Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
De nachtmerje kaem troch 't slotsgat. 't Wie in frommes. Men moest hinnegean en set de toffels omkeard foar 't bêd.
nl.verhalenbank.28102
As men lêst hie fan nachtmerjes moest men de klompen oarsom foar it bêd sette en moal struije. Foaral moal struije dienen se hjir in soad. In nachtmerje mocht neat meinimme. Meastal kommen nachtmerjes troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.19447
To Wierum wenne in feint, dy die 't altyd mâl. Hy spotte en flokte dat it net mear moai wie. Hy wie ek faek dronken. Op in joun kaem er by minsken yn 'e hûs. Dêr woed er graech ûnderdak ha foar de nacht.
Hy kaem yn 't bûthús to lizzen op strie.
Doe't se de oare moarns by him kamen, hied er de holle omkeard op 'e romp. De duvel hie him de nekke omdraeid.
nl.verhalenbank.28117
Piter Oenes Joukje wie ek in tsjoenster. Dy wenne ek yn Marum; 't wie in winkelsfrou. Dy hat ien deatsjoend.
't Wie in jonge, dy hie se alhiel yn 'e macht. Dat bern is oan 'e bonkjes ta meager wurden. It hiele doarp hie har yn 'e rekken. Der kom op 't lêst net ien mear yn 'e winkel.
Dat koe se min forneare fansels, en doe hat se har sels op it lêst ek...
nl.verhalenbank.33119
De manlju hjir seagen wolris yn 'e swarte spegel. Dat wie yn in tinte op 'e merken. Se koenen dan it wiif sjen, dêr't se mei trouwe soenen. Trouden se net dan kom der in deakiste foar. Sy moesten achterstofoar wer út 'e tinte wei.
nl.verhalenbank.25784
Minse Griper fan Boelensloane - myn âldomke - hie in toverboek. Dêr hied er ris yn lêzen. Doe wie der fan alles op 'e lappen kom. Doe moest er alles like hurd werom lêze.
Mar dat koed er sa hurd net. Doe wienen de roeken allegear al om him hinne yn 'e hûs west.
Hy hie fan alles al prebearre om tiid to winnen. Hy hie earten en beannen trochinoar mingd, mar...
nl.verhalenbank.25592
Yn Peasens wenne in smid, dy hat ris in kear in hynder bislein. Mar de oare deis sieten de hoefizers der alle fjouwer achterstofoar ûnder. Dat hynder wie bitsjoend, 't wie in spookhynder.
nl.verhalenbank.27838
Ik wie noch yn 'e hûs en 'k lei op bêd. Doe hearde ik de nachtmerje oankommen. Hy kom troch 't kaeisgat. Ik hearde him dúdlik stappen. Doe sprong er op bêd en hy gong oer myn fuotten hinne. Op 't lêst doe hied er my al.
Hy hat faek by my west.
Sy sizze wol dat de nachtmerje ien fan sawn dochters is.
Der wurdt wol sein dat men de klompen forkeard foar de...
nl.verhalenbank.25752
In nachtmerje is in frommeske. Hja komt troch 't slotsgat. De minsken setten de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan, dan hienen se der gjin lêst fan, woarde der sein.
nl.verhalenbank.28316
Da weet ik nog wel, da iemand vertelde 's morgens al de koeie achterstevore in de stal. Da was ok teuverij.
nl.verhalenbank.125656
Vroeger drèjde ze ’n spiegel aanders um, as ’r ’n dooie in huus was. Of ze dejen ’r ’n doek umhin.
nl.verhalenbank.50450
Om nachtmerjes to kearen sette men de skuon of de klompen omkeard del. Dat die myn broer altyd.
nl.verhalenbank.24104
Yn Hantumer Utbuorren wenne in skatrike boer. Dat wie Jan Douma. Op in moarntiid kom er fan 't bêd doe stienen de doarren allegear iepen en alle kij stiene achterstefoar op 'e stâl. De tsjernmoune hie de hiele nacht draeid. It hie de hiele nacht in stik lawaei west.
nl.verhalenbank.23130
Der binne guon, dy binne kûgelfrij. Ik haw in feint kend, dy skeaten se dwars troch 't lichum hinne. Der kom net in drip bloed út. Hy is noait opereard of hwat ek. Dy wie kûgelfrij. Frijmitselers binne èk kûgelfrij, sizze se.
De frijmitselers fûstkje mei twa fingers. Sy geane achterstefoar yn 't gebou, dêr't se forgaderingen yn hâlde.
Om 'e sawn jier...
nl.verhalenbank.26128
Om gjin lêst fan nachtmerjes to hawwen setten de lju de toffels achterstofoar foar 't bêd del.
nl.verhalenbank.27988
Se seinen froeger: in nachtmerje, dat is in frommeske. Dy komt troch 't slotsgat yn 'e hûs en giet sa nei har slachtoffer ta. Men koe har keare troch de toffels achterstofoar foar 't bêd to setten of troch moal op it gesicht to struijen. Se komme ek by hynders. Dy dieren ha dan de oare deis de moanjes yn 'e tiis.
nl.verhalenbank.33645
Der kom yn Haulerwyk yn 'e herberch in man, dy bistelde twa buorrels. De kastlein sette twa romers mei jenever foar him op 'e tafel del. Doe nom dy man earst de iene romer, dy rikke er ien ta oer syn linkerskouder hinne, mar net ien koe dyselde sjen. Doe dronk dy man syn eigen romerfol op.
De romer fan de ûnsichtbere nom er wer oan en der kommen twa lege...
nl.verhalenbank.25966
Dy't yn in swarte spegel seach woarde it portret fan syn takomstich wiif gewaer. As er net trouwe soe krige er in deakiste to sjen.
Sa'n swarte spegel stie op 'e merken yn in tinte. De minsken moesten achterstofoar wer ta de tinte út gean.
nl.verhalenbank.27368
Op it Godloas Tolhûs hat froeger in man wenne, dy neamden se Germ Godloas. Dat kom omdat er sa forskriklik flokte en die. Germ Godloas wie frij hwat siik. Der sieten twa man op in nacht by him to wekjen. Doe gongen dy beide mannen der even út. Doe't se der wer yn kommen, doe hie Germ Godloas yn 'e hoeke fan 'e keamer stien, mei de nekke omdraeid. Dat hie...
nl.verhalenbank.25542
Der wenne yn Wierum in man, dat wie in greaten spotter. Hy woarde siik en lei op bêd. Op in nacht skreau/raesde er hiel bot. Der wie net ien dy't nei him ta doarst omt it sa raer klonk. Sa bot gong er to kear. Sy standen it net.
De oare moarns lei de man dea op bêd mei de holle achterstofoar op 'e romp. Dat wie it wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.27962