Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
24 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: arbeid Place of Narration: Harkema
Us heit kom op in nacht thús, doe hearde er skoan dat se allegear oan it braekjen wienen. Teake syn slach koe hy der skoan út. En dochs leinen wy allegearre op bêd.
nl.verhalenbank.15526
Hearke wie us mei noch fjouwer mannen by in baes oan 't wurk. Sy moesten meiïnoar in grouwe, swiere balke forlizze. Mei wrikjen, earst oan 'e iene kant en dan wer oan 'e oare kant, prebearren se de balke fan 't sté to krijen. Mar it woe net. De ûnderbaes stie der by. Dy woarde lulk. Doe sei Hearke foars tsjin 'e fjouwer oaren: "Gean hjir wei, mannen." En...
nl.verhalenbank.20833
As de manlju fan 'e Harkema froeger nei Stêdskanael ta gongen to baggeljen wienen der altyd guon by, dy krigen de fretkoarts. Dan rekken se noait sêd. Se ieten mar troch. It iene potfol beantsjes nei 't oare. Se kòenen net sêd. It duorre meastal in dei of trije.
nl.verhalenbank.32990
Yn 'e Hamsterheide gebeurde it, dat in heit en in soan oan it braekjen wienen. Doe kom dêr in kat by har, dy wie wol twa kear sa dik as in gewoanenien. De heit krige in stok en sloech it beest sa bot, dat it bleau foar dea lizzen. De frou rôp de beide manlju yn 'e hûs om to kofjedrinken. Doe't se in setsje letter wer yn it braekhok kommen, wie de kat...
nl.verhalenbank.21251
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him, dy frege hwer't Sterke Hearke wenne. Hearke krige de ploech mei de hân beet en sei: "Hjir stean ik en dêr wenje ik."
nl.verhalenbank.23526
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploeijen. Doe kom der ien oan, dy frege him hwer't Sterke Hearke wenne. "Dêr wennet er", sei Hearke en hy krige de ploege yn 'e hân en stuts him foar him út. Doe sette er de ploege wer del en hy sei: "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.33292
Ik ha dy forhaeltsjes meast fan ús Anne-om. Hy fortelde ek dat Rixt altyd dongkroade. Sy wennen yn in lyts spultsje oan 'e Lytse wei. As Rixt mei de kroade fol troch 't mollelân (= 't ploege lân) kroade of oer it hurde paed, dat wie har krekt itselde. Sy koe net warch.
nl.verhalenbank.26138
Der wie ris in feint, dy woe graech wurk ha. Hy kom by in boer en frege him: "Kinne jo in boerefeint brûke?" "Jawol," sei de boer, "kinst melke?" Né, sei de feint, melke kin 'k net. Dan kin 'k dy ek net brûke, sei de boer. Doe gong dy feint nei in oare boer ta. Hy frege: "Kinne jo in feint brûke, boer?" "Jawol," sei de boer, "kinst' melke?" Né, sei de...
nl.verhalenbank.33656
Jan Hepkes fan Surhústerfean koe 't altyd moai sizze. Japik Laverman wenne ek op 't Fean. Dy hie buorkerije. Op in simmer doe siet Japik Laverman yn 'e haeijnge. Doe kom er by Jan Hepkes of dy him ek yn 't hea helpe koe. 't Wie prachtich waer. Jan gong mei him. Doe't er Japik de hiele dei holpen hie frege Japik: "Hwat mast nou fan my ha?" Jan Hepkes sei:...
nl.verhalenbank.21644
Heit hat wol mei Sterke Hearke arbeide. As der in foer hea yn'e skuorre moest, seinen se tsjin Hearke: "Jo matte it tiksel mar ha, dan skouwe wy." Mar ynpleats dat se skouden lutsen se oan 'e radden.
nl.verhalenbank.21151
Alde Piters Antsje wie de beppe fan myn man. Dat wie in tsjoenster. Gradus en Wyts (dat wienen myn man syn âlden) soenen nei 't boulân ta. Doe bea âlde Antsje har oan, sy soe salang wol op lytse Antsje passe. Dat wie dus har bernsbern en namgenoat. 't Wie in suster fan myn man. It bern wie siik en skoanmem sei: "Jo matte der al even om tinke, dat it bern...
nl.verhalenbank.20703
Mem har heit (Geart Alma) arbeide op it Kleaster by Bindert Japiks Kloosterman. Sterke Hearke arbeide dêr ek. 't Wie yn 'e haeijing. Der bleau in foer hea stykjen yn 'e skûrdoarren. "Doe kom Hearke oan 't tiksel om de wein der troch to lûken," sei pake, "en wy oan 'e achterste fjilden hâldden de wein krekt safolle tsjin as wy koenen. Wy hongen der oan....
nl.verhalenbank.19354
Saterdeis kom der altyd in boskje flaeks om de brake hinne, oars braken se sneins troch.
nl.verhalenbank.23437
Hy meande ek ris in kear doe hie er forgetten de fuorring fan 'e seine to dwaen. Mar hy hie krekt like goed trochmeand.
nl.verhalenbank.26148
Ek us in kear, doe wied er oan 't ploeijen. Doe kom der in man by him, dy wie ek tige sterk. Hy woe wolris sjen hwa't it sterkste wie, hy of Hearke. Mar hy koe Hearke net. Dêrom frege er hwer't sterke Hearke wenne. Doe stuts Hearke de ploech út mei ien hân en hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er." Doe wist dy man wol hwa't de sterkste wie.
nl.verhalenbank.25909
Sterke Hearke wie us oan it ploeijen. Doe kommen der trije man by him, dy moesten in stik of hwat dikke beammen op 'e wein lade, mar dat koenen se net rêdde. Dêrom fregen se Hearke syn help. It paste Hearke min, hwant hy hie it drok. Mar hy die de mannen har sin. It wie oan 'e Lange Wyk, flak by de herberch. Doe't Hearke dan de beammen op 'e wein laden...
nl.verhalenbank.17577
Sterke Hearke wie ris oan 't ploeijen op 't lân. Doe kom dêr in man by him op 't lân. "Wite jo ek hwer 't sterke Hearke wennet?" frege dy. Hearke hekke de hynders út en krige de ploege mei beide hannen beet. Sa tilde er him op en sei: "Dêr wennet er en hjir ha jo him." En doe hied er mei de ploege it hûs oanwiisd.
nl.verhalenbank.26219
Hearke wie boerearbeider by Bindert Japiks op it Bomkleaster. Hy en in oare arbeider moesten togearre lade. De oare arbeider spitte stikken los mei de splitlod, sa great as in tafelblêd. Hearke laedde dy stikken op 'e wein. Sy hienen sadwaende de wein gauwer fol as dat de man mei hynder en wein der wèr wie, dy't de dong nei 't lân brocht. Salang gongen...
nl.verhalenbank.26140
Hindrik de Boer wenne hjir yn 'e Harkema. Hy arbeide yn Grinslân op 'e klaei en wie altyd de hiele wike fuort. Tsjin syn wiif hied er sein: "Dû meist net by dyn folk komme, dat wol 'k bislist net lije." Hwant hy hie spul hawn mei syn wive folk. Mar op in joun, midden yn 'e wike, tocht se: "Ik wol der even sjen." En hja gong op stap. Mar doe't se sahwat op...
nl.verhalenbank.21565
Antsje Pluk wie 't roggewyfke. As omtrint it hiele stik rogge sichte wie, siet Antsje Pluk noch yn 't lêste hoekje.
nl.verhalenbank.21305
1