Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
't Folk wie hjir froeger bang foar de kweamendeis.
De beesten woarden op mendei noait útlitten.
As Petrus Benedictus op mendei sichtsje soe, dan sichte er earst op saterdei in lyts hoekje. Dan wie 't oan 'e gong.
De ham fan 't hynder hongen de boeren hjir altyd heech yn 'e beam, dan soe de fôlle de kop heech hâlde, mienden se.
nl.verhalenbank.20978
Sterke Hearke krige de ploege by de sturt beet. De ploegen hienen doe mar ien sturt.
Hearke luts allinne in foer dong út it skerngat wei.
Op in kear wie Sterke Hearke oan 't meanen. Hy tochte: "Hwat wol dat min." Doe hied er al in hiel stik ôfmeand. Hy nei de seine sjen en hwat wie doe 't gefal? Doe siet de fuorring noch om 'e seine hinne.
nl.verhalenbank.20969
Froeger bigongen de boeren yn 'e Rottefalle op mendei noait mei in nij stik wurk, hwant der binne forkearde mendeis yn 't jier. Se dienen dan al in bytsje oan it karwei op saterdei.
Dan gongen se der de mendeis mei fierder. Dan hienen se in bigjin makke.
nl.verhalenbank.33794
Mem fortelde ek, der hie ris in feintsje by in boer wenne, dy hie alle wurk yn in omsjoch dien. As er modderbultstruije moest, dan klapte er mar even yn 'e hannen en 't woarde foar him dien. Dat feintsje hie in forboun mei de kweade happert, sei mem. D_ die 't wurk foar him.
nl.verhalenbank.32973
Sweitse de Wit wenne op Feansterheide. Hy wie arbeider by Wytse Rinsma yn Rottefalle.
Moarns moest er dêr hinne rinne en jouns kaem er werom. Alle kearen seach er hwat. Op 't lêst hie hy dêr sa'n hinder fan, dat doe is er nei Rottefalle ta gien to wenjen.
nl.verhalenbank.20967
Sterke Hearke wie ris in kear op it lân oan 't ploeijen.
Doe kommen dêr ris minsken by him, dy fregen him of er ek wist hwer't dy en dy wennen.
Doe hie Hearke de ploech optild en sein: "Dan matte jo dêr en dêr lâns gean." En sa hied er mei de ploech yn 'e rounte wiisd. Hy hie him mei ien hân optild.
nl.verhalenbank.33066