Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
De froulju wienen bang foar Jehannes Meerstra. Hwant as er it dwaen woe, liet er de froulju samar de klean útsakje. Dan stienen se neaken op 'e wei.
nl.verhalenbank.21119
Alle Tet fan 'e Harkema wie in tsjoenster. Dûmny Nieuwenhús fan Surhústerfean (= van de Nieuwenhuizen) krige wol iel fan Alle. Mar op in kear sei er, hy woe gjin wer ha.
It praetsje gong dat Tet, Alle syn wiif de iel bitsjoend hie. (Tet brocht de iel altyd nei dûmny ta.)
nl.verhalenbank.20216
In sekere Bouma, ôfkomstich fan Garyp, hie us nei Drachten ta west en moest nei Olterterp ta, dêr't er by de boer wenne. Doe wie der ynienen in wylde lantearne achter him west. Dy siet him achternei.
Hy fleach sa hurd er mar koe om dy wylde lantearne foar to bliuwen. Doe't er by de boer yn Olterterp op 't hiem wie, plofte er achter de hage del, alhiel út...
nl.verhalenbank.32439
Wibe Alma fan 'e Harkema wie ien fan 'e raersten. Hy leeft noch. Hy wie oan 'e duvel forkocht. Dat hat faek bliken dien. By nacht doarst er noait reizgje, hwant dan wied er wol in fearnsjier út 'e liken. Hwant by Piter Simensjonges achter 'e dyk kom in pleachbeest foar 't ljocht. Dat wie krekt in grouwe swarte houn en dêr moest Wibe dan mei fechtsje. Dat...
nl.verhalenbank.20217
Yn duveldrek skûlet blykber in aparte kracht. As ien duveldrek by him hat geane de hounen altyd op 'e loop. Dy wurde dan bang.
nl.verhalenbank.31495
Op it tsjerkhôf yn de Pein spoeke it. Us omke wie slachter, dy gong us op in joun oer it tsjerkhôf fan de Pein nei 't Swartfean.
Doe wie dêr in wyt spoek en dat siet him nei. Hy woarde sa deabinaud, dat hy hat it ridskip der mei forspile.
nl.verhalenbank.21192
As wy jouns let noch bûten wienen as bern, dan seinen se:
"Pas op, de berndieven pakke dy."
Kamen wy by 't wetter, dan wie 't: "Dêr sit in hiele greate frosk yn, dy is altyd lulk op bern."
nl.verhalenbank.32059
Der wie in boerefeint dy slepte yn 't búthûs achter de kij yn in bêdsté. Dy feint hie yn 'e nacht al in pear kear sjoen dat se ûnder yn 't bûthús ien biklaeiden, dy't stoarn wie. Hy koe net sjen hwa't it lyk wie en dat woe er doch graech wite.
Doe wie it wer in kear it gefal dat se mei 't lyk oan 't biklaeijen wienen. Doe gong dy boerefeint dêr mei de...
nl.verhalenbank.31633
Op 'e Hearrewei spoeke it. It wie in wite gedaente. It wie in manspersoan. Myn omke wenne yn 'e Wierren. Op in joun hied er nei de horloazjemakker west yn 'e Pein, omt syn horloazje net doogde.
Doe't er werom kom, siet dyselde yn 't wyt achter him oan. Alhiel út 'e liken kom omke thús.
Syn mem frege: "Hwat skilt dy?"
It spoek hie him oan 'e doar ta folge.
nl.verhalenbank.21187
Piter Poes wie de duvelbander fan Sumarreheide.
As jonges rôpen wy him achternei:
Piter Poes
mei de hannen yn 'e boes,
it himd op 'e teannen,
dêr komt Piter Poes oanfleanen.
Ik wie us mei in stik of hwat oare jonges op 'e Pasterijelânnen yn Sumarreheide. Ien fan myn maten sei sa: "Men sjocht Piter Poes tsjintwurdich noait." Hy hie 't net sein, of dêr...
nl.verhalenbank.12229
Greate Evert wie in spoek fan 'e Sumarreheide. Hy kaem jouns let achter de minsken oanslûpen en dan bûgde er fan achteren syn holle oer 't skouder fan 'e minske hinne. Hy wie ôfgryslike lang.
nl.verhalenbank.31631
Alle hounen wienen skruten foar Piter Poes. Al wienen 't nòch sokke lulke hounen, se soenen him noait hwat dwaen.
nl.verhalenbank.32316
Ik en myn suster wienen fan dy bern. Wy wennen yn 'e Burgumerheide en 't wie dy deis Burgumer merke.
Dêr woenen wy stomme graech hinne fansels. Mar, sinten hienen wy net. Doe sei ús mem: "Hjir ha jim in poarsje jirappelskilen." Dy koenen wy kwyt oan in minske dat se opkochte. Wy krigen der twa sinten foar. Doe hienen wy elk in sint.
Doe gongen wy nei...
nl.verhalenbank.20285
Der wie in skuonmakker, dy kom op in joun út 'e Trynwâlden wei. Hy hie aerdich hwat jild by him. Doe't er oan 'e Slachtebrêge ta wie, wie't krekt as lei 't him sa by dat der wol us guon wêze koenen dy't it op syn jild forsjoen hienen. 't Wie donker en 't wie in iensume wei. Dat hy tocht: "Ik gean hjir even ûnder 'e brêge."
En dêr wie't al sa. Hy hearde...
nl.verhalenbank.20332
Fan de duvel net bang
Dat ferhaal fan âlde Johannes van der Zee, dêr is destiids bot oer praat woarn. Hy wie fêst arbeider by Bonne Sjoerds. Hy wenne hjir op 'e heide (Sumar) en dan moast er de paden del (de Gariper kant út). Hy koe ek binnentroch gean, de Pastorijeloane del. It jout de measte eigenskip dat er dat die—dan moast er tusken de âlde diken en...
nl.verhalenbank.12961
Ien fan 'e Tike hat my forteld:
Ik (dit wie âlde Jan Potskipper syn wiif) stie op 'e reed. Ik rôp Pije en Hoeke, myn beide jonges, hwant wy masten ite. Der wie net in minske to sjen yn gjin fjilden noch wegen. Doe stie ynienen âlde Tryn achter my, mei in lekken om har hinne.
Ik woarde danige kjel en sei: "Dû âlde duvel, dû bist net gong, dû bist flein."
nl.verhalenbank.12234
't Lange Sleatter-mantsje hie in koarte broek oan en in hege hoed op. Hy hie yn froeger tiden in frou formoarde. By de krúswetters spoeke er altyd om.
De mieren pasten wol op, hwer't se har tinten delsetten. Altyd op in ôfstan fan it paed, dêr't er lâns gong.
Der wie us in skipper, dy gong dêr op in joun mei syn skip lizzen, krekt op it plak, dêr't it...
nl.verhalenbank.12231
Ien hat my us forteld: Ik stie op 'e reed. Ik rôp Pije en Hoeke, myn beide jonges, hwant wy moesten ite. Der wie net ien yn fjilden of wegen to sjen. Doe stie ynienen âlde Tryn achter my, mei in lekken om har hinne.
Ik woarde danige kjel. Ik sei: "Dû âlde duvel, dû bist net gong, dû bist flein."
nl.verhalenbank.22091
Ien roan de Swarte wei to Eastemar del. Hy wie foar net ien bang. It wie in swearder en in swetser.
Doe kom der in hiele greate keardel oan. Dy sei: "Bist hjir?" En doe sprong dy keardel him achter op 'e rêch. Hy woech as lead sa swier. Hy hat him oan 'e Mûzegroppewei ta sjouwe matten. 't Wie de kweade.
nl.verhalenbank.12226
Op in kear - 't wie de jouns let - kom ik thús fan 'e sjongforiening. Ik moest earst even nei de W.C., dy wie by de skuorre. Doe seach ik Nero dêr ús houn. Nero wie myn greatste freon altyd, mar doe't ik him op dat stuit seach, woarde ik deabinaud. Hy kom by my mei de sturt tusken de poaten. Ik doarst net nei him to sjen, sa bang wie 'k. Ik smiet de doar...
nl.verhalenbank.32915