Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Alle Tet op 'e Bulten wie blau om 'e holle. Dêr koe men oan sjen dat in tsjoenster wie. Sy bitsjoende faek bern. Dan hienen se krânsen yn 'e kessens. As bern wienen wy binaud foar har. As wy har oankommen seagen, naeiden wy hurd út.
nl.verhalenbank.19526
Ik wie froeger in bulte by Ale Westra (= Aeltsje Schievink-Westra B65-14, 15, 16, 164) Dy har mem, âlde Ot dat wie in tsjoenster (Ale sèls giet der trouwens èk foar en har dochter èk). De minsken koenen har net bigripe hoe't ús mem it fortroude, dat ik kammeraetske wie mei Ale. Mar ús mem sei: "Der kin har noait hwat oerkomme, hwant sy hat in dûbelde...
nl.verhalenbank.21456
Hjir yn 'e Harkema wenne in feint, dy kom op in nacht fan 'e froulju werom. It wie sahwat 2 ûre en ljocht waer. Doe't er de doar achter him ticht die, seach er in lyts famke. Hy tocht dat it syn susterke Tryn wie.
"Soest my ophelje, Tryn?" frege er.
Mar sy sei neat. Sy gong deselde kant út dy't hy út moest, mar sy bleau in eintsje foar him op rinnen. Doe...
nl.verhalenbank.15531
De koe fan Oedze Willem (Stienstra) hat er ek bitsjoend. It dier wie sa bang foar him, as hy dêr lâns kom en de koe seach him, dan raesde er it út.
Oedze Willem syn bargen hat er deatsjoend. Sy woarden earst hielendal blau en doe stoaren se.
nl.verhalenbank.23530
De minsken wienen bang foar pake Hindrik Ophuis. Se hienen him allegear yn 'e rekken, omdat er tsjoene koe. Op in kear gong er nei Willem Hiemstra ta.
"Hy mat net by ús bargen komme!" rôp it wiif. Mar hy wie der al.
"Moaije bargen," sei er, "moaije bargen." En hy streake se mei de hân oer de rêch.
En dêr hienen jy 't al. De beide bargen woarden siik....
nl.verhalenbank.12317
Op 'e Skieppedrifte wienen 't by âlds allegear tsjoensters. Rikele Tsjerks (famylje fan Sterke Hearke) hie nachts in gripe by 't bêd stean. Op in kear wienen 't allegear swarte kaën by him yn 'e hûs. Doe doarst hy der net yn om 't iten fan 't fjûr to heljen. Dat liet er forbrânne.
nl.verhalenbank.23445
De minsken wienen och sa binaud foar âlde Ot. Hwant hja hat ûnderskate skiep en geiten en kninen ensa deatsjoend, by ús beppe en harren meast geiten. Dan struts se der mei de hân oerhinne. Beppe hat wenne by Bareld Hoogsteen. As Ot der oan kom sei Bareld, dy't boer wie: "Wy matte gau sjen, dat wy 't tsjernjen dien krije, hwant âlde Ot komt der oan. Dan...
nl.verhalenbank.21393
Ik naeide froeger by in bakker yn Surhuzum.
Dêr skean foaroer stie in boereplaets. Schors hieten de minsken dy't dêr op wennen. De boerinne brocht wol us sûpe by de bakker en harren. Ik wie doe sa'n achttsjin jier. De frou woe der gjin sûpe fan ha en de bakker ek net, hwant dy boerinne gong foar in tsjoenster troch, en dan koenen se wol us bitsjoend...
nl.verhalenbank.21394
Alde Fogel wie ek in tsjoenster. Frearke Fogel woarde se neamd. Doe't se dea wie en biklaeid woarde wie se hielendal slop.
Hja forkocht baelders. Wy trillen der oer as wy nei har ta moesten. Mem warskôge ús en sei: "Tink der om, nim noait in suertsje of sa fan har oan!"
nl.verhalenbank.23943
Alde Hindrik Pyk (= H. Ophuis) koe soldaetsjes marsjeare litte. Hy liet se op kommando út 'e hurddobbe weikomme. Syn eigen soan hat it my forteld. Dy wie bang foar syn heit. Hy fortroude him net, omdat er tsjoene koe.
"Ik pas altyd op," sei er, "dat ik it himd omkeard oan ha, hwant heit is ta alles yn steat."
nl.verhalenbank.22186
Doe't ik sa'n jonge wie en wy noch op 'e Hamster Ikkers wennen hienen wy jouns in bulte lêst fan katten om 't hûs hinne. Wy doarsten der soms alle trije net iens út to pisjen. De katten fleagen by ús doarren op en by omke en dy's krektgelyk.
Op in joun doe leinen wy al op bêd. Doe gong it der wer sa oanwei mei de katten, dat heit fljocht fan bêd ôf en hy...
nl.verhalenbank.21645
Ot har man, dat wie Hindrik Pyk ( = H. Ophuis). Dat wie ek in tsjoenster en hy hie de kweade hân.
Wy hienen in omke, dat wie Japik-om. Dy bearde us in kear, dat er nei de froulju ta soe. Mar hy gong nei de doar fan Hindrik en Ot. Mar hwat er dêr sjoen hat! Hy is achterstofoar fan 't hiem kom. Sa binaud wied er, hy moest it gesicht op har hâlde. Hy is der...
nl.verhalenbank.21387
Ot hat in soan hawn, dy hiet fan Karst. Dy soan is kom to forstjerren. De minsken wolle wol ha dat Ot himsels deatsjoend hat. Hwant der wurdt sein om 'e sawn jier mat in tsjoenster ien deatsjoene, oars giet se der sels oan.
Pake en Hindrik Tuinstra wienen de dragers fan Karst. Mar sy koenen de kiste der net út krije, der wie gjin rûmte foar. Hy koe net om...
nl.verhalenbank.21460
Us beppe wie froeger tsjinstfaem. Op in kear roan se mei noch in oar famke even nei hûs ta. 't Wie op in joun. Dat famke praette nochal lûd. Doe sei beppe tsjin har: "Wy matte net sa lûd prate, hwant ús Hindrik wyt alles as ik thús kom, hwat wy tsjin elkoar sizze."
Doe hie se sein: "As wy wer prate, mast ris achter ús sjen, hwant dat is ús Hindrik, dy't...
nl.verhalenbank.23528
Ot har man dat wie Hindrik Pyk (= Hindrik Ophuis). Dat wie ek in tsjoenster. En hy hie ek noch de kweade hân.
Wy hienen in omke, dat wie Japik-om. Dy hearde us in kear, dat hy soe nei de froulju ta. Mar dat died er net. Hy gong stikum nei de doar fan Hindrik en Ot. Mar hwat er dêr sjoen hat! Hy is achterstofoar fan 't hiem kom! Sa binaud hat er west. Hy...
nl.verhalenbank.21567