Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As minsken (arbeiders) tofolle praetten by it wurk, krigen se it folgjende teltsje to hearren fan 'e boer:
Der wienen twa arbeiders, dy groeven in feart. Sy bigongen elk op in ein. Doe wienen se op it lêst byinoar. Doe bigong de iene to praten. Doe hâldde de oare op mei graven en sei: "Ik wol net mear mei dy arbeidzje, want dû bist in prater."
nl.verhalenbank.20601
Op in kear ha 'k nei Jehannes de Boer ta west, dy't op it Wytfean wenne. Dêr wie myn pake arbeider. Ik wie doe noch in jonge. Der wie praet woarn oer spoekjen en ik wie neat net gerêst ûnderweis. Ik wie sahwat op it plak, dêr't nou Veenema wennet, doe kom der my hwat op side. It like op in greate grouwe swarte houn en it roan deun tsjin my oan.
Oan 'e...
nl.verhalenbank.12274
By de bruorren Veenstra, de omkes fan Piter en Klaes misten se al in pear kear ierpels út 'e bult.
Der moest in dief wêze, dy't dêr nou en dan ta siet. De beide bruorren nommen sterke Hearke ûnder 'e earm dy wie stille plysje en dy hie wol us in kerweike foar har dien.
Hearke hâldde him dy nachts tichte by de bult forskûle. De dief kom der oan en gong ta...
nl.verhalenbank.19959
Us heit en ús Oebele en ik hawwe ris yn Uthuzen west op 'e klaei oan 't wurk. Ik wie doe fjirtsjin jier. Doe slepten wy yn in skuorre, dêr spoeke it yn. Dêr woarde in kat yn 'e nacht fan 't iene plak nei 't oare smiten. Mar wy ha noait hwat fornom.
nl.verhalenbank.29316
Sterke Hearke wie arbeider op it Bomkleaster. De skerngatten fan 'e boerehiemen binne faek djip en sa wie it dêr ek. Sy hienen in foer dong laden en dêr de hynders foar spand, mar dy koene de stront net út it skerngat wei krije. De boerinne kom krekt mei kofje en de manlju ornearren, sy soenen earst mar ris kofjedrinke en dan soene se mar ris wer sjen.
Se...
nl.verhalenbank.12283
It wie yn 'e ûngetiid. De boer hie it tige drok mei syn arbeiders. Se skeaten tiid tokoart. De boer wie gleonhastich.
Hy die 't him middeis amper oan tiid to iten. Hy lei altyd al gau de leppel del en dan moesten de arbeiders it út fatsoen èk wol dwaen.
Mar dit sinnige har net fansels. Se krigen op dy menier to min iten. En dêrom nommen se op in dei it...
nl.verhalenbank.33853