Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Ierdmantsjes wennen yn in holle beam. Koe men it wurk net oan, dan sei men: "Nou hoop ik, dat de ierdmantsjes my helpe."
nl.verhalenbank.28392
Ik haw ris mei de keppel to flaechslûken west nei in plakje achter Bedum. Wy sliepten yn in âld skuorre. It spoeke dêr.
Yn 'e foarkeamer wennen minsken. De baes sei: "Op dat plak yn 'e skuorre meije jimme net komme." En doe wiisde hy 't plak oan.
Doe't wy in nacht yn dy skuorre sliept hienen, gongen de oare moarns de minsken hast allegear nei hûs ta. Hja...
nl.verhalenbank.20725
Hindrik de Boer wenne hjir yn 'e Harkema. Hy arbeide yn Grinslân op 'e klaei en wie altyd de hiele wike fuort. Tsjin syn wiif hied er sein: "Dû meist net by dyn folk komme, dat wol 'k bislist net lije." Hwant hy hie spul hawn mei syn wive folk.
Mar op in joun, midden yn 'e wike, tocht se: "Ik wol der even sjen." En hja gong op stap. Mar doe't se sahwat op...
nl.verhalenbank.21565
Der wenne in feint by in boer, dy feint hie sa'n duvelboek. De boer stjûrde him nei 't lân to dongstruijen.
Mar dy feint gong moai yn 'e sinne lizzen. Doe't er sa in skoft lein hie, krige er it duvelboek en bigong der yn to lêzen. Doe kommen der allegear âlde roeken op 't lân en dy bigongen to dongstruijen. Yn in healûre wie alle dong oer 't lân. Doe...
nl.verhalenbank.27459
Gerrit Boonstra fan Mearum gong moarns bitiid to meanen nei de trambaen, omdat it gers, dat dêr groeide allinne moarns bitiid snije woe.
Doe hied er op in kear dêr al tiden meand, doe fornom er pas, dat er de sek noch om 'e seine hinne sitten hie. Doe hied er al in hiele protte gers ôfmeand.
nl.verhalenbank.23459
Op 'e Tike wennen Bouwe en Jits. Har soan Sibe gong elke dei nei Hilke en Baeije ta to arbeidzjen.
Op in kear doe kom er thús en doe sei syn suster Bouk: "Ik bin sa binaud, it knapt hjir sa hyltyd yn 'e hûs en dêr is neat to sjen."
"Ynbeeldings", sei Bouwe.
Doe't er in wike letter wer thúskaem fan it wurk om deselde tiid stie de klompkachel oer de flier...
nl.verhalenbank.19712
In pear reuzen hienen it tige drok hawn. Doe sloegen se har earms ergens om 'e tsjerke hinne en doe sei de iene tsjin 'e oare: "Hwat haw ik in warge lea."
Guon hearden dat en doe neamden se dat plak letter Wargea.
nl.verhalenbank.20435
Volksweerkunde
Weerspreuken
Mevrouw is bekend met weerspreuken, maar deze zijn passief aanwezig.
Ze wist wel te vertellen dat men zegt dat de zee onweer niet aanneemt met eb. Het onweer is dus altijd met eb. Ook wist ze te vertellen dat als koeien loeien, dit duidt op onweer.
rituelen goed weer
Het is nog steeds de gewoonten bij gelovigen om te bidden...
nl.verhalenbank.42909
Hy hat ek us in kear de kop fan 't harspit ôfmeand.
Hy hie 't noait fornom.
Ûnder 't meanen soed er harje. Hy soe 't harspit krije en doe seach er dat de kop der ôfslein wie mei de seine.
nl.verhalenbank.23461
As bern gong ik wol mei to wjudden nei Grinslân ta. Yn 'e Mieden fan Uthuzen stie in great boerespul, dêr stienen de beesten altyd los op 'e stâl. Makken se se jouns fêst, de oare moarns wienen se grif wer los.
nl.verhalenbank.19448
Jan Hepkes koe tige lige. Hy meande ris de kop fan 't harspit ôf, biwearde er.
nl.verhalenbank.23932
Bontsje van Dyk wie smid yn de Ham. Dêr wie in rymke fan:
Bontsje van Dyk
is de duvel gelyk.
Der wie eins net ien dy't Bontsje lije mocht. Sterke Hearke hat us in grap mei him úthelle. Hy kom by Bontsje lâns krekt wylst dy yn 'e hûs wie om kofje. Hearke giet stikum de smidte yn en tilt it swiere ambyld der út. Dat set er oan 'e kant fan 'e wei del.
Doe't...
nl.verhalenbank.15885
Us mem fortelde, der wie in jonge feint, dy moest moarns altyd nei 't lân ta to skiepmelken. Op in kear kom der in wite gedaente op him ta. Dêr wie dy jonge binaud foar en hy gong werom.
Dat gebeurde de oare deis wer. Doe sei de arbeider fan 'e boer, dêr't dy jonge wie: Nou sil ik dêr ris hinne. Hy hie in stik izer by him. Hy wachte by de barte dy't oer...
nl.verhalenbank.28319