Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Sterke Hearke krige de ploege by de sturt beet. De ploegen hienen doe mar ien sturt.
Hearke luts allinne in foer dong út it skerngat wei.
Op in kear wie Sterke Hearke oan 't meanen. Hy tochte: "Hwat wol dat min." Doe hied er al in hiel stik ôfmeand. Hy nei de seine sjen en hwat wie doe 't gefal? Doe siet de fuorring noch om 'e seine hinne.
nl.verhalenbank.20969
Sterke Hearke wie arbeider by in boer. Der moest in foer hea ta de skuorre yn. It hynder koe 't net dwaen, hwant it foer hea wie hwat wiid opset, it krige kear by de yngong. Doe soe Hearke it der dan ynlûke. Hy krige de wein foar by 't tiksel beet. De oare arbeiders soenen achter skouwe. Mar dy praetten meiïnoar ôf, sy soenen oan 'e fjilden hingje. "Dan...
nl.verhalenbank.27751
Op in kear wie Hearke oan 't dongmennen. Hy hie in âld hynderke foar de dongwein. 't Wie by him thús. Mar 't âld-hynder koe de wein mei dong net út it skerngat krije. Doe sei Hearke: "Ik sil de brune even helpe." Doe hied er de wein der allinne út lutsen.
nl.verhalenbank.27710
Op in kear wienen in moai keppeltsje manlju der mei dwaende in hiele swiere beam op 'e wein to tillen. Mar dat woe har net slagje, de beam wie 't folkje to swier. Doe kom Hearke der oan. Hearke sei: "Wachtsje mar, ik sil jim wol even helpe."
Doe tilde hy allinne dy swiere beam op 'e wein.
Doe't de beam dêr goed en wol lei gongen de manlju nei de herberch...
nl.verhalenbank.27712
Sterke Hearke en syn broer hienen in âld hynder en dêr fuormannen se mei. As it gebeurde dat de ladene wein yn in bidelte stie en it hynderke koe him der net weikrije, dan spanden de beide mannen it hynder út en lutsen sels de wein dêr wei.
nl.verhalenbank.33729
It gebeurde op in kear dat in stik of hwat mannen in rest beammen kapten. Der wie ien hiele dikken by. Even letter wienen se oan 't skreppen om dy iene grouwe beam op 'e wein to krijen. Mar dat koenen se net rêdde.
Doe kom Hearke der oan. Hy sei: "Lit my ek mar ris prebeare." Hy krige de beam en lei him op 'e wein. Pûr allinne. Mar de boom fan 'e klompen...
nl.verhalenbank.32964
Alde Taeke van der Meer fan Houtigehage wie tige sterk.
Der wienen ris seis man - allegear fan 'e Houtigehage - mei de spoarlijn oan 't wurk fan Zoutkamp nei Winsum ta.
Sa't ik sei, Taeke wie o sa sterk, mar sa't dat mei sterke lju wol mear it gefal is, hy wie hwat oan 'e trage kant.
De útfoerder wie gleon-hastich en skelde oeral op om.
Op in kear doe wie...
nl.verhalenbank.32962