Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Froeger woarde der altyd sein: Dy't syn mem slacht, dy krijt in pear ûngelokkige earms.
nl.verhalenbank.26932
Wiger Visser wie in broer fan heit. Hy wenne op 'e Noarder Dwarsfeart. Der wienen guon dy soenen beammen op 'e wein lade. 't Wienen dikke, swiere beammen. Mar sy koenen it net oprêdde. Doe kaem omke Wiger der by.
"Gean mar wei", sei er. Hy sloech de earm om in beam hinne en hy hie him samar op 'e wein. Dat die er mei de oaren ek.
Se neamden him altyd...
nl.verhalenbank.37023
Dyselde boer wie us op in kear to ôfljochtsjen. Hy die 't yn 't tsjuster en hie gjin lantearne by him. Doe krige er ynienen in klap op 'e earm, dy't goed bot oankaem. Dat hie de duvel dien. Sy ha fuort dêrnei alles ôfljochte, mar der wie neat to sjen.
nl.verhalenbank.19865
Froeger woarde der sein: Noait boartsje mei iten, en 't ek noait fuortgoaije. Jow 't dan earder oan 'e dieren. Goait men it fuort dan komt men bot yn 't lijen to sitten.
nl.verhalenbank.26934
Froeger hienen se greate kettingeiden (= eggen). Dy dingen wienen hiel swier. Der wienen twa man foar noadich om sa'n kettingeide op 'e wein to lizzen en dan hienen se der nòch tillen oan.
Dyselde luije boer hie sa'n kettingeide by Jan Welling, de smid fan Aldegea. Dêr hie hwat oan mankeard en de smid hie 't makke. De boer kom dêr om de kettingeide op to...
nl.verhalenbank.33337
Der wie in earm mantsje, dy fong in papegaei, dy't útnaeid wie. Doe sei dy papegaei: "Ik gaf wel honderd gulden als ik mijn baas maar weer had."
Doe't dat mantsje dat hearde, tocht er: "Dan bring ik him gau toplak." Hwant hy wist wol fan hwa't de papegaei wie.
De baes wie bliid dat er de papegaei wer hie.
"Hwat bileanning matte jo ha?" sei er.
Doe sei dat...
nl.verhalenbank.32890
By 't nije tsjerkhôf fan Surhústerfean dêr spoeke altyd in man om mei in koekekoer mei koeken yn 'e earm. Guon wienen dêr deabinaud foar.
nl.verhalenbank.19621
Der wie in man yn 'e Houtigehage oan 't jirpeldollen. Dêr wie tagelyk in fanke oan 't jirpelsykjen.
De man sei: "Wy dogge joun net sa lang, hwant ik mat ek noch nei Surhústerfean ta."
"O hea," sei se, "matte jo ek by 't tsjerkhôf lâns?"
"Ja," sei er, "hwat soe dat?"
"By 't tsjerkhôf," sei se, "stiet altyd in frou mei in koer mei koeke yn 'e earm. Dy...
nl.verhalenbank.21168
Klaes Kunst droech syn eigen holle samar ûnder 'e earm, ha se my wolris forteld.
nl.verhalenbank.27928
As ien min bihandele wurdt troch in oaren ien en hy komt to forstjerren dan moat dy oare de forstoarne wer sjen.
Nou krekt fiif en fyftich jier lyn wenne der yn Surhuzum in boerke. Hy wenne njonken in smidterij, in eintsje achterút. Hy wenne by syn mem yn. Dat minske wie widdou. 't Wie âlde Piere Mat en sy hie o sa min mei har man kind.
Yn Surhuzum seinen...
nl.verhalenbank.19970
Yn Easterlittens wenne in skuonmakker. Hy en syn wyfke hienen it tige krap. Mar hy sei tsjin har: "Ik ha altyd noch in hope." De frou sei: "Lit dy hope mar farre. Wy sitte yn 'e earmoed en wy bliuwe yn 'e earmoed."
Mar de skuonmakker joech de hoop net forlern.
Op in nacht droomde hy. Doe sei er de oare moarns tsjin syn frou: Ik droomde, der kom in frou...
nl.verhalenbank.27071
Yn Lúkswâlde wenne in boer, dy hiet fan Jan van der Werf. Doe't ik sechstjin jier âld wie haw ik as feintsje by him tsjinne.
Dy boer lei it der op oer om faillyt to gean. Gokke en sûpe en jildforgrieme. Elkenien koe sjen dat it forkeard gean soe.
Dy boer hie in droom, dêr seach er alles yn. Hy fortroude altyd op syn dromen.
Hy droomde, hy soe stokearm...
nl.verhalenbank.26970
Der wie in skatrike widdou, dy wenne yn Stavoren. Sy hie allegear skippen op sé dy't nei fiere lannen farden om dêr handel to driuwen.
Op in kear sei se tsjin ien fan 'e skippers: "Nou mast foar my it allermoaiste meinimme hwat der mar to krijen is."
Nei in lange reis komt dy skipper werom. Hy hat it skip fol rogge.
Dûm wie de widdou fan lilkens. Sy sei...
nl.verhalenbank.26971
Der wie in arbeider, dy hiet fan Geale. Hy wenne op 'e Skieding ûnder Grinzer Pein, yn in âlde spitkeet. Dy wie sa plat, dat de jonges dy wâlden op syn hûs om.
Geale wie frijgesel. Hy arbeide fûl, 't gong suver dei en nacht altyd troch, om mar hwat foarút to skarreljen.
Op in kear, doe hie Geale him forslept. Hy woarde wekker en makke syn brea klear en...
nl.verhalenbank.32694
Ritske wie yn 'e Beetster petten oan 't baggeljen.
Ritske hie gedonder hawn mei Jaring Hollander fan 'e Fjouwer Roede. Dy hie him biskiten mei jirappels.
Ritske moest der alle nachten út. Dan kommen der altyd twa man. De iene krige him yn 'e earm, en de oare gong achter him oan. Dy achterste sei altyd: "net dwaen", Sa kommen se by de petgatten.
De iene...
nl.verhalenbank.23013
Sjoerd de Graaf syn soan hie in famke. Sy wie us in kear oan 't boartsjen, doe sei se tjin har mem:
"Der gebeurt joun in ûngelok."
Deselde jouns bruts se it earmke. Dat der hwat gebeurde soe, wist it bern fan tofoaren.
nl.verhalenbank.24813
Berga wie plysje yn Grinzer Pein. Hy wie almeugende sterk. Hy wie mear as twa m. lang en hy woech trijehûndert poun.
Jumbo neamden se him. Syn frou libbet noch, dy is in goeije tachtich jier. Hy komt fan 'e Haule. Hy hat plysje west yn Haulerwyk en yn Grinzer Pein. Ek yn Grins. Hy wie almeugende sterk. To Grins pakte er twa studinten dy't net om lyk...
nl.verhalenbank.27504
Der hat in keardel west, dy koe hwat mear as in oar.
Hy hie de kweade hân, seinen se wol. Ien hat my us oer him forteld. Dy hie 't sels bileefd:
Ik hie 't sa earmoedich, sei er. Ik kocht in bichje foar fyftsjin stûren. Doe't ik it thús hie, kom dy keardel by my. Dy koe duvelskunsten.
"Hast in bigge kocht?" sei er.
"Ja", sei 'k.
"'t Is net sa'n dikken",...
nl.verhalenbank.25567
Der wie in boer, dy biwenne in hiele âlde rottrige pleats, in rottekleaster. De pleats wie o sa min. Mar hy koe noait in nijen ien bitelje, hwant it wie earmoed by him. Hy skripte nachts en deis troch, om toch noch de kâns to hawwen in nije pleats sette to litten, mar hy bidijde neat.
Doe kom der op in kear in man by him, dy sei: "Yn ien nacht bou ik foar...
nl.verhalenbank.19738
Ynse wie in grouwe, greate keardel. Hy wie noait hastich. Hy baggere by Klaes-om. In oar farde altyd mei de baggerbakken, mar hy nom se ûnder 'e earm en tilde se sa nei 't plak dêr't se wêze moesten. "Ik wol net farre", sei er.
nl.verhalenbank.19688