Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Der wie in faem, dy wie o sa moedich. Hja tsjinne by in boer en boerinne. Dy wienen us fuort togearre. Doe bleau dy faem allinne thús. Dy moest op it hûs passe. Doe kommen dêr dy nachts rovers. Der siet in gleske yn 'e doar. Ien fan 'e rovers die dat iepen en stuts syn holle der troch. De faem houde mei in swurd de kop der ôf en sette dy kop op 'e tafel....
nl.verhalenbank.19309
Der wenne in man yn Marum, dy wie arbeider op 'e molkfabryk. Dy man dy flokte altyd sa skandalich, dat it wie in griis der nei to hearren.
Op in kear doe wied er allinne yn 'e fabryk. Doe is de duvel by him kaem en dy hat mei him fochten. Dat wie skoan to sjen, doe't se him even letter dea founen.
nl.verhalenbank.33124
Janne Durkje hie har man Jan hiel min bihandele. Sy doarst nachts noait allinne to wêzen doe't se har man yn 't graef hie. Alle nachten gong har man letter yn 't swart klaeid mei in lange jas oan en in hoed op nei de souder ta.
Dan dindere it théguod en 't gong der sa bot op 'e souder om wei, dat sy koenen it op 'e wei hearre.
nl.verhalenbank.38698
Yn Twizelerheide wenne in hiele sterke keardel. Dat wie in sekere Veenstra. Dy luts samar in weide hea allinne fuort.
nl.verhalenbank.38088
Op 'e Wâl stie in hûs, dêr spoeke it yn. It gong der altyd heislik oan wei yn dat hûs. Sa fleach der op in kear in stik fjûr dwars troch 't hûs hinne. As de man deis fuort wie, doarst it minske der net allinne mei de bern yn to wêzen. Dan gong se der mei de bern út, sa bang wie se.
Op 'e souder stie in kachel, dy soenen se dêr us wei helje. Mar doe't se...
nl.verhalenbank.19633
Myn oerbeppe kom ris op in kear fan 't Wytfean. Sy moest rinnende nei Eastemar ta en 't woarde al skimerich.
Hja gong in sanpaedtsje del, by de diken lâns. Hja hie in smel-gouden earizer op. Doe seach se twa man oankommen. 't Wie doe in rare tiid, der woarde rounom roofd en stellen. It wie krekt, as woarde 't har ynjown dat dat twa rovers wienen. Mar sy...
nl.verhalenbank.28388
To Surhuzum ha se yndertiid it heilich avondmaal fierd yn 'e kroech. It gong hiel bot op in spotten. Der wie ek in man by, dêr hat Albert Buma in dochter fan troud. Dy hat der doe sa fan lâns krige, doe't er út 'e kroech weikom, dat hy doarst letter net heal wer allinne de lannen yn. Dan moest der altyd ien mei him rinne. Sa bot is er doe smiten woarn.
nl.verhalenbank.21230
Doe't ik noch yn Tolbert wenne mei myn man gebeurde 't faek dat myn man hiele skoften fuort wie nei de Grinzer klaei to flaechsteppen of nei de Fryske klaei to meanen en to ûngetiidzjen.
Dan wie ik allinnich thús. Myn buorfrou sei us in kear tsjin my: "It spûket yn jimme hûs (dat is nou sechstich jier lyn).
Doarre jo dêr allinne to wêzen?"
Doe bigong ik...
nl.verhalenbank.27484
Der wienen ris in man of fjouwer oan it houtladen op in wein to Bakkefean. Dat woe net. Se koenen 't net oprêdde om de grouwe stammen op 'e wein to krijen.
Dêr kaem sterke Ynse oan.
"Dû koest ús krekt even helpe", seinen se tsjin Ynse.
"Goed", sei Ynse. Doe smiet Ynse de beamstammen hielendal allinne ien foar ien op 'e wein. Doe't dat dien wie gongen dy...
nl.verhalenbank.37130
Der wie us in doomny, dy hie de sneins preke. Yn dy preek hie er it jongfolk it mannewaer opsein. It jongfolk brûkte in soad drank, sy flokten en fochten en alsamear. Sa wie 't ek.
Twa fan dy mannen koenen dat net sette. Se wienen sa pûrrazend, dat sy woenen him fan kant meitsje.
Op in joun stjûrden se in boadskip nei de pasterije ta dat der wie in minske...
nl.verhalenbank.12341
Alde Ljibbe' Wemel wie fan 'e duvel biseten. Har man gong tiisdeis nei Grins ta, nei de merk. Dan moest har broer by har komme hwant sy doarst net allinne to wêzen. De katten sieten by har yn 't finsterbank to miauwen en fleagen by de glêzen op, as se der net ynkommen. Ienkear wie der in stik lawaei by har op 'e souder. It wie krekt as woarde der in...
nl.verhalenbank.21361
Muis als heks
Ge had vruuger, waor ik gewond heb, nogal wa mense die d'r aon geloofde. Nou kende ik un femilie, die hadde drie dochter, Sjoke, Jaans en Janneke, en die geleufde d'r ok aon. Jaans heet 't me zelluf gezegd, toen was ik virtien en zij in de zeuvetig. Jaans ging op zekere kir naor d'r grootmoeder toe, en ze wou toen allenig naor huis toe. Nou...
nl.verhalenbank.41694
Werkgeesten:
Op de boerderij “Ungerste Kaostalle” in het gehucht Oijen, woonden 2 knechten, waarvan er een naar Belfeldse kermis wou gaan. De boer had hiertegen bezwaar, en gaf de jongens zoveel werk, dat ze geen kans zouden krijgen. Ze moesten een groot perceel uitgereden stalmest gaan breken. De knecht ging mokkend met zijn jongere collega naar het...
nl.verhalenbank.63724
De mem en beppe fan myn skoanmem soenen op in jountiid nei de tramhalte ta yn Nyegea om harren man (en heit) ôf to heljen. Sy wisten noait hoe't er thúskomme soe, hwant hy brûkte wol us drank en dan wie 't net fortroud, dat er allinne roan. Doe seagen dy twa froulju ûnderweis yn 'e Wierren (ûnder Nyegea) skippen farren op it lân. Letter is dêr in feart...
nl.verhalenbank.12308
Doomny de Kok fan Ulrum, de man fan 'e ôfskieding, hie earst in protte fijannen.
Op in joun woarde er roppen by in siken. Hy gong fuort op stap. Hy moest oer in planke.
Under dy planke leinen twa jongfeinten. As hy op 'e planke stapte, soenen hja de planke omwippe en dan soe er yn 'e feart tolânne komme en fordrinke. Sy wienen ek deselden dy 't biricht...
nl.verhalenbank.23892
Ds. van Velzen fan de Ham (= Droegeham) woarde us op in joun warskôge, dat der wie ien tige siik en hy woarde frêge dêr by dy sike to kommen.
It wie al let en hiel min waer. De húshâldster rette it him ôf. It waer wie to min, sei se.
Mar doomny sei: "Ik gean hinne."
Doe kom er by in brêge. Dêr sieten trije man forskûle, dy woenen him deameitsje.
Mar doe't...
nl.verhalenbank.21920
Der wie us in man, dy woe nei Sterke Hearke ta. Mar hy wist net hwer't er wenne. Doe seach er in man dy wie op 't lân oan 't ploeijen. Hy frege him: "Kinne jo my ek fortelle, hwer't Sterke Hearke wennet?"
"Jawol", sei dyselde, en hy krige de ploech fan 'e groun en wiisde dêrmei nei in hûs.
Sjoch, dat hûs, dêr wennet Sterke Hearke," sei er, "en dit is de...
nl.verhalenbank.28044