Hja luts samar twa kroadfollen jirpels troch de modder hinne. Net in keardel dy't it dwaen koe, hja die it allinne.
Sy nom ek samar op elke earm in sekfol jirpels, dy't se nei de wâl ta sjoude. Hja skreau har Borger.
nl.verhalenbank.25634
Piter Poes wie ek in krûdesiker. Minsken kamen by him om rie as hja sels of it fé mei sykte to kampen hienen.
Piter joech dan rie en se namen krûden fan him mei.
Op in kear kaem Klaes Heddema fan 'e Tike by him. Klaes hat it my sels forteld.
Doe't Klaes dêr yn 'e hûs kaem siet Piter to lêzen yn in boek. Wylst kamen der allegear roeken om 'e doar. Se...
nl.verhalenbank.32313
Tseard Oosterman syn muoike fan 'e Tike hie in skiep siik. Dat wie bitsjoend. Der kommen trije ielen út sa dik as in earm.
Der wie ien dy sei: "Dat is in goed miel."
Mar de muoike fan Tseard sei: "Hwat miene jo, dat wy dy opite?"
It skiep woarde wer better.
nl.verhalenbank.32470
Yn 'e Rottefalle hat in hiel sterk frommes wenne. Dat wie Jantsje Boom. It wie in skippersdochter. Dy wie sa sterk, dat hja droech samar twa sekfollen ierappels - dat wie 140 poun -, ûnder elke earm ien, fan 'e Rotfalle nei de Folgeren. Dat wie mear as in healûre gean. Dan bleau se ûnderweis ek noch stean to praten sûnder dat se de sekken delsette.
nl.verhalenbank.32921
Us oerpake hat alris in bijeflecht foun. Doe't er yn Napoleonstiid in namme opjaen moest sei er: van der Flecht. Fanwege dy bijeflecht. Mar dat mocht net omt 'Flecht' in Frysk wurd wie. Doe is 't 'Vlugt' woarn. Hy hiet sûnt Wibe Popkes van der Vlugt.
It gebeurde yn 1856 of '57. Itske wie myn omke, in broer fan heit. Sy wennen yn in greate plaets oan 'e...
nl.verhalenbank.32912
De stiennen ûlebuorden.
't Wie needwaer, it stoarme dat it hwat die. Der wenne in boer yn Ingelum, dy syn plaets wie striemin. Hy wie sahwat oan 't omfallen ta. Dy pleats stie in eintsje bûten-út.
De boer hie nei 't doarp ta west en wie nou ûnderweis nei hûs ta. 't Wie op 'e joun.
Dêr kaem in man him opside, dy roun mei him del.
De boer sei tsjin him: "Ik...
nl.verhalenbank.31897
Piter Poeske
Ik ha wol ris heard, hoe't er oan syn bynamme kommen is. Dat kaam, seinen ús heit-en-dy, trochdat er altyd by de boeren helle waard, as it net tsjernje woe. Dan liet er him nei de molkenkelder bringe en rûn er om 'e aden hinne. Iderkear stiek er de finger yn 'e rjemme en dan slikke er mar, krekt as in kat. Hoe't er him skreau, wit ik net...
nl.verhalenbank.13014