Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him, dy frege hwer't Sterke Hearke wenne.
Hearke krige de ploech mei de hân beet en sei: "Hjir stean ik en dêr wenje ik."
nl.verhalenbank.23526
Erdmennekes zaten op de Moosdijk. Ze heetten Arië en Kyrië en hielpen 's nachts de mensen bij het karnen en bij ander werk.
nl.verhalenbank.46155
Even foar de oarloch fan '14 op '18 wienen myn broer Harm en Bjinse en Jan Sikkes Sjoerd mei har trijen oan 't kuijerjen yn Moarmwâld yn 'e nacht tusken alve en toalve.
Doe wie der in klok bigoun to lieden.
Sy seinen: "Hwat is dat?"
It duorre net lang, doe letten de klokken oeral. Yn Ikkerwâld, yn Moarwâld, yn De Geast, 't wienen allegear klokken dy't...
nl.verhalenbank.27434
Der wenne in man yn Marum, dy wie arbeider op 'e molkfabryk. Dy man dy flokte altyd sa skandalich, dat it wie in griis der nei to hearren.
Op in kear doe wied er allinne yn 'e fabryk. Doe is de duvel by him kaem en dy hat mei him fochten. Dat wie skoan to sjen, doe't se him even letter dea founen.
nl.verhalenbank.33124
Hjir yn Ikkerwâld hat in sterke keardel wenne. Syn namme wol my sa net yn 't sin komme.
Sy makken by 't spoar fan Ljouwert nei Grins greate spoargatten. Dêr wurke dy Ikkerwâldster ek oan mei. De polderjonges woenen him der tusken ha en stutsen him hyltyd de gek oan. Sy pestten him.
Doe't er yn sa'n spoargat siet en de pipegael fol modder hie, krige er ien...
nl.verhalenbank.24139
Der kommen us guon by in man dy wie op 't lân oan 't ploeijen. Dy fregen him nei Sterke Hearke. Dy man tilde de ploege op mei ien hân en sei: Dêr wennet er. Mei de oare hân wiisde er op 't boarst en sei: En hjir stiet er.
nl.verhalenbank.23093
Us Antsje (Veenstra; neamd nei Antsje Snipel) wie op in moarn ier en bitiid achter hûs yn 'e tún. De eksters hienen har wekker makke. Dy skatteren dat it hwat die en sy fottelen mar fan 'e iene doar nei de oare. Antsje tochte: dit is in min teken.
Doe gong de doar by de buorlju iepen en de dochter Anne kom der út. It wie in great fanke, sy wie krekt út...
nl.verhalenbank.17724
Wy gongen froeger nei de Grinzer klaei ta to wjudden. Dan slepten wy op in greate souder by Jan Kraak to Loppersum yn 'e skuorre. Wy gongen altyd nei dyselde boer ta.
Myn suster Rinsk hat us op 'e souder lein, doe fornom se dat der har in kâld bernehantsje op 't wang lein woarde.
nl.verhalenbank.25594
Alde Piters Antsje wie de beppe fan myn man. Dat wie in tsjoenster.
Gradus en Wyts (dat wienen myn man syn âlden) soenen nei 't boulân ta. Doe bea âlde Antsje har oan, sy soe salang wol op lytse Antsje passe. Dat wie dus har bernsbern en namgenoat. 't Wie in suster fan myn man.
It bern wie siik en skoanmem sei: "Jo matte der al even om tinke, dat it bern...
nl.verhalenbank.20703
We hebben een - klingelingeling - schapenbel. Dan ga ik voor aan het pad staan, en dan roep ik des middags: "Over tien minuten is het verschrikkelijke verhaal van de woeste reuzen Ellert en Brammert." Op die manier. En dan verzamelen de mensen. En dan vertellen we een beetje over hoe Schoonoord ontstaan is.
Rond 1854 was hier een hele groep mensen...
nl.verhalenbank.44910
Der kom us ien by Sterke Hearke. Hy wie op it fjild oan 't ploegjen.
"Hwer wennet sterke Hearke?" frege er.
Doe hie Hearke de ploech optild en sein: "Sjoch, hjir stiet er en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.23621
Heit en dy wienen ris op it Jachtfjild oan 't wurk. Doe seagen se op in stik lân dat de Foeke hiet, in frou út 'e groun kommen. Doe't se 't gesicht der ôf hienen, wie de frou ek wer fuort.
nl.verhalenbank.25867
Der wenne in feint by de boer. Dy wie de luije kant it neist. Hy hie in toverboekje.
Op in kear doe moest er nei 't lân ta to dongstruijen. Mar hy die neat. Hy gong gewoan yn 'e wâl lizzen.
De boer hie al in pear kearen nei him ta west om to sjen hoe fier hy wie. Mar de bultsjes stienen der allegear noch.
Doe't it hast iterstiid wie seach de boer dat dy...
nl.verhalenbank.25642
Sterke Hearke wie us in kear to ploegjen op it lân. Doe kommen der twa to freegjen hwer't Sterke Hearke wenne. Hjerke tilde de ploech op en wiisde dêrmei rjochtút en sei: "Sjoch dêr wennet er, en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.23409
Der lei in skipper yn Dokkum by de Bonifaciusfontein. De man die noait in slach en leefde der goed fan. Hy hie twa soannen.
Hy hie in sokke of in hoas, dy brocht er nou en dan ûnder 'e piip dy't oer de Strobosker feart lei. Dy hong er oan in toutsje. Dêr ûntfong er it jild yn. Dat krige er fan 'e duvel, dêr 't er him oan forkocht hie. Dêr leefden se fan.
nl.verhalenbank.21008
Sterke Hearke: it forhael fan 'e ploege.
nl.verhalenbank.23420
't Beurde op de Zegwaardscheweg (1) op een Hemelvaartsdag. Er stonden er een paar de tuin te spitten. Een kapelaan komt voorbij en zegt: "Zijn jullie vanmorgen al naar de kerk geweest?" "Nee", zeggen ze, "want deur de week hebben we geen tijd om te spitten". Maar hij liet ze staan dat ze niet meer spitten konden, tot hij thuis was. Ze bleven gewoon met...
nl.verhalenbank.50560
Us heit, Joeke Wybenga, wie ûnder tsjinst mei noch ien. Dat wie in Grinslanner en dy koe mear as in oar. It wie Imke de Jong. Dêr wie heit wol faek by.
Op in kear doe hienen se honger. Imke sei tsjin heit: "Sille wy togearre in bôlle keapje?"
"Jonge ja", sei heit. Doe gongen se in bakkerswinkel yn en kochten in bôlle. Heit lei in goune op 'e toanbank. Mar...
nl.verhalenbank.21577
Us heit en Ielke-om gongen alle jierren togearre nei deselde boer to ûngetiidzjen.
Doe droomde heit op in kear - krekt foardat de ûngetiid bigong - dat heit koe net wer mei. Ielke-om soe de skoansoan meinimme.
En doe wìe 't ek sa. Heit en Ielke-om ha doe yn gjin jierren mei elkoar praet.
nl.verhalenbank.25927
Alde Janke Mozes fan 'e Harkema gong foar in tsjoenster troch. Hja hie in blau doekje om 'e nekke hinne en hie de hannen yn 'e ploaijen fan 'e rok. As wy kofje fan har krigen op it lân, smieten wy it stikum fuort.
nl.verhalenbank.17598