Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
82 datasets found
Dutch Keywords: andersom
Yn Spyk (Grinslân) wenne in boer, dy moest in ûngetider ha. Hy gong nei Grins ta, dêr't de ûngetiders op 'e merk stienen. Mar hy wie hwat oan 'e lette kant, dat de measte ûngetiders hienen al plak krigen. Der wie net folle kar mar der stie noch ien mantsje, dy wie hwat bihyndich. De boer tocht: Dy kin net folle. Mar hy moest dochs ien ha, dat hy naem him...
nl.verhalenbank.38245
Yn Kûkherne wenne frou de Boer. Dat wie in kaertlizter. Dêr gongen wol gau us guon hinne om de kaert lizze to litten. Mar op in kear ha se har foun, doe wie har de nekke brutsen. Achterstofoar siet har de holle op 'e romp. Dat wie de straf foar 't kaertlizzen.
nl.verhalenbank.21476
Der wienen twa rovers. Dy woenen twa man oanfalle. Sy wisten dat dy jild by har hienen en dêr wie 't dy beiden om to rêdden. Se roannen de twa man tomjitte. Mar dy krigen dêr lucht fan. Se hienen gjin wapens by har en sy tochten: wy matte ús ergens forskûlje, oars gean wy der oan. Doe lei dêr in omkearde boat oan 'e kant fan 'e wei yn 'e berm. Dêr krûpten...
nl.verhalenbank.33516
Ek in kear, doe wienen alle hinnen bitsjoend, de swarte en de wite beide. De hinnen hienen de koppen op 'e rêch. Sy sieten der achterstofoar oan. Doe ha wy de koopman komme litten. Wy seinen: "Hwat gauwer fuort, hwat better." De koopman sei: "'t Sit ûnder 'e swarten." "Ja," sei 'k, "mar jo kinne se allegear wol krije, de witen ek. Hwant dy binne krekt sa...
nl.verhalenbank.21106
In nachtmerje koe in man wêze as in frou. By de froulju kom in man as nachtmerje, by de manlju in frommeske. Fan sawn op elkoar folgjende jonges of sawn op elkoar folgjende famkes wie ien in nachtmerje. It wie in boaze geest. Sa neamde myn wiif har beppe de nachtmerje ek. Dy hie de toffels altyd mei de hakken tsjin 't bêdsket oan. Op in kear, doe wie myn...
nl.verhalenbank.21138
In nachtmerje krijt jin mei de beide hannen by 't boarst beet. Ik ha faek ien by my hawn. Men mat de klompen omkeard foar 't bêd sette, dan komme se net, wurdt der sein. Fan 'e sawn famkes út ien húshâlding is ien in nachtmerje. Fan 'e sawn jonges út ien húshâlding is ien in wjerwolf. In wearwolf mat hwat forskuorre. In wearwolf kin troch 't kaeisgat...
nl.verhalenbank.33138
In nachtmerje komt troch 't slotsgat, sizze se. Ik set altyd de klompen noch achterstofoar foar de doar. Dan kin de nachtmerje der net yn rinne, sizze se. Ik lit foar de nacht ek noait in mes bleat op 'e tafel lizze. Ik stopje 't altyd wei ûnder 't thébledtsje of sa. In nachtmerje kin men noait fange, dy glipt jin altyd ta de hân út.
nl.verhalenbank.28041
Wie van de wratten af wil wezen, neemt een stopdraad (sajet) en doet daarin zooveel knoopen als er wratten zijn; men bindt vervolgens de draad om een boom en wanneer deze draad verrot is, zijn de wratten verdwenen; maar de betrokken persoon mocht niet weten waar de draad zat. Ook kon men ze verdrijven met een kraaienveer. Deze moet nadat men de wratten...
nl.verhalenbank.39616
Er was eens een wonderlijke man. Hij deed vreemd en de mensen waren bang voor hem; hij zou kunnen heksen. In zijn kussens kwamen vaak kransen voor. Toen hij op sterven lag had hij het erg benauwd. Na zijn dood, toen men hem ging kisten, zag men dat zijn hoofd verkeerd op de romp stond, een teken dus dat hij een heks was geweest.
nl.verhalenbank.43592
Us beppe wie froeger tsjinstfaem. Op in kear roan se mei noch in oar famke even nei hûs ta. 't Wie op in joun. Dat famke praette nochal lûd. Doe sei beppe tsjin har: "Wy matte net sa lûd prate, hwant ús Hindrik wyt alles as ik thús kom, hwat wy tsjin elkoar sizze." Doe hie se sein: "As wy wer prate, mast ris achter ús sjen, hwant dat is ús Hindrik, dy't...
nl.verhalenbank.23528
As bern it himd achterstofoar oan hienen, seinen de minsken: der hat in tsjoenster by him west. Dat mienden se echt.
nl.verhalenbank.33673
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje. Sy komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Men mat de toffels achterstofoar foar 't bêdsket sette, dan kin men se keare, wurdt der sein. In nachtmerje is altyd in frommes, noait in man.
nl.verhalenbank.25762
Ytsje Jelle en Tytsje Jelle wennen flak by elkoar. Hja hienen in duvelboek. Dat koenen se hast net kwyt wurde. Sy moesten it forkeapje. Sy lieten kabouters en soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dan lêsden se foarút. Lêsden se itselde wer tobek, dan gongen dy soldaetsjes wer ta de hurddobbe yn. Der wie ek in boer, dy hie sa'n duvelsboek; Hy wie op in...
nl.verhalenbank.24050
Us beppe (in Grinslânse) fortelde: Op it Westersân by Oldekerk yn Grinslân wennen trije âldfammen. Dat wienen tsjoensters. Sy woenen alle trije wol graech in man ha, mar sy krigen noait oansyk. Dat kaem omdat se de frije kúnst útoefenen. Der wienen trije gereformearde âlderlingen, dy woenen wolris wite, hoefolle dêr fan oan wie; fan dy duvelskunsten. Dy...
nl.verhalenbank.19700
Soms gebeurt it dat bern mei de helm geboaren wurde. Men mat dan it flues nei ûnderen ta der ôflûke. Docht men it krekt oarsom, dan mat it bern letter alles sjen. Pleechsusters yn 't sikenhûs stielen sa'n helm wol. Dy drage se by har. Dan binne se feilich. Se wurde ek wol forkocht. Dy't sa'n helm by him hat, dy is kûgelfrij. Se sizze dat alle frijmetslers...
nl.verhalenbank.32221
In nachtmerje kom yn 'e gedaente fan in frommes by 't bêd. De lju setten de toffels achterstofoar foar 't bêd, dan mienden se dat se der gjin lêst fan ha soenen.
nl.verhalenbank.33671
In nachtmerje komt nachts by jin op bêd. 't Is in frommeske. Men mat in hoasbân foar de bêdsplanke lizze en de toffels achterstefoar foar 't bêd sette, dan dogge se jin neat. Sy komme ta 't slotsgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.28133
Ik hie sèls àl sa'n lêst fan 'e nachtmerje. Doe sei myn man op in kear tsjin my: "Ast de nachtmerje nou wer fornimst, dan mast my warskôgje. Dan mast my in stomp yn 'e side jaen." Dêr kom de nachtmerje wer oan. Ik joech Sierd in stomp yn 'e side en doe is hy sa bot bigong to slaen, dat hy sloech de nachtmerje dwars troch de ûnderlegers hinne. De toffels...
nl.verhalenbank.21103
Skerne Wibe wenne yn 'e hoeke fan 'e Ingelumer dyk. Hy wenne op in forsterke pleats. 'Loopgraven' wie de namme. Dy Skerne Wibe wie in greate rover, dy't de hiele omgeving ûnfeilich makke. Hy hie de gewoante de hoefizers omkeard ûnder 'e poaten fan 'e hynders to slaen. Dat brocht de achterfolgers op in dwaelspoar. Se koenen him noait krije. Mar op 't lêst...
nl.verhalenbank.25617
Er was eens een schipper, die een schuit had, maar er zelf nooit in sliep. Hij, noch zijn knecht. Eens kreeg hij een nieuwen knecht en toen die 's morgens opstond, zag hij dat de schuit precies anders om lag, als hij hem den vorigen avond gelegd had. Hij vertelde dat aan zijn baas, maar die zei: "O, dat is niks, dat gebeurt alle nachten en daarom willen...
nl.verhalenbank.9417
35