Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Reid Keuning fan 'e Tille koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy liet er dan op 'e tafel marsjeare. Hy koe ek in flesse drank komme litte mei in kaert. 't Wie spiritisme, duvelskunsten.
nl.verhalenbank.20367
Heit en Mike Ruerd kommen ris togearre fan it Jachtfjild út 'e kroech. Ruerd hie 't wer raer dien en noch raerder hied er 't opsein. Togearre roannen se op hûs oan. Doe't se in eintsje op stap wienen, de bakker Rienk de Boer krekt foarby, doe woarde Ruerd ynienen by heit weinom en dwars troch de beamwâl hinne smiten.
Hy klaude wer út 'e wâl en heit bleau...
nl.verhalenbank.28813
Op in kear wied er op 'e merke yn Droegeham. Dêr wied er hinne gong to gûcheljen. Doe wie der ien fan 'e Harkema, dy hie wol sin oan in buorrel. Mar hy hie gjin sinten. Doe sei Imke: "Hjir hast in goune." Doe joech er dyselde in goune. Mar dy liet him fuort wer falle, hwant dy goune brânde him de hân hast út elkoar, sa gleonhyt wied er.
nl.verhalenbank.20042
Reid Keuning hie wol faek hwat to folle op. Hy wie fytsmakker en wenne yn Koatstertille. As er tofolle buorrels op hie nom er meastal minsken mei yn 'e hûs. Faek jongfolk. Dan sei er: "Kom op, duvel."
Dan kommen der soldaetsjes út 'e hurddobbe tofoarskyn.
Hy liet ek samar in flesfol drank komme.
nl.verhalenbank.20055